Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer

EELTSJE HETTINGA – 

De Fryske literatuer is net min bedield as it om oersettings of bewurkingen fan Sineeske poëzy giet. Mei de blomlêzing Liet fan it fjild foeget skriuwer Piter Boersma fyftich nei it Frysk oerbrochte gedichten by. De kar waard basearre op de Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Van het Boek der Odtot de Qing-dynastie fan sinolooch W.L. Idema, in blomlêzing dy’t trijetûzen jier Sineeske poëzij omfiemet en dy’t yn syn gewicht en omfangrikens – it giet om 650 pagina’s – sa likernôch de bibel op it mêd fan de Sineeske poëzij is. ‘Ynhâldlik ha ik Idema sa krekt mooglik folge, mar nei de foarm kinne myn oersettingen bewurkingen neamd wurde’, skriuwt Boersma yn syn neiwurd. Yn it feit dat alle Sineeske poëzij rimet, seach de skriuwer in útdaging om syn bewurkingen ta rymjende gedichten om te bouwen. Dêryn ferskille syn ferfryskingen wêzentlik fan Idema syn net rymjende oersettingen, mei trochstrings itselde tal wurdlidden as it orizjineel.

Yn de nei-oarlochske Fryske literatuer is Piter Boersma net de iennige dy’t syn fassinaasje foar Sineeske poëzy foarm en gerak jûn hat. Obe Postma hat him bygelyks yngeand dwaande holden mei de poëzy fan Bay Juyi (ek wol Po Chu-i of Po Tsju-I neamd), in dichter dy’t er kennen leard hie fia de troch him bewûndere Jan Jacob Slauerhoff. Postma hie benammen wurdearring foar it ienfâldige en net-ferheven taalgebrûk fan Bay Juyi. Suver ynhâldlik fielde er him oantrutsen troch de ideeën fan ‘it ûnbeweechlik ivige fan natuer en ferline’, sa’t Ph. H. Breuker dat yn it neiwurd by Postma syn Samle fersen (2005) oantsjutten hat.


‘De jaden fluit’
Fuort nei de oarloch hie Postma yn it moanneblêd It Heitelân syn earste Sineeske gedichten publisearre, ûnder oaren ‘De reade kaketoe’ fan Bay Juyi, in net rymjende oersetting, sa’t dat trouwens by it oergrutte part fan Postma syn ferfryskingen út it Sineesk it gefal is: ‘Stjoerd as presintsje út Annam / In reade kakatoe, / Mei de kleur fan perzikbloeisel / Sprekkend mei minske’ stim. / En hja dienen mei him wat hja dogge / Geleard en wolsprekkend oan: / In kouwe mei sterke traaljes / Dêr sleaten hja him yn op.’ By syn Sineeske gedichten wie Postma foar in part te seil gien op Slauerhoff dy’t him by syn oersettingen en/of bewurkingen ûnder mear basearre hie op de oersettings fan Arthur Waley, de earste grutte oersetter fan de Sineeske poëzij fan Bai Juyi (772-846).

In foech fiifentweintich jier nei Postma syn Bay Yuyi-fersen stalde Marten Sikkema (ps. G.A. Gezelle Meerburg) yn 1969 foar it tydskrift De Strikel it spesjaalnûmer ‘De Jaden Fluit’ gear, in persoanlike kar fan tritich ferfryske en rymjende gedichten út trijetûzen jier klassike Sineeske poëzij. By Sikkema wienen de dichters Bay Juyi en Li T’ai Poe (ek wol Li Bai neamd) mei respektivelik trije en tsien fersen mear as goed fertsjintwurdige. ‘De rykdom fan de Sjineeske poëzij is suver net te oersjen en it bysûndere is lykas by de Sjineeske teken- en skilderkeunst, dat alles jin like modern oandocht’, skreau Sikkema yn syn neiwurd. ‘De uteringen oer leafde en lok, de fragen nei sin en ûnsin fan it libben, de klachten oer de oarloch en de langst nei frede koenen allegearre fan ús eigen tiid wêze.’

 

‘Is it Mao? Mao syn Dong?’
In dichter as Hessel Miedema (1929) woe as saakkundige op it terrein fan de Sineeske keramyk noch wolris in krom Sineesk tinken yn syn poëzij bewuolje, ûnder oaren yn it klassike gedicht ‘De greate wrakseling’, dat ofslút mei de Easterske wiisheid: ‘hij rôlle de wrâld op syn sliepmatte sei er / yn ’e nawle fan myn frou lês ik yin en yang’ Yn it tydskrift Sonde soe Theun de Vries yn de jierren santich in tal Sineeske fersen publisearje. Sjoerd Spanninga skreau ûnder oaren it gedicht ‘Sjineesk antyk’. Fierders is der yn de Fryske literatuer op de meast frjemde en útwrydske wizen mei it Sineesk omslein en -dien. Te tinken falt oan de Sineeske literêr-kabareteske taalfratsen fan it Sizzenskiplik Wurkferbân (Tsjêbbe Hettinga en Binne Lútsen Boarnstra) of oan it fraaie gedicht lykas ‘Mao, hoe giet it mei jo?’ fan skriuwer-dichter Anne Feddema: ‘Is it Mao? Mao syn Dong? / Nee, ’t is Mao, Mao Zedong / Syn tong? Nee, Zedong //

