De syktocht nei de swarte ridder

ALBERTINA SOEPBOER –  

De fraach dûkt sa út en troch wer op. Wat moat in lytse taal as it Frysk mei oersettingen út de wrâldliteratuer? Sa’n fraach giet oer wat wy literatuer fine en wat wy dêr mei wolle. Oersettingen binne in ûnferfrjemdber ûnderdeel fan literatuer. In literatuer kin allinne bloeie en betsjutting krije as foar oare literatueren de doarren wiid iepengeane. In literatuer, seker in lytsenien, hat ferlet fan sokke doarren, omdat de wrâld en de taal dêr in stik grutter fan wurde.

 

Wite midsieuwen
At ien yn it Frysk in protte doarren iepenmakke hat, dan is dat oersetter Klaas Bruinsma, in karwei dêr’t hy in Sulveren Anjer foar kriich fan Keningin Beatrix. Moriaan, de Swarte Ridder, de oersetting dy’t Bruinsma makke fan in ridderroman, is in prachtich foarbyld fan hoe’t it oersetten fan literatuer de wrâld grutter makket. Yn it foarste plak is de midsieuske Moriaenin Arthurroman, dy’t fertelt oer de aventueren fan kening Arthur en syn ridders. It hânskrift fan de Moriaenis in deel fan de saneamde Haachske Lancelotkompilaasje, in rige fan tsien Arthurromans dy’t tusken 1325 en 1350 op skrift steld binne. De taal fan de Moriaen is it Noard-Westflaamsk, it dialekt fan de stêd Brugge, en as auteur wurdt Lodewijk van Velthem neamd.

Wa’t de oersetting lêst, kin rekkenje op al de wenstige eleminten fan in ridderroman yn de tradysje fan kening Arthur: ridders op syktocht, jongfroulju yn need, fjochterij, meunsters, hearremiten en de hillige graal fansels. Geweld en besef fan sûnde wikselje inoar yn heech tempo ôf, it gefolch fan de ridders har wurk foar kening Arthur én foar God. Mar ien ding is oars as oars: de haadpersoan fan dizze ridderroman is swart. As twa ridders fan Arthur syn rûne tafel haadpersoan Moriaan foar it earst treffe, stiet der: “Hy wie alhiel swart fan bestek / Syn holle, lea en hannen, yn ’t koart / útsein syn tosken alles swart.” Moriaan is in rûchhouwer en fjochtet fuortendaliks mei Lancelot, mar Walewein wiist him teplak en leart him dat fjochtsjen net altyd it juste middel is. Moriaan is op in queeste, fernimme se al gau. Syn heit is de ridder Aglawal, dy’t fuortgien is nei’t syn mem fan him swier rekke wie. Mei de ridders bedarret Moriaan yn in wrâld dêr’t minsken earst deadsbenaud binne foar syn donkere uterlik, mar Moriaan bliuwt gjin bûtensteander. Hy sil leare hoe’t er in ridder wêze moat, hy fynt syn heit, helpt kening Arthur, en op it lêst trouwe syn heit en mem ek noch in kear.

Sa kinne wy úteinlik de swarte ridder maklik yn ús tradysje fan ridderromans opnimme. Want hoewol’t earst Moriaan de oare is – hy is swart en in rûchhouwer – past er him hyltyd mear oan oan it dekor fan kening Arthur en syn ridders. Hy wurdt sels in ridder én in echte soan fan syn heit. Alles liket dêrmei keurich rûn. Mar is dat wol sa? In literêre tekst docht altyd mear as de wrâld befêstigje sa’t wy him kenne. Kinne wy miskien in doar iepensette dy’t ús in oar perspektyf op de roman jout en dêrmei ús eigen wrâld grutter makket? Want wêr komt Moriaan eins wei?

 

Oare midsieuwen
Moriaan hat syn namme te tankjen oan it Spaanske wurd moro. Dat ‘moro’ hat yn it Spaansk ferskillende betsjuttingen. Sa betsjut it ‘út Noard-Afrika’ en ‘mohammedaansk’. Doe’t de Moriaen op skrift set waard, waard foaral it suden fan Spanje al ieuwen bewenne troch de Moaren, dy’t oarspronklik út Noard-Afrika kamen en moslim wienen. De Moaren wienen dêr ta in hechte mienskip wurden mei de Joaden en de kristenen. Mar dy multykulturele mienskip avant la lettre, dy’t op it mêd fan wittenskip, religy en kultuer in grutte bloei trochmakke, stie ûnder druk. Ut heel Europa kamen krúsridders nei Spanje ta om te fjochtsjen tsjin de Moaren, dy’t yn har eagen heidenen wienen. Troch it stribjen fan Kastilïe (de regio dêr’t Madrid yn leit) om ta in grut Spanje te kommen, waarden de oarloggen tsjin de Moaren hyltiten grutter en grimmitiger, oant se yn 1492 ferslein waarden en út Spanje deportearre waarden of har ûnder twang bekeare moasten.

