Snip

Publisearre op 23 oktober 2019

GERBRICH DE JONG – 

Okkerdeis seach ik in deade houtsnip lizzen yn de blombak foar it Frysk natuermuseum. Faaks hie ien ‘m dêr dellein yn de hope dat er opmurken waard troch de taksydermist. In moaie oanlieding, fûn ik, om my te ferdjipjen yn it wurd ‘snip’, dat net ien, net twa, mar wol fiif betsjuttingen hat. Hjir komme se.

 

In hiele oare betsjutting fan ‘snip’ krije wy by ‘in snipke yn it ear hawwe’. Wa’t dat hat, is oansketten of dronken.

 

In snip is net allinnich in fûgel, mar ek in betelmiddel. Teminsten, foar wa’t âlder is as santjin jier. De snip, in brún biljet, wie oant 28 jannewaris 2002 hûndert gûne wurdich. (NB: Hjoed-de-dei smyt in snip folle mear op: ast noch ien te lizzen hast kinst der goed jild foar fange.) Grafikus Ootje Oxenaar wie de ûntwerper fan de snip en hy presintearre it bist yn in revolusjonêre seary, tagelyk mei de sinneblom (giel) en de fjoertoer (pears). Oxenaar fûn deistige ûnderwerpen goed passen by deistige gebrûksfoarwerpen en sa kaam de snip by ús yn ‘e beurs. It is nammers de fraach hoelang’t de minsken by ‘snip’ noch tinke oan in bankbiljet. Sels ha ik nea mei in snip betelle. Doe’t alle snippen omruile waarden foar euro’s, hie ik de leeftiid dat 25 gûne al in kapitaal wie.

In hiele oare betsjutting fan ‘snip’ krije wy by ‘in snipke yn it ear hawwe’. Wa’t dat hat, is oansketten of dronken. Sa’nen is ‘sa dronken as in snip’. Fierders kinst de snip tsjinkomme yn ‘sa ferkâlden as in snip’. Neffens it Instituut voor de Nederlandse taal hawwe dy útdrukkingen har oarsprong yn hoe’t de dûbele snip (in spesifyk soart snip) fleant: sigesaagjend, as is er stomdronken. Dy teory makket lykwols net dúdlik hoe’t we fan in dronken snip by in ferkâlden snip komme. Dêrfoar moatte wy sjen nei in oare eigenskip fan de snip. As de fûgel om iten siket, bliuwt der wolris wat wetter of drek oan de snaffel hingjen. De snip hat dan wat wei fan ien mei in drip oan ‘e noas.

It Frysk Hânwurdboek makket ek noch melding fan “sa dôf as in snip”, mar wêr’t dat weikomt is mei it stikje fan it INL net te ferklearjen. Ha jo in idee?

Dan de twa lêste betsjuttingen fan ‘snip’. In ‘snip’ kin ek in lytse kanne wêze mei in lange tute. Of in puntich hoekje lân. Faaks hjitte dy ‘snip’ omdat harren foarm tinke lit oan de lange, smelle snaffel fan in snip.

Fia fia hearde ik oer kabaretduo Snip en Snap, foarme troch Willy Walden en Piet Muizelaar. Yn de fjirtiger jierren ha dy grutte opgong makke mei in (troch my foar de gelegenheid ferfryske) ferske:

 

Want Snip snapt net wat Snap snapt.

En Snap snapt net wat Snip snapt.

As Snip Snap snapt en Snap snapt Snip,

ferdwynt it Snip-en-Snapbegryp.

Mar Snip snapt net wat Snap snapt

en Snap snapt net wat Snip snapt.

As Snap Snip snapt en Snip snapt Snap,

dogg’ Snip en Snap gjin klap.

 

Snappe jo it noch? Sjoch fral ek even op Youtube.

In pear dagen letter rûn ik wer by de blombak foar it natuermuseum del. De snip wie fuort. Soe er opkrigen wêze troch in taksydermist? Of soe in kat him snipt ha? Ik hoopje op it earste.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels