Nationaal Gevangenismuseum
fotografy: Nationaal Gevangenismuseum

Skjirpapier: In moardner ûntsnapt yn syn sel oan ’e dea

ERIK BETTEN –

It ferhaal fan Emanuel Polak is it ferhaal fan in Joadske man dy’t de oarloch oerlibbe. Sa gearfette klinkt it as in feelgood-story, mar it is earder it tsjinoerstelde. Want dat fan alle Joaden yn Nederlân hy by de lytse groep hearde dy’t de oarloch neifertelle koe, mei wol in skrinende kear fan it lot hjitte.

It is in koarte brief dy’t ein juny 1945 oankomt yn de Bijzondere Strafgevangenis Leeuwarden. In brief sa’t der tûzenen skreaun binne yn de wiken en moannen nei de befrijing. Oerlibjenden fan famyljes dy’t yn ’e rin fan de oarloch wreed útinoar slein binne, sykje harren sibben. Dat docht ek Willem Polak, in Joadske Amsterdammer fan 25. Hy skriuwt it folgjende: 

 

Wel. Edel. Heer,

Ondergeteekende verzoekt beleefd inlichtingen omtrent mijn broer Em. Polak nr. 54-868. Zou gaarne van u vernemen of mijn broer zich nog in de gevangenis te Leeuwarden bevindt.

Mocht hij echter niet meer in Leeuwarden zijn verzoek ik beleefd van u te vernemen waarheen hij verplaatst is.

Daar ik twee jaar en acht maanden in het concentratiekamp heb doorgebracht en ik op ‘t oogenblik als eenigst van het huisgezin over ben zou ik als broer zijnde gaarne iets van hem vernemen. Hopende op een spoedig bericht en dank zeggende voor moeite uwerzijds.

Hoogachtend, W. Polak

 

De brief makket diel út fan it argyf fan de Bijzondere Strafgevangenis Leeuwarden, dat Tresoar bewarret. It Gevangenismuseum Veenhuizen hat krekt dy brief lykwols yn brûklien, omdat er yn al syn ferskriklike minsklikheid – it sykjen fan in sibbe nei sok grut lijen – tagelyk sa’n bizarre en skrinende skiednis bleatleit oer dy spesifike finzene.

Willem sil op dat stuit noch net de folsleine omfang fan de famyljetrageedzje oersjoen hawwe, al wit er al wol dat er ‘als eenigst van het huisgezin’ oerbleaun is. En dat nei twa jier en acht moannen yn konsintraasjekampen lykas Birkenau en Theresienstadt. Yn totaal wie it ferlies noch folle grutter, witte wy no: 17 omkes en muoikes, 53 neven en nichten en 80 achterneven en -nichten kamen net werom út de konsintraasjekampen.

De direkteur koe lykwols in wike letter al witte litte dat Willems broer Emanuel Polak de útsûndering wie:

 

In verband met uw schrijven van 25 juni jl. heb ik de eer u mede te deelen, dat uw broer zich nog in deze strafgevangenis bevindt en een goede gezondheid geniet.

 

In berjocht dat normaal sprutsen as in ferlossing komt. En foar Willem, dy’t yn de jierren dy’t folgen him bekroadzjen bleau oer syn 7 jier âldere broer, sil dat ek sa west hawwe. Mar mooglik wie hy ien fan de iennichsten dy’t der sa oer tochten yn it gefal fan Emanuel Polak.

In skokkende sedesaak

De skiednis dy’t dizze Polak úteinlik yn Ljouwert bringe soe, begjint op 27 augustus 1934 yn Amsterdam. It achtjierrige famke Sara Beugeltas rint dy dei mei har freondinne Jetty Schellevis nei skoalle. By de bananeloads fan Groenteman en Bolle oan it Waterlooplein ferliest Jetty Sara út it each. Op skoalle blykt Sara ek net te wêzen, en nei skoaltiid dûkt se ek net op. Earst wurdt oannaam dat se ûnder it boartsjen yn it wetter rekke is, oan de Zwanenburgwal. Mar hoe hurd de famylje, de plysje en wat letter de hiele buert ek siket, it famke wurdt net fûn.