Dé grutte Spaanske ridderroman út de midsieuwen El Cid lit wat sjen fan dy lange en fûle striid yn Spanje tusken moslims en kristenen, mar ek hoe nau at de bannen tusken har wienen. De Cid fjochtet foar syn baas tsjin de moslims en hy is sels in kristen, mar likegoed is syn namme in ferbastering fan it Arabyske ‘sayyid’, wat ‘hear’ betsjut. Yn de ridderroman, dy’t yn it Kastiliaansk skreaun is, wurdt alle war dien om dat Moarske fan de Cid fuort te skriuwen, mar fan de histoaryske Cid is bekend dat hy net fan ien partij wie en ek foar de Moaren focht. Soks koe fansels net yn it Kastiliaanske, dêr’t se no krekt yn har stribjen nei in grut Spanje har kaarten op it kristendom set hienen. Kastilië soe úteinlik winne en dêrmei it kristendom, mar ferdwûn wie dat oare Spanje net. Allinne de titel fan de grutste ridderroman yn Spanje lit al sjen dat de wurklikheid heel wat minder wyt wie as dêr’t de tekst ús fan oertsjûgje wol.

 

 

Hjoeddeiske ridders
Goede literatuer, ek yn oersetting, stelt fragen oan wat wy sjogge as ús eigen wurklikheid. It lit ús ûnderfine dat wat wy tinke faak behyplik is en dat der altyd in doar iepen kin. Sa docht Moriaan alle war om him oan te passen oan it hôf fan kening Arthur, mar hy hat ien handicap: hy is swart. Wêrom docht Moriaan dan doch sa syn bêst at de kleur fan syn hûd sa allesbepalend is? Wol hy sa graach op in wyt minske lykje? En wat seit dat oer hoe’t minsken inoar akseptearje as minsken? De fragen binne pynlik aktueel. Moriaan hat kwa namme en ôfkomst in protte fan de Spaanske Cid, dy’t witer en kristliker makke is foar syn ridderroman as dat er feitlik wie. De Cid syn Moarske ferline waard ek skrast, sa’t Kastilië him brûke koe as nasjonale held. Us saneamde yntegraasjepolityk, sa leare dy ridderromans ús, hat djippe woartels yn Europa. Wy akseptearje in minske faak net as minske, mar betitelje him as in oarenien fanwege syn kleur fan de hûd of syn leauwe. Dat ekstreem-rjochtse politisy graach ferwize nei ‘de striid tsjin de islam’ yn de Spaanske midsieuwen om harren haat tsjin de moslims in grûn te jaan, is al like pynlik. Feitlik wie de striid tsjin de Moaren net in striid om religy, mar om macht. Lykas dy politisy feitlik net yn religy ynteressearre binne, mar yn it spul fan macht en ûnmacht. Oersettingen as dy fan de Moriaan meitsje dúdlik hoe djip at sok ‘oar’ tinken yn ús mienskip bewoartele is, mar, en dat is miskien noch wol wichtiger, se meitsje ús der ek bewust fan. Wa’t mient dat Fryslân gjin oersettingen fan wrâldklassikers nedich hat en dat sokke oersetters gjin prizen hoege, dy misgunt de Frysklêzers de mooglikheid om fia literatuer yn har eigen taal har bewust te wurden fan wa’t se binne as minske. Wa’t mient dat Fryslân gjin oersettingen fan kwaliteit nedich hat, jout syn lêzers in talich Fryslân dat him op ien terp ôfspilet. Dat is op dit momint fan grutte krisis yn de literatuer miskien oersichtliker en goedkeaper, mar jout foar de takomst gjin inkeld perspektyf foar de literatuer. Ik soe sizze: iepen mei dy doarren en ynvestearje yn literêre kwaliteit fan oer de grinzen. Doar ferhalen oer te setten dy’t oars as de ferhalen fan ús eigen terp binne. Lit mar sjen hoe’t swarte ridders altiten wer opdûke. Sa wurdt ús wrâld in stik grutter.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.