Ta datsoarte fan taalhealwizichheid heart ta in hichte ek de bondel Yn ’e fal fan jûn (2002) fan de Sineeske dichter Hu Thung-song (ps. foar Eeltsje Hettinga en Eric Hoekstra), waans yn Los Angeles tahâldende dochter Li Su-song de manuskripten en de gedichten fan har heit trochdien hawwe soe oan Hettinga. Eric Hoekstra tekene foar de bewurkingen fan de Sineeske poëzij út de mear moderne tiid. Hy basearre him dêrby op in tal Ingelske blomlêzings, mei oersettingen út it Sineesk.

De gedichten dy’t ik foar Yn ’e fal fan jûn makke, yn harren soarte in foarm fan ‘chinoisery’, wienen sawol nei nei ynhâld as foarm stik foar stik út de Sineeske hynstekop sûge. Dat wie ek it gefal by de ynlieding fan de as mystifikaasje presintearre dichter Hu Thung-song. Yn dat foaropskriuwen waard ûnder mear ek referearre oan Joast Hiddes Halbertsma en it Easten. Halbertsma hie yn 1843 it boekje Het boeddhisme en zijn stichter skreaun. Hy seach it boeddhisme as in foarm fan befrijing, op deselde manier as er it doopsgesinde leauwe as in befrijing seach fan it jok fan Roomsk-Katolisisme.

Liet fan it fjild

Wrâldfersaking
Mei de blomlêzing Liet fan it fjild foeget Piter Boersma in moaie leat ta oan it korpus fan ferfryske Sineeske poëzij. Yn in wiidweidich en ynformatyf neiwurd wurdt in yngeande ferantwurding jûn oer syn leafde foar de Sineeske poëzij en de kritearia foar syn kar fan fyftich gedichten op basis fan W.L. Idema syn blomlêzing Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Boersma sketst hoe’t hy op jonge leeftiid fia Slauerhoff syn Verzamelde gedichten yn ’e kunde kaam mei de Sineeske poëzij. In tal gedichten fan Bay Juyi sa’t dy troch Slauerhoff oerset wienen, waarden foar him in oantrún om him fierder en djipper yn de Sineeske poëzy te bejaan.

De blomlêzer syn foarkar leit by de gedichten oer fergonklikheid en mankelikens. By de kar fan syn ferfryskingen spylje it doarp, it plattelân en it boerelibben in relatyf grutte rol. Op basis fan de tsjinstelling amtner-dichter, in faak foarkommend tema yn de klassike Sineeske poëzy, lûkt Boersma yn syn neiwurd in moaie parallel mei de konfusiaanske lear as basis fan de Sineeske steatsideology, in gauris repressive ideology dy’t der faak foar soarge dat men syn geastlik ferlet socht by it taoïsme en it boeddisme, ynbegrepen de dêrby hearrende wrâldfersaking. Neffens Boersma, dy’t sels in libben lang amtner west hat, fynt men by in protte Sineeske dichters dy wei en ommekear nei it taoïsme werom.

Mei de fyftich bewurke gedichten út it Sinees koe de blomlêzer fansels gjin ôfwoegen byld fan de Sineeske poëzij jaan. Dat sprekt. Wol is besocht om yn styl en ynhâld safolle mooglik ferskaat nei te stribjen. Boersma syn foarkar leit by de lyryk. ‘Dy stie it tichtst by my.’ Dêr kaam by dat de klassike Sineeske poëzy neffens him yn it foarste plak ek altiten in lyrysk karakter hân hat. ‘De âldste Sineeske definysje fan poëzy seit, dat in gedicht de ferwurding is fan in gefoel. De dichter is oandien troch de wrâld om him hinne en jout syn gefoelens wer troch syn wurdkar by de beskriuwing fan wat him sa oandie. Dêrby kin it gean om ûnderfiningen út it iepenbiere libben, it sjen fan it lânskip, it ûndergean fan de natuer of om priveesaken. Wat my oansprekt is de direktens en faak ienfâld dêr’t dat mei dien wurdt.’

Mei it oanheljen fan dy Sineeske definysje fan poëzy slút Boersma ta in hichte oan by syn eigen, betide wurk. Te tinken falt oan de poëzy yn de bondel mei de yn dit sjapiter yllustrative titel Net te kearen emoasje (1974). De helte fan de fyftich byinoar brochte ferfryskingen yn Liet fan it fjild komme út de tiid fan de Tang-dynasty (618-906). Ut de tiid dêrfoar binne mei-inoar acht gedichten selektearre en út de tiid dêrnei nochris achttjin gedichten. De blomlêzer hat by de folchoarder fan de gedichten in histoaryske gronology oanholden. Dêr slute fierders ek de twaëntritich ferskillende dichtersbiografyen by oan.

