Taalryk Fryslân

‘Taalryk Europa – belied en praktyk yn Fryslân, Nederlân en Europa’, in sympoasium by de Fryske Akademy yn Ljouwert, op 13 maart.
It Language Rich Europe projekt hat taal en taalbelied ûndersocht yn mear as tweintich lannen en regio’s. Ut it ûndersyk docht bliken dat meartaligens yn Nederlân noch fierder ûntwikkele wurde kin: de oerheid leit de klam op it Nederlânsk, yn it ûnderwiis wurdt in beheind spektrum fan frjemde talen oanbean en ymmigrantetalen komme net oan bod. Dêrfoar is de posysje fan it Frysk better ferankere en it Frysk makket fêst ûnderdiel út fan it ûnderwiis; mar al nei’t de learling âlder wurdt, is der minder omtinken foar de taal. Yn oare domeinen bestiet ek belied dat spesifyk op de Fryske taal rjochte is. It Frysk liket dus as foarbyld tsjinje te kinnen foar oare talen, mar is dat wol sa? Op hokker mêd kin noch folle mear wûn wurde foar it Frysk? En yn watfoar sin kin it (belied oangeande it) Frysk as foarbyld tsjinje op nasjonaal en faaks ek ynternasjonaal nivo?
Mear ynformaasje is hjir te finen.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.