In foarstelling tusken it porslein

ELSKE SCHOTANUS – 

Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt. Gastregisseur Jos van Kan hat de boarden út de museumkelders útselektearre. Sels hat er in achttjinde-ieusk hûs en it is dêrom dat er keramyk sammelet út krekt dy perioade, meast Sineesk. Leafdefol wiist er ien fan de stikken oan: ‘Het bord met het visje is Ming.’ Hy wist op it kleurferoaring yn de opstelling, fan blau – mei it grutste board pontifikaal yn ’e midden – nei wyt, inkelde wite stikken ha reade aksinten. Guon boarden lizze op ’e kop, want, sa seit er, ‘de achterkant is even belangrijk’.

Doe’t Ira Judskovskaja oansteld waard as artistyk lieder hie er, ûnder de yndruk fan har wurk, in iepen sollistaasje skreaun en sa komt it dat Jos van Kan, dy’t in soad ûnderfining hat as regisseur fan opera en muzykteater, yn binnen- en bûtenlân, inkelde stikken foar Tryater makke hat: ‘Down South’ en ‘De Presidentes’. Twa jier lyn hie Ira him frege wêr’t er de folgjende foarstelling oer meitsje wolle soe. Daliks wist er: keramyk. Yn 2012 hie hy foar it Hollân Festival ‘Het meisje in de rode kimono’ makke, in kombinaasje fan dûns, film en muzyk mei op it poadium Breitners skilderij út de kolleksje fan it Stedelik Museum. ‘Zo is het publiek er zeer zintuiglijk mee verbonden.’ Der wie soarchfâldich mei omgien en dêrmei hie er fertrouwen wûn. Wat ‘Brekber’ oangiet, hy frege him net ôf oftst midden tusken it porslein wol in foarstelling meitsje kinst. ‘Je moet mensen vertrouwen en aan bepaalde constanten voel je dat het gaat lukken.’

‘Je moet mensen vertrouwen en aan bepaalde constanten voel je dat het gaat lukken.’

Al is ‘Brekber’ in stik dêr’t it by om de tekst giet, hy siket altyd nei cross-over. By it lêzen fan de tekst dy’t Jeroen van der Berg skreau en it oereidzjen fan de nammen fan de spilers, wist er: ‘hier zit een mogelijkheid’. Tegearre mei Ira Judskovskaja makke er de kar. ‘Zij kent de Friese spelers. Ze heeft een pool van mensen en let heel erg hun ontwikkeling. Ze is de baas, maar zó dat je je gewaardeerd en gezien voelt. Een topwijf.’ Jos gniist. ‘Dat woord mag ik misschien niet gebruiken, maar ik kan het weten: ik heb veel vergelijkingsmateriaal.’

De wichtichste rol is foar Aly Bruinsma dy’t Wieke Meinsma spilet, in âlde dame dy’t, yn de wittenskip dat sy net lang mear te libjen hat, har komplete samling porslein oerdwaan wol oan it museum en dêrby yn konflikt komt mei de konservator (Marjolein Ley), in jonge frou dy’t in oar, moderner, belied fiert as har foargonger en allinne belangstelling hat foar inkelde topstikken. Spilet Aly Bruinsma yn it Frysk, har tsjinspylster docht dat yn it Nederlânsk. Michaël Bloos, as de beppesizzer dy’t rjocht op de erfenis hat, praat beide talen en Klemens Patijn praat Dútsk. Piano spilet er ek: ‘En daarmee viel alles samen.’

Alles wat mei Azië te krijen hat sprekt de regisseur oan. Syn earste reis dy kant op hat in kearpunt yn syn libben west. ‘Ik wil mijzelf geen boeddhist noemen, maar het zijn in een boeddhistisch land … het is de levenshouding die mij inspireert.’ Hy studearre Taiwaneeske opera yn Taipei en sûnt bringt hy alle jierren inkelde moannen yn Azië toch. ‘We zijn bezig met het voorbereiden van een Japans-Nederlandse coproductie, een opera van componist Rijndert van Woudenberg die in 2016 in Nagasaki in première gaat. Men denkt dat ik Aziëspecialist ben. Het helpt als je de boeddhistische geschriften kent, maar het is niet één cultuur. Toch denkt men, als er een brug geslagen moet worden, bellen we Jos.’

‘Wieke Meinsma,’ seit er, ‘verhoudt zich tot de Aziatische esthetiek via het porselein.’ Dy ferhâlding hat, sa blykt út it ferhaal, ek sa syn skaadkanten, want minsken hat sy net om har hinne. Har neisten hat sy yn de steek litten en al har leafde sit yn de samling, 888 stikken, it Sineeske sifer dat foar gelok, foar ûnstjerlikheid stiet. ‘Heeft iets waarde, los van eigendom?’ freget de konservator Wieke as it op in stuit oer de Sineeske keunstner Ai Wei Wei giet dy’t kostbere fazen oerskilderet of mei opsetsin falle lit om sa de wearde fan keunst en kultuer yn ’e kiif te setten. Wieke, as hertstochtlik samler en kenner, is fansels ferûntweardige oer sok hâlden en dragen. ‘Als je iets bezit,’ leit de kurator har it fjoer oan de skinen, ‘mag je er dan naar eigen goeddunken over beschikken?’ As Wieke Meinsma ôfkart wat Ai Weiwei mei syn fazen úthellet, wêrom soe sy mei har samling dan ál dwaan en litte kinne wat sy sels wol?

 

Brekber: oant en mei 8 febrewaris yn keramykmuseum Prinsessehof.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.