Brochure: fascisme of vrijheid
fotografy: Brochure: fascisme of vrijheid

Skjirpapier, de hurde oanpak fan Hitler én Nederlân fan Jehova’s

ERIK BETTEN –

In moanne de sel yn foar mislediging fan ‘freon’ Hitler

Frijheden lykas dy fan leauwen en fan mieningsutering hawwe har juridyske grinzen. Yn tiden fan bedriging wolle dy grinzen út eangst gauris opskowe, en noait yn it foardiel fan de frijheden fan it yndividu. Lykas yn it gefal fan de evangelisten Eliza de Vries út Haarlem en Arie Tol út Waddinxveen, ein 1939.

Foar Jehova’s tsjûgen as Eliza de Vries en Arie Tol wie it yn de rin fan de jierren ’30 fan de foarige iuw folslein dúdlik wa’t as grutste tiran fan harren tiid besjoen wurde moast; Adolf Hitler. Under oare omdat it nasjonaalsosjalistyske rezjym de Jehova’s tsjûgen al fan 1934 ôf ferfolge. Reden foar protestaksjes fan út de mienskip yn Nederlân. Mar oan dizze kant fan de grins hienen de Jehova’s tsjûgen it likegoed net maklik. De Nederlânske autoriteiten woenen Hitler net foar de holle stjitte, en pakten dizze spesifike groep leauwigen hieltyd hurder oan.

Eliza de Vries, in jonge metaalbewurker út Leersum, brûkte by syn evangelisaasjetochten graach de nije technyk fan de grammofoan. Fia in lûdsynstallaasje liet er fûle protesten hearre tsjin de arrestaasjes fan Joaden en Jehova’s tsjûgen yn Dútslân. Dy high tech oanpak wie net oeral populêr. Yn Sint Anne krige er in boete, dy’t omset waard yn in warskôging net mear safolle oer Dútslân te praten. Ek yn Winschoten en Veendam kaam er yn de problemen mei syn platen, ek dêr fanwegen de anti-Dútske ynhâld.

Nei de Dútske ynfal yn Poalen en it ferklearjen fan de oarloch oan Dútslân troch Ingelân en Frankryk op 3 septimber 1939 rûn de eangst yn Nederlân heech op. De neutraliteit bewarje waard it heechste goed, en Hitler misledigje wie yn dat klimaat likegoed in died tsjin it belang fan de Nederlânske steat.

Anti-fassistyske pamfletten

It skip 'De Lichtdrager'

It skip ‘De Lichtdrager’

Yn dat ljocht moatte wy it dokumint besjen dat yn dizze ôflevering fan de rige skjirpapier sintraal stiet: it fûnis fan de arrondissemintsrjochtbank yn Ljouwert tsjin de 26-jierrige Eliza de Vries en syn 31-jierrige maat Arie Tol út Eindhoven.

De beide mannen wiene op 13 novimber oppakt yn Snits, dêr’t se mei harren skip ‘de Lichtdrager’ oanlein hiene, en fan dêrút boekjes útdielden ûnder it publyk. Mei nammen de tekst yn it pamflet Fascisme of Vrijheid gong it Iepenbier Ministearje te fier. Under de kop ‘Duitschland’ stie dêr te lêzen:

‘In Duitschland is het volk vredelievend. De Duivel heeft daar als zijn vertegenwoordiger een onbarmhartig, arglistig en wreed mensch tot macht verheven, die onder algeheele miskenning der vrijheden en rechten van het volk optreedt. Met zijn helpers regeert hij met ijzeren hand. Op wreede wijze vervolgt hij de Joden, omdat zij eens het verbondsvolk Jehova’s waren en Jehova’s naam droegen, en omdat Christus Jezus een Jood was. Hitler heeft duizenden getuigen Jehova’s, de ware navolgers van Christus Jezus, die zich aan niets anders dan aan de verkondiging van het koninkrijk van Christus hebben schuldig gemaakt, in de gevangenis laten werpen. Velen dezer getuigen zijn op laaghartige wijze ter dood gebracht, terwijl zij zich in de Hitler-gevangenissen bevonden. Bij de vervolging van Joden en Christenen in zijn heerschappij van willekeur heeft hij den onvoorwaardelijken steun van de Katholieke Hiërarchie gehad.’

Twa oanklachten folgen op grûn fan dizze rigels. De earste wie dat troch de twa ‘de onzijdigheid van den Nederlandschen Staat in gevaar werd gebracht (…) terwijl er een oorlog werd gevoerd onder meer tusschen Engeland en Frankrijk eenerzijds en Duitschland anderzijds’. De twadde oanklacht wie ‘beleedigingen (…) jegens Hitler als hoofd van den bevrienden Staat Duitschland’.

Nei mear as in moanne yn hechtens yn de Blokhuispoort hearden De Vries en Tol op 22 desimber 1939 de útspraak fan de mearfâldige strafkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert. De trije rjochters wiene net oertsjûge dat de mannen mei opsetsin de neutraliteit fan Nederlân yn gefaar bringe woene. Dêr waarden se dan ek fan frijsprutsen. By de twadde oanklacht lei dat oars. De boppesteande rigels út it boekje wiene foar de rjochtbank dúdlik in mislediging fan Hitler, en sjoen it feit dat Hitler it haad wie fan de steat Dútslân, ‘waarmee het Koninkrijk der Nederlanden vriendschappelijke betrekkingen onderhoudt’, wie de skuld fan de manlju bewiisd neffens artikel 119 fan it Wetboek fan Strafrecht.

De rjochters leine De Vries en Tol ûnder betingst twa moannen finzenisstraf en in jildboete fan hûndert gûne op, mei in proeftiid fan trije jier. Se kamen deselde dei frij.

Mei de ynfal fan Dútslân yn maaie 1940 wiene beide oanklachten folslein efterhelle. Tol en De Vries sille dy earste oarlochsdagen grif nochris weromtocht hawwe oan harren tiid yn de Ljouwerter sel, opsletten foar it misledigjen fan de man dy’t gau genôch ek binnen de Nederlânske grinzen harren gelyk oer him bewize soe.

Hâld in skalk each op wurden / sagau’t de frijheid op de sigen stiet,  sa einige Tiny Mulder har gedicht Wurden. In oantrún om wach te wêzen op it gefaar fan propaganda en represje. Mar út dit foarbyld blykt dat Nederlân yn 1939 yn it foarste plak benaud wie foar de frijheid fan de naasje as gehiel, en dat sa’n skalk each foaral holden waard op de wurden fan de eigen ynwenners dy’t neffens de autoriteiten de feilichheid yn gefaar bringe koene.

=====================================================================

Skjirpapier

Dit is de twadde ôflevering fan de rige Skjirpapier, dy’t yn gearwurking mei Tresoar in jier lang dy argyfstikken nei foaren hellet dy’t net passe by hoe’t wy de wrâld no it leafste besjen wolle. Dêr’t oare opfettingen oer minderheden, it lânskip of de moraal út sprekke. Of dy’t te pynlik binne om mei de krekte distânsje te beskôgjen. It earste artikel behannelet it ferhaal fan de Joadske moardner Emanuel Polak, dy’t tanksij syn libbenslange opsluting oan de dea ûntsnapt.

Dit artikel kaam ta stân yn gearwurking mei Lourens Oldersma, meiwurker fan Tresoar.

Erik Betten is histoarikus, sjoernalist en skriuwer.

Mei tank oan Hoofdkantoor Jehova’s Getuigen in Nederland foar de twa levere bylden. 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.