fotografy: Daniel van Stevendaal

Sealterfrysk as gearkomstetaal

HENK WOLF –

Sûnt ein 2020 wurkje ik foar de Oldenburgische Landschaft as taalfunksjonaris foar it Sealterfrysk. Dat is ien fan de trije soarten Frysk, njonken it Westerlauwerske Frysk dêr’t dit stikje yn skreaun is en it Noard-Frysk dat yn it uterste noarden fan Dútslân praat wurdt.

It Sealterfrysk is fan de trije Fryske talen de lytste, mei sa’n tûzen oant twatûzen sprekkers, ferdield oer fiif doarpkes. It wienen fjouwer, mar it útbuorrentsje Wietsound hat okkerdeis doarpsstatus krigen. De doarpkes lizze allegear yn de gemeente Sealterlân, yn de Landkreis Cloppenburg, in healoere riden oer de Nederlânsk-Dútske grins.

Sûnt Kneppelfreed yn 1951 fine wy in soad dingen foar it Frysk normaal – of wy kinne ús yn alle gefallen foarstelle dat oare minsken se normaal fine, of dat dernei stribbe wurdt om se normaal te meitsjen. It hellet hjir de krante net as ien op in gearkomste fan doarpsbelang Frysk praat. It helle op syn heechst ris de krante dat in studint Johannes Kramer ûnderbruts omdat er fûn dat dy him ferbrekke moast. As der wat yn ‘e krante komt, dan is it argewaasje oer it feit dat in frommeske fan de Filippijnen net yn it Frysk de naturalisaasjeferklearring útsprekke mei.

Yn Noard-Fryslân mei der ûndertusken in soad, mar gebeurt dat yn ‘e praktyk noch net. Yn it Sealterlân wurdt der noch amper oer neitocht. Doe’t ik lêsten in gearkomste foarsitte mocht yn it Sealterlân, moast ik ek de wurklist tariede. Ik moat bekenne, ik begûn yn it Dútsk, mar tocht nei in pear rigels: wat bin ik no oan it dwaan? Sa giet soks, men giet mei yn it patroan dat men om jin hinne sjocht. Ik ha alles wer skrast en bin op ‘e nij begûn: guon punten twatalich, in pear allinne yn it Sealterfrysk. By it ferstjoeren fan de útnoeging haw ik noch opskreaun dat de fiertaalkar op ‘e gearkomste frij wie en dat ik wol oersette of gearfetsje soe, mocht ien wat net ferstean.

Dat wie wat folslein nijs. Yn de gemeenterie sels wurdt noait Sealterfrysk praat, mar ús gearkomste yn de riedsseal wie wol o sa meartalich. Twa fan de dielnimmende gemeente-amtners seinen dat se wol Sealterfrysk op skoalle hân hienen, mar se hienen it net echt byholden. Se begrepen lykwols it measte wol en antwurden sels yn it Dútsk. Wat Platdútsk waard der ek brûkt. Ik fette hjir en dêr wat gear en eins gong it foar wûnder. Meartaligens is foar minsken fan goeie wil – en elk wie fan goeie wil – faak net sa’n grut probleem. Dat der by de gearkomste ek twa Nederlanners sieten dy’t Sealterfrysk praten (grif mei in bûtenlânsk aksint) makke boppedat dat de taal net mear te sjen wie as ’taal fan de ynboarlingen’. Arno Brok lit dat yn ús provinsje ek al sa moai hearre.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.