Simon Oosting – Û

U-kapke wurdt in projekt dêr’t de letter Û yn sintraal stiet. U-kapke is letterlik it sintrum fan in skilderij op papier, mar ek de earste letter fan in fers. Yn leaden letters is it fers setten, no earst noch om út te finen op hokker wize it op it skilderij printe wurde kin. Mar it wurdt noch mear. U-kapke makket in wurd, wurden meitsje in fers, in fers hat mear fersen makke, yn oare talen en taal makke op ‘e nij bylden, filmkes. It begjin is der.

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.