Sykje nei ‘De schoenmaker’

THOM MERCUUR –

Yn 1969 fertelde keunstskilder Boele Bregman (1918-1980) my dat der eartiids yn Drachten twa skuonmakkers wennen dy’t befreone wienen mei de skilder Theo van Doesburg (1883-1931) en de Dútske dadaïst Kurt Schwitters (1887-1948).

Yn 1970, ik wie yntusken konservator wurden fan it Coopmanshûs yn Frjentsjer, kaam ik wol gauris yn Drachten en dêr trof ik doe minsken dy’t net allinnich de Rinsema’s noch kend hienen, mar ek Theo van Doesburg en Kurt Schwitters. Dy bysûndere freonskip en fansels in mienskiplike besieling ha derfoar soarge dat der op 13 april 1923, de jûns om acht oere yn Hotel De Phoenix yn Drachten, in dada-jûn west hat. De entree wie ien gûne.

Thijs Rinsema skildere de dekors foar de jûn en Kurt Schwitters brocht syn ‘Sonate in Urlauten’ tefoaren en fierder syn sifergedichten, ‘Anna Blume’ en ‘Zute tute’. Fan dy ‘Zute tute’ hat hy letter mei de Fryske oersetting noch in taalkollaazje makke dy’t ôfprinte is yn syn eigen tydskrift Merz (nûmer 4).

Dy 13de april 1923 moat in frjemde dei west hawwe yn Drachten. Kurt Schwitters mei syn ‘lautgedichte’ yn De Phoenix en yn in hotel in eintsje fierderop Ludwig Warneke (ek in Dútser), dy’t stammerders better meitsje koe. De dada-jûn waard troch fyftich minsken, ynteressearden en nijsgjirrigen, besocht en by Ludwig Warneke wie de seal útferkocht.

Jierren letter, doe’t ik in keunsthannel hie op It Hearrenfean, kaam ik yn de kunde mei Durk Rinsema, apteker yn Meppel en soan fan skuonmakker Thijs Rinsema (1877-1947). Thijs wie de skilder en syn broer Evert (1880-1955) de dichter.

Durk Rinsema (hy is yn 1998 ferstoarn) fertelde my eartiids oer syn heit: ‘Oer dy dada-jûn kin ik net in soad fertelle, ik wie noch te jong en wierskynlik lei ik ek al lang op bêd. Mar it heucht my noch wol dat as Kurt Schwitters wer ris by ús útfanhûze, hy noait troch de doar deryn kaam, mar it rút omheech skode en sa de keamer ynstapte. Wy gongen ek wol te rinnen yn Beetstersweach. Faak prate ús heit dan hiel serieus mei Schwitters. Mar it koe ek samar wêze dat er ynienen hiel hurd fuortdraafde. Dan klom hy yn in beam en imitearde in fûgel. De iene kear in ûle of in ekster, de oare kear in skries of in ljip. Foaral om dy imitaasje fan de skries en de ljip moasten wy faak lûd laitsje. Wy moasten him dan opsykje en sizze hokker fûgel hy imiteard hie. Dát wie foar ús dada, net dada yn Drachten dus, mar dada yn Beetstersweach. It heucht my ek noch dat ús heit mei Schwitters om de tafel siet en kollaazjes makke fan stikjes papier dy’t se fûn hienen op ús kuiertochten yn de bosk of op strjitte yn Drachten. Dy kollaazjes binne no in soad jild wurdich. Ik ha dat hiel lang net begrepen en eins ek net begripe wollen. Mar no’t ik wat âlder wurden bin en sels ek keunst fan nei 1950 sammelje, begryp ik it allegear wat better. No kin ik der wol oer prate. Der komme boppedat hieltyd mear oantinkens yn my boppe. Op dy djoere kollaazjes ha wy fansels net goed past, mar dat is dan mar sa. Dat is ek dada, tink ik dan by mysels. Heit is ferstoarn yn 1947, hy wie doe 70 jier âld. Ik fyn it wol spitich dat ik yn myn tiid op de hbs noait mei him oer dada praat ha. Ik skamme my der in bytsje foar en myn freonen begriepen der ek neat fan. No kin ik der wol om laitsje, spitich is it al, mar it is ommers allegear net mear werom te draaien.’

Al dy moetingen ha der eartiids foar soarge dat ik twa útstallingen makke ha yn it Coopmanshûs. De earste, Dada in Drachten, waard iepene op 19 novimber 1971 en de twadde folge trije jier letter, yn 1974, nei oanlieding fan Holland dada, it yntusken bekende boek fan K. Schippers, dat doe foar it earst ferskynde by útjouwerij Querido.

It moat ek yn dy tiid west hawwe dat ik (antikwarysk) de útjefte fan Werner Schmalenbach oer Kurt Schwitters (1967) kocht en dêr giet dit stikje einlik oer. Dêryn waard in kollaazje út 1922 neamd, mei as titel ‘De schoenmaker’. Allinnich: it waard wol neamd, mar spitigernôch net ôfbylde.

Sûnt midden santiger jierren haw ik om dy kollaazje socht. Ik ha brieven nei Schmalenbach skreaun, mar krige gjin berjocht. By in galery yn Düsseldorf en by de Marlborough-galery yn Londen, dêr’t de kollaazje eksposeard west hat, slagge it ek net omdat de brûklienjouwers anonym bliuwe woenen. Sels it Stedelijk Museum yn Amsterdam en Herbert Henkels fan it Haachsk Gemeentemuseum hawwe besocht om it wurk te efterheljen. Mar spitigernôch sûnder resultaat. Op in stuit haw ik it opjûn. Mar it muoide my wol, foaral doe’t it Belvédère Museum yn Oranjewâld yn ’t sicht kaam.

Doe kaam it momint, noch net iens sa lang lyn, dat ik foar it museum by in befreone boekhanneler op ’e Gordyk de Catalogue raisonné fan Karin Orchard bestelde, in boek yn trije dielen dêr’t alles fan Kurt Schwitters yn stiet. In djoere oanskaf. Mar wat stiet yn dat boek ôfbylde, noch wol yn kleur? Krekt, de kollaazje ‘De schoenmaker’ dy’t al dy jierren troch myn kop spoeke hat. No is myn folgjende missy fansels om dat skilderij yn brûklien te krijen foar it museum.

Tenei mear.

 

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 3 (2004), 1 (febrewaris), side 22-23.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.