Rju achte Mr. Swearengen

Publisearre op 2 december 2010

JAAP KROL –

As dizze brief by jo op it bureau leit, jo de lêsbril opdogge en mei de wierskynlik messkerpe iepener de slúf iepenje, sil der troch my in lytse huvering gean. Ik bin deadsbenaud foar jo en hoopje dus mar net dat jo nei it lêzen fan dit skriuwen de whiskyflesse út it laad krije, mei de fuotten op tafel in borrel drinke en dêrnei mei de flesse yn de hân op it balkon stean geane fan ‘The Gem’, it bordeel dat jo runne.  Mocht dêrnei ien fan jo personielsleden foarbykomme, dan hoopje ik dus ek net dat jo twingende stimlûd nei ûnderen fleane sil mei de opdracht de f@#$%n son of a bitch-ôfstjoerder fan dizze brief in kopke lytser te meitsjen.

Dit is nammentlik net samar in brief, Mr. Swearengen, mar in brief fan bewûndering. Eins is it wurd ‘bewûndering’ wat frjemd, want lit ús earlik wêze: echt sympatyk binne jo no ek wer net. Jo fernederje oaren en fjochtsje mei it mes ûnder de klean. Geweld leit yn jo omjouwing faak op ’e loer – wat trouwens meastal betsjut dat it net ta in erupsje komt. Gelokkich mar, want in mes yn jo hân, Mr. Swearengen, dat is it wurd dat it liif slypje sil. Fierders ha ik jo noch noait it wurd ‘woman’ of ‘girl’ neamen heard, allinnich mar ‘pussy’ of ‘cunt’. No binne jo in fleishanneler, dus ik begryp it wol, mar netsjes is oars.

Miskien is ‘fassinaasje’ in better wurd as ‘bewûndering’. Jo fassinearje my it meast as jo op dat balkon steane en ûnder it fjoerige ljocht fan de delgeande sinne de drokke strjitte fan Deadwood oersjogge, dêr’t opportunistyske  goudsikers, healwize aventuriers, drugsferslaafden en gokkers omrinne. Gefaarlik folk dus, folk dêr’t jo oer hearskje wolle, mar jo fijannen binne tichtby. Soms steane se achter it rút op in neistlizzende earste ferdjipping, soms steane se op in oar balkon. Yn Deadwood is Amearika noch lyts, mar de strjitte seit wol wat oer it Amearika fan no. Ik mei fansels net generalisearje, mar as ik jo fergelykje mei jo fellow American-in-crime, Mr. Tony Soprano, dan mien ik dochs in blauprint te sjen.

Dochs binne jo, oars as Mr. Soprano, net in psychopatyske gangster. Ik hear jo faak murmeljen, as ien fan de famkes jo befrediget en jo de eagen ûnder it jeuzeljen ta fjoerballen wurde. Altyd wer dy mei whisky oergetten, yn grime opdiste oantinkens; altyd wer de nachtmerjes foar eagen, ek as de sinne wer opkomt en de dei wer bestean sil út saken dwaan, drinken, fernederjen en skellen. As jo sprekke, Mr. Swearengen, binne jo mear as in Amerikaansk histoarysk figuer. Jo wurden trilje troch myn keamer en jo minsklikheid wurdt grutter en grutter – soms sels begryplik. De reden dat ik jo dizze brief skriuw is foaral net om’t ik jo demoanen begryp, mar om’t ik se soms fernimme kin. Ik ha noch noait sa’n yndrukwekkend personaazje op de televyzje sjoen as jo.

Jo moatte dat ek in bytsje fan myn kant besjen, Mr. Swearengen. Gjin lân sa sterk yn it ferbyldzjen fan it fernimmen (‘voelen’, ‘gewaarworden’, ‘bemerken’) as Amearika yn syn drama. Fansels bin ik ek wei fan jo kollega’s út The Sopranos, The Wire en Mad Men, mar jo hawwe wat spesjaals. Jo magyske stimlûd en fantastysk moaie folsinnen hearskje yndie oer dy drokke strjitte – en it byld fan jo op dat balkon, mei de flesse yn de hân en de wurden yn in hieltyd wat lichtere fersnelling útsprutsen, is ûnferjitlik. Mr. Swearengen, soms kin de taal de geast net slypje, mar is it ûnbegryplