Sigurjón Birgir Sigurðsson

ARJAN HUT – 

Op it Mediterranean Literature Festival op Malta, augustus 2018, tref ik dichters fan oer de hiele wrâld. Wy foarmje al gau in hechte famylje. Ien fan de dichters is Sigurjón Birgir Sigurðsson, better bekend as Sjón (Yslân, 1962). In dei foar it festival ferdwaal ik mei him yn it hite, drûge doalhôf fan de Malteeske haadstêd. We ha dan krekt mei de hiele groep fjouwerkante pizza’s iten by de lunch, de oaren bliuwe achter yn it smûke restaurant, drinke kinneys en wyn. Sjón hat in gedicht (‘söngur frá silforöld’) dêr’t in eilân yn foarkomt dat ‘Frislandia’ hjit. It stiet op iuwenâlde seekaarten, in eilân hast sa grut as Ierlân, yn de noardlike Atlantyske Oseaan. Hat it wier bestien? Sjón syn romans binne al yn 25 talen ferskynd, syn dagen as punkdichter lizze eins achter him. Hy skriuwt ek senario’s en is freonen mei Björk, dy ken er fan skoalle. ‘It is in lyts eilân’, seit er. Hy skriuwt soms teksten foar har. Sa wie er al ris foar in Oscar nominearre, foar it liet “I’ve seen it all”, op de soundtrack fan Dancer in the dark. Ja, sa dwale we dêr, Sjón hat wol in kaart, mar alle strjitten lykje opmekoar en wat is noard en wat súd? As ik my net fersin, strune we dêr noch altyd.

 

 

 

(twa mominten) (in sykheljen)

in gouden hazze springt

fan de dakrâne

*

sinneblommen draaie de kopkes

nei de stêd ta

*

generaasjes

moarmeren liuwen hâlde har koes

yn de berch

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.