 

Bewurkingen
Lykas sein, dêr’t W.L. Idema yn de Spiegel van de klassieke Chinese poëzie de foarkar jûn hat oan in frije oersetting, dêr hat Boersma foar it rym keazen en by elk gedicht foar alle rigels in likens tal wurdlidden oanholden, al komt dat tal net by definysje oerien mei it tal troch Idema brûkte wurdlidden. ‘Ynhâldlik ha ik Idema sa krekt mooglik neifolge,’ skriuwt Boersma, ‘mar nei de foarm kinne myn oersettingen ek bewurkingen neamd wurde.’ Lit ris sjen nei it gedicht ‘Inspiratie’ fan Bay Yuji.

Inspiratie

Sinds ik de zware regel van de Poort der Leegte volg,
Verdreef ik alle zorgen die mijn leven lang mij kwelden.
Alleen de duivel van de dichtkunst onderwierp ik niet
Zodat mij steeds weer bries en maanlicht blijven inspireren.

Ynspiraasje

sûnt ik de swiere wei fan de leechte gean
ferdreau ik alle soargen út myn bestean
mar de duvel fan de dichtkeunst koe ik net oer
wyn en moanne blaze noch altyd yn ’t fjoer

 

Piter Boersma hat by syn ferfryskingen dus de nedige dichterlike frijheid nommen. Idema is datoangeande weromhâldender. ‘Ik ben geen dichter, al heb ik natuurlijk destijds ook wel wat in de schoolkrant gepubliceerd,’ sei Idema yn in ynterview mei NRC. ‘Het was mij echter al snel duidelijk dat ik qua oorspronkelijkheid en zeggingskracht te weinig te bieden had. Het lijkt mij dus het beste dat ik de Chinese dichters zoveel mogelijk recht doe, in hun eigen woorden.’

De kwaliteit fan de oersettingen út de Sineeske poëzy binne fansels min te kontrolearjen as it om de boarnetekst giet. Dochs dogge de bewurkingen fan Boersma troch it gebrûk fan rym wolris wat forsearre oan. Dêrfoaroer rinne de oersettingen fan Idema meastentiids in slach natuerliker, net yn it lêste plak troch de goed rinnende ritmen. Fierdersoan rint it yn it each dat Idema yn tsjinstelling ta Boersma ynterpunksje en haadletters brûkt, wylst it klassike Sinees fan âlds sûnder lêstekens skreaun waard. Hoe dan ek, lit ús de proef op de som nimme troch ien fan de gedichten, yn dit gefal ien fan Bay Yuji, yn al syn bewurkingen en/of oersettingen njonken inoar te lizzen. Fergelykje sels. It giet om it fers ‘Op de boot de gedichten van Yuan Zhen lezend’ dat troch ferskillende dichters bewurke en/of ferfryske is. Ik begjin mei Idema, folge troch Obe Postma en last but not least Piter Boersma.

Op de boot de gedichten van Yuan Zhen lezend

Uw rol gedichten had ik bij het licht der lamp gelezen,
De olie was verbruikt terwijl de hemel nog niet gloorde.
Mijn ogen staken. Zonder lamplicht bleef ik zitten in het duister –
Door tegenwind gestuwde golven slaan de boot zo luide.

Fersen fan Yu An Chin lêzen oan board fan in skip

Ik nim Jo fersen yn ’e hân en lês dy by it skynsel fan in kers.
– De fersen haw ik út; de kers is tenein; dage is noch net kommen.
Mei pynlike eagen sit ik by de útbarnde kers noch yn it tsjuster,
En lústerje nei de weagen dy’t, dreaun fan de wyn, tsjin de
boech fan it skip klotse.

Op ’e boat de gedichten fan Yuan Zhen lêzend

jo gedichten hie ik lêzen by lampeljocht.
de oalje wie op foar’t it om ’e dage socht
mei stekkende eagen siet ik yn it tsjuster
de weagen beharkjend de sliep alhiel bjuster

 

De blomlêzing Liet fan it fjild is útjûn troch Hispel, in útjouwerij dy’t foar dizze útjefte stipe krige fan de provinsje Fryslân, mar dy’t – en dat kin, sa’t skynt, inkeld yn Fryslân – folslein ûnsichtber is as it om de promoasje of ferkeap fan har boeken giet. In digitale bestelling fan Liet fan it fjild of in by Hispel útbrochte roman lykas Simmer oan ’e Pikmar (2011) fan Sjieuwe Borger fia de webside fan de útjouwerij is net mooglik, want dy is der net.

 

Piter Boersma, Liet fan it fjild (Sineeske gedichten), Utjouwerij Hispel, 2014

Comments
6 reaksjes oan “Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.