Subtile taalferoaringen

HENK WOLF – 

Us talen feroarje allegeduerigen. Dat hawwe wy faak amper yn ‘e rekken, mar it is al sa. Fansels, der binne in pear feroaringen dêr’t de ûnderwizers ûnder ús fan ôfpraat hawwe dat se se bestride moatte. Dy meitsje har al goed in ieu drok om ‘hun zijn stom’ en ek alwer tsientallen jierren om ‘sy bliuwe praten’ of ‘ik gean sliepen’. Dat mei, ûnderwizers moatte ek wurk ha.

De measte feroaringen ûntgeane de measten fan ús lykwols. Se wurde net fêstlein yn boekjes, boargerje fluch yn en minsken binne har der amper bewust fan dat de nije wurden of konstruksjes koartlyn noch net yn gebrûk wienen. Sa is de oertreffende trep mei ’meest’ (‘de meest handige oplossing’) noch mar in pear desenniums âld, krekt lykas it idioom ‘wy geane derfoar’ of de ferwizing nei ûnsidige wurden mei ’die’ (‘mijn neefje die in Canada woont’). Idioom lykas ‘zich ergens aan irriteren’ (ergeren) of ‘de wetten respecteren’ (naleven) is nei alle gedachten noch mar in pear jier algemien yn gebrûk.

Guon feroaringen binne sa subtyl dat je hast taalkundige wêze moatte om se op ‘e die te betraapjen. It flugge opkommen fan bysinnen mei ’om’ by eigenskipswurden (bijvoeglijke naamwoorden) is dêr ien fan. Sjoch mar ris nei de sinnen (1-3):

(1) De kinderen waren erg zenuwachtig om met de toets te beginnen.

(2) We zijn trots om te kunnen zeggen dat we een dochter hebben gekregen.

(3) Natuurlijk ben ik gefrustreerd om te wachten op mijn kans.

 

Gjin fan dy sinnen soe my maklik ta de mûle út komme. By my is ’om’ beheind ta in lyts rûfeltsje eigenskipswurden, lykas ’blij’ . Tink oan ‘blij om dat te horen’.

Noch sa’n nije feroaring is it opkommen fan ’over’ yn de betsjutting ’fanwegen’, ‘op grûn fan’. Sjoch de sinnen (4-6), dy’t allegear út de media komme:

(4) Ook de gemeente Amsterdam is over de snelheidsverhoging naar de rechter gestapt.

(5) Rusland zette Oekraïne onder druk over EU-verdrag.

(6) Regent afgezet over illegaal huwelijk.

 

Sok ’over’ is my net folslein frjemd, mar it is beheind ta fêste kombinaasjes, bygelyks ‘ik maak me zorgen over hem’ of ‘Ze was boos over de boete’. It soe my lykwols neat ferwûnderje as sinnen lykas (4-6) stiltsjeswei ús wurdboeken yn slûpe, wylst inkeld de wurdboekmakkers en in hantsjefol taalkundigen yn ‘e rekken ha dat der yn de taal wat oars wurden is.

Comments
Ien reaksje oan “Subtile taalferoaringen”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.