Stadsarchief Amsterdam / Naam vervaardiger (indien bekend)

Stadsarchief Amsterdam / Naam vervaardiger (indien bekend)

De oare deis giet it sykjen troch, mar dan by it bananepakhús, omdat Jetty har freondinne dêr as lêste sjoen hat. Uteinlik fine se, op in souder dêr’t allinne mei in ljedder te kommen is, it deade lichem fan Sara Beugeltas, yn in kist. De skokkende fynst makket fuort dúdlik dat it om moard giet. It famke is wurge.

Sa gau’t dat bekend wurdt, brekt in geweldige opskuor út yn de Joadske wyk. In moard is al slim genôch, mar dat in lyts famke sa oan har ein komt, dat is net te befetsjen. De minsken binne razend, en sykje in mikpunt. Dat duorret net lang, want in fertochte is gau fûn: de 21 jier âlde Emanuel Polak.

Polak wurket as feint yn it bananepakhús, mar wat de 1,53 meter lytse man ta haadfertochte makket binne de twa eardere feroardielingen foar it misbrûken fan bern. It earste gefal die him al foar yn 1929, doe’t er sels noch mar 16 jier wie. In sededelinkwint dy’t op de lokaasje fan de moard wurket, foar it folk is de saak dêrmei al rûn.

De plysje moat mei de gummykneppel yngripe om foar te kommen dat Polak op it plak sels lyncht wurdt. Underwilens krijt de saak yn it hiele lân omtinken yn de parse. Ek de lêzers fan Fryske kranten krije de details breed útmetten. Hoewol’t Polak ynearsten noch ûntkent, komt er op de tredde dei dochs mei in bekentenis. Hy jout ta it famke nei binnen lokt te hawwen, dat se skriemde doe’t hy har besocht te ferkrêftsjen, en hy har dêrom de kiel tichtknypte. Dêrnei hat er op in rêstich momint it lichem nei de souder ferpleatst en ferstoppe yn in bananekist. ‘Ook tijdens zijn bekentenis bleef de dader zijn uiterlijke kalmte behouden en hij geeft niet in het minste blijk van berouw over zijn daad’, skriuwt Hepkema’s Courant, in wike nei de moard.

Finzene 54-868

It duorret oant maart 1935 foar’t de saak foar de rjochtbank komt. De rjochter folget de eask en leit Emanuel Polak libbenslange finzenisstraf op. In heger berop feroaret neat, en dus stiet fêst dat hy syn jierren slite moat yn de sel. Yn jannewaris 1936 is ek rûn wêr’t hy dat dwaan sil: yn de Bijzondere Strafgevangenis Leeuwarden, tsjintwurdich de Blokhuispoort.

By Tresoar leit noch de dokumintaasjemap mei de stikken fan en oer Finzene 54-868. De samling befettet brieven dy’t hy skreaun hat, brieven rjochte oan him, ferslaggen fan syn gedrach, wurkboekjes, rekkens en al sa mear. It byld dat nei foaren komt, is – sjoen it tumult fan dy jierren bûten de poarten – fan in ferrifeljende ienfâld.

Polak wurket yn de printerij fan de finzenis, hâldt him dwaande mei syn samling postsegels, en bringt it grutste part fan dy jierren yn de sel troch, en net yn ‘de gemeenschap’, dêr’t de finzenen yn ’e regel mei-inoar sieten. Sa gau’t hy dêr is, komt der spul fan mei oare finzenen, lit er ‘onmaatschappelijk gedrag’ sjen, wegeret er befellen op te folgjen en brekt er ruten.

Oant 1942 wurdt hy dêr in soad foar bestraft, dêrnei is it ynienen út mei syn wangedrach, skriuwt de direkteur yn 1948. Hie Polak heard fan de ferfolging fan Joaden bûten de muorren fan de finzenis? Hat er beseft dat er ek binnen net feilich wie en hat er doe syn gedrach oanpast? Feit is dat yn 1941 al in ferklearring fan syn Joadsk-wêzen ôfjûn waard, dus hy wie bekend by de autoriteiten. Dochs komt him net oer wat oare Joadske finzenen al bart: deportaasje sa gau’t de straf úttsjinne is. Syn libbenslange opsluting lit him ûntsnappe oan ’e dea.

