fotografy: Nynke van der Zee

Striptekener Skelte Braaksma

NYNKE VAN DER ZEE – 

“Ik bin der fan oertsjûge dat ik hjir myn wurk fan meitsje kin”
Op de earste stripbeurs fan it noarden presintearre striptekener Skelte Siweris Braaksma (18) út Marrum sneon 17 maaie diel twa fan it stripboek FKP. De striid tusken de Fryske Kommunistische Partij ûnder lieding fan Oane Sytsma en de Grinslanners giet fierder. Mar dit kear bemuoie ek de Dútsers en Noard-Hollanners har dermei. Alde lânkaarten, histoaryske details en folop aksje. FKP2 is presys wat de ûndertitel al seit: ‘In patriottysk Frysk stripavontoer’. Mar wol in aventoer om troch in rinkje te heljen.

Hy sit op de grûn it reade flierkleed yn de wenkeamer. De Grote Bosatlas tsjinnet as tekentafel ûnder syn wite fel papier. Hjir ûntsteane de ideeën foar de ferhalen fan Skelte. De earstejiers studint Art & Design is gek fan skiednis, mar wol skiednis mei in bytsje aksje. ‘En dan komst al gau út by de oarloch’, konkludearret er. Wa’t nei de kalme jonge striptekener sjocht en lústeret, soe net ferwachtsje dat der út syn tekenpinne sokke flamjende oarlochsferhalen spatte. Kanonnen dy’t fan de Aldehou oant de Martinitoer knalle, Grinzer bommewerpers dy’t de stêd Ljouwert oanfalle, it is ien en al aksje op de fellen papier dy’t ferspraat oer de flier lizze. En te midden fan al dy oarlochsferhalen sit Skelte, in beaken fan rêst.

As Fryske striptekener fyn ik it moai om de ferhalen yn ús eigen provinsje te tekenjen. Ik bin best wol vaderlandslievend, wat dat betreft.

Eigen ‘strijdclassic’
Ut de boekekast hellet er fjouwer saneamde ‘Strijdclassics’. Lytse pocketboekjes mei swart-wyt tekeningen dy’t ferskate oarlochsferhalen yn byld en wurd fange. Skelte kocht de boekjes in pear jier lyn yn de boekeboat fan Hallum. It wie it begjin fan syn passy foar oarlochsstrips. Diel ien fan syn debútalbum FKP spilet him dan ek ôf yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch. Mar yn stee fan in striid tusken de Dútsers en Nederlanners, betocht de doe 15-jierrige Skelte in sabeare oarloch tusken Fryslân en Grinslân. Hy laket. ‘Wy ha famylje yn Grins wenjen. Op jierdeis en famyljedagen is der altyd rivaliteit tusken beide, mar op in grappige wize. Dat wie foar my oanlieding om myn eigen ‘strijdclassic’ oer dizze striid te meitsjen.’

Yn detail
Goed trije jier nei diel ien waard diel twa mei de titel FKP2 presintearre op de stripbeurs yn Drachten. Grutsk lit Skelte it einresultaat sjen. It is trouwens al wer syn tredde album, fertelt er. Tuskentroch makke er nammentlik noch in stripboek oer de Romeinen yn Fryslân. ‘Dat stiet los fan it FKP-ferhaal, mar like my gewoan moai om te meitsjen’, leit er út. Oft it no giet om Romeinen of FKP-lieder Oane Sytsma, it ferhaal spilet him hoe dan ek ôf yn Fryslân. ‘As Fryske striptekener fyn ik it moai om de ferhalen yn ús eigen provinsje te tekenjen. Ik bin bêst wol ’vaderlandslievend’, wat dat betreft. Op Google sykje ik nei âlde foto’s fan hoe’t Fryslân der yn it ferline útseach. Mar ik ryd ek nei Snits of Dokkum om sels te sjen hoe’t de âlde gebouwen der no útsjogge. Alle details moatte histoarysk sjoen goed wêze, dat fyn ik hiel belangryk.’

Al myn ynteresses komme byinoar yn myn strips: skiednis, histoaryske ferfiermiddels, bewapening, it Fryske lân en de Fryske taal.

Bytsje kleureblyn
Slach beide dielen fan de FKP-rige iepen en der binne dochs inkele ferskillen te sjen. Wie diel ien noch hielendal mei pinne tekene, by diel twa brûkt Skelte mear griistinten om de tekeningen yn te kleurjen. Alhoewol, kleur. Allinnich de foarkant fan syn albums krijt in kleurke, de rest is fan begjin oant ein swart-wyt. ‘Swart-wyt fyn ik folle moaier, sfearfoller. Myn grutte foarbyld is de Frânske striptekener Jacques Tardi, dy’t benammen detectives en ferhalen oer de Earste Wrâldoarloch tekene. Syn styl is hiel donker mei in soad details. Dat sprekt my oan. Boppedat past swart-wyt better by de âlde útstrieling sa’t de Strijdclassics fan eartiids dy ha. En,’ heakket er der mei in knypeach oan ta, ‘ik bin ek in bytsje kleureblyn.’

Op de goede wei
Trije albums yn trije jier, de Fryske striptekener wurket yn in rap tempo en falt dêrtroch op yn de stripwrâld. Sa waard er al komplimentearre troch histoarjeskilder Anton Verhey. Ek op de stripbeurs hat er de nedige kontakten lein. ‘Ik ha it gefoel dat ik sa stadichoan op de goede wei sit. Ik ha op de beurs in soad minsken sprutsen dy’t entûsjast wienen oer myn wurk. Ik bin der fan oertsjûge dat ik fan striptekenjen myn wurk meitsje kin. Al myn ynteresses komme byinoar yn myn strips: skiednis, histoaryske ferfiermiddels, bewapening, it Fryske lân en de Fryske taal. Moaier kin eins net.’

 

It album De FKP2 leit no yn de boekhandels en kostet 6,50 euro

Comments
3 reaksjes oan “Striptekener Skelte Braaksma”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.