fotografy: pexels.com

Spokjes

HENK WOLF

As wy prate, dan dogge wy in soad dingen tagelyk. Wylst wy wat sizze, betinke wy alfêst wat it folgjende wurdt dat wy sizze wolle. Dat is in ôfgryslik kompleks proses. It is dan ek gjin wûnder dat it wolris misgiet.

 

Meastal pikke wy ûnbewust ien wurd, ek al soe in oar wurd ek prima kinne. Inkeldris giet dat mis, dan djipje wy út ús brein twa wurden tagelyk op.

 

De flaters dy’t wy meitsje binne in prachtige boarne foar taalkundigen, omdat se ús wat ferriede oer wat der by ús yn ‘e holle gebeurt ûnder it praten. Ien fan ‘e dingen dy’t wy leare kinne út fersprekkingen is hoe’t wy it juste wurd kieze.

In algemien idee is hjoed-de-dei dat wy earst oan de betsjutting tinke fan wat wy sizze wolle en dat wy dêr dan wurden by sykje, dy’t wy yn de goede folchoarder sette. Wy moatte dy wurden opdjipje út it saneamde ‘mentale leksikon’. Dat klinkt as wie dat in wurdboek dat wy yn ‘e holle meidrage, mar eins is it folle yngewikkelder as in wurdboek. Wy kinne de wurden deryn nammentlik net fine troch alfabetysk te blêdzjen, mar troch te assosjearjen. Dat giet fleanend hurd: foar’t wy ús der bewust fan binne, ha wy al in wurd útsocht dat oanjout wat wy bedoele. Pas as wy net op in wurd komme kinne, wat út en troch ris foarkomt, fernimme wy hoe flot it proses normaalwei ferrint.

Meastal pikke wy ûnbewust ien wurd, ek al soe in oar wurd ek prima kinne. Inkeldris giet dat mis, dan djipje wy út ús brein twa wurden tagelyk op. En ear’t wy it yn ‘e gaten ha, ha wy dy twa wurden allebei al nei it spraaksintrum ta stjoerd – it stik fan it brein dat se útsprekke moat.

Dat kaam myn frou lêstendeis in kear oer. Wy sieten yn in Aziatysk restaurant en ik frege har oft se tafallich ek wist wat ‘yakitori’ wie. Dat wist se wol: “Dat binne spokjes”, sei se. Dêr waard ik kulinêr net folle wizer fan, mar wy learden der wol wat út oer de wurking fan taal yn it brein fan myn oarehelte.

Wat woe se nammentlik sizze? ‘Spyskes’. En ‘stokjes’. Want ‘yakitori’ is dat: metalene priemmen mei stikjes iten deroan. En dy kinne jo ‘spyskes’ of ‘stokjes’ neame. Meastal kieze jo ûnbewust ien fan beide wurden út, mar by har greep yn it mentale leksikon hie myn frou beide wurden blykber tagelyk opdjippe en se tegearre nei it spraaksintrum stjoerd, dat se doe mar ferhaspele ta in soarte amalgaam fan beide.

Comments
Ien reaksje oan “Spokjes”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.