Spikertsje

HENK WOLF – 

In lytse spiker kin ik as in ‘spikertsje’. Of eins net mear, want ûnder ynfloed fan de Afûk-learboekjes haw ik mysels oanleard om ‘spikerke’ te sizzen, mei’t ‘spikertsje’ in hollandisme wêze soe.

 

Ik freegje my ôf oft it miskien in lienwurd út it Nederlânsk of Stedsk is.

 

No is it nuvere dat sels ús pake it altyd oer ‘spikertsjes’ hie, wylst dy fan fier foar de oarloch wie, in soad mei spikers omgong en net in soad opfallende hollandismen brûkte. Ik hie my dêr wolris oer fernuvere, mar der fierder net in soad omtinken oan jûn. Mar no kaam ik hjoed tafallich by it trochblêdzjen fan it Wurdboek fan de Fryske Taal by it trefwurd ‘spiker’ twa ferlytsingsfoarmen tsjin: ‘spikerke’ en ‘spikertsje’. Blykber komt dy lêste foarm dus al lang en faak genôch foar dat er yn it wurdboek opnaam is.

Yn de grammatika fan Sytstra & Hof út 1925 wurdt foar wurden op in -r allinne de útgong -ke neamd. Ik ha ús pake ek noait betrape op it gebrûk fan oare nuvere ferlytsingsfoarmen. Sels haw ik ek net de oanstriid om ‘rûkertsje’, ‘brommertsje’ of ‘beartsje’ te sizzen. Allinne ‘spikertsje’ is sa’n nuver gefal. Ik freegje my ôf oft it miskien in lienwurd út it Nederlânsk of Stedsk is, of dat Friezen miskien oannaam ha dat der in wurd ‘spikert’ bestie (lykas ‘bakkert’,’stumpert’, ‘rakkert’ ensfh.) en dat dêr ‘spikertsje’ fan makke is. Want wurden op in -t krije de útgong -sje en dan ha je de foarm ‘spikertsje’.

Comments
Ien reaksje oan “Spikertsje”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.