Gjin graasje foar ‘kleine Manie’

It skjirret lâns ús gefoel fan rjochtfeardigens dat dizze moardner, de man dêr’t serieus de kastraasje fan oerwoegen wurdt troch psychiaters, sûn de oarloch útkomt. Sels hie er gjin lêst fan dy morele ûnbalâns, want yn 1948 besiket er graasje te krijen. Dat wie gebrûklik foar libbenslang straften. Dochs kaam dat der by Polak net fan. Sa beskriuwt de direkteur Wedzinga fan de finzenis him:

‘Hij is vlug en arbeidzaam. Verder is hij niet au serieux te nemen. Hij is een fantast. Alhoewel hij hier geen moeilijkheden geeft, is er weinig met hem aan te vangen. Na 1942 heeft hij geen moeilijkheden meer veroorzaakt en is hij gewillig, maar voor zich zelf heeft hij de overtuiging dat niemand het weet dan alleen hijzelf. Hij zegt dat hij geen berouw heeft, omdat zijn straf veel te zwaar is, maar in hoeverre dit juist is kan moeilijk worden vastgesteld. Over hetgeen hij heeft misdaan laat hij zich zeer moeilijk uit. (…) Alhoewel wij van mening zijn dat de lange detentie hem ongunstig beïnvloedt, menen wij dat hij in de vrije maatschappij een gevaar voor de samenleving blijft.’

Ek in twadde graasjefersyk hellet it net. Wol komt de Psychiatrische Observatiekliniek yn Utert yn byld. Yn in brief sketst direkteur Wedzinga oan de geneesheer-directeur yn dy klinyk nochris syn byld fan Emanuel Polak: ‘Ondanks het gruwelijke van zijn daad menen wij hem toch meer als patiënt dan als misdadiger te moeten zien. Hij is en blijft een grote stumperd en bijna ieder hier heeft medelijden met de kleine Manie.’

Yn 1958 wurdt de straf fan Polak by Keninklik Beslút omset yn in ferplichte opname yn de Van der Hoeven-klinyk, dy’t dan trije jier bestiet. Dêr ferstjert er úteinlik, frij hommels, yn 1964. Hy is dan 51 jier âld. Willem Polak soe him oan ’e ein ta bekroadzje om it lot fan syn âldere broer.

It is mar in koarte brief fan Willem, dêr’t dit stik mei begûn. Dochs giet der in wrâld fan lijen, ûnrjocht en tafal achter beskûl. Sa’n grut part fan de famylje Polak kaam net werom, en ek de âlders, susters en broer fan Sara Beugeltas kamen yn it easten fan Poalen om it libben. Sy hearden by de mear as 100.000 fan de 140.000 Nederlânske Joaden dy’t omkommen binne yn de oarloch. Dat no krekt dizze Emanuel Polak harren noch sa’n tweintich jier oerlibbe hat, sil yn syn ûnrjochtfeardigens altyd wol skjirjen bliuwe.

Skjirpapier

Dit is de earste ôflevering fan de rige Skjirpapier, dy’t yn gearwurking mei Tresoar in jier lang dy argyfstikken nei foaren hellet dy’t net passe by hoe’t wy de wrâld no it leafste besjen wolle. Dêr’t oare opfettingen oer minderheden, it lânskip of de moraal út sprekke. Of dy’t te pynlik binne om mei de krekte distânsje te beskôgjen. It earste artikel behannelet it ferhaal fan de Joadske moardner Emanuel Polak, dy’t tanksij syn libbenslange opsluting oan de dea ûntsnapt.

Dit artikel kaam ta stân yn gearwurking mei Otto Kuipers, meiwurker fan Tresoar.

Erik Betten is histoarikus, sjoernalist en skriuwer.

 

Comments
Ien reaksje oan “Skjirpapier: In moardner ûntsnapt yn syn sel oan ’e dea”
  1. Het uitgebreide verhaal over Polak is te lezen op https://www.blokhuispoort.nl/home/emanuel-polak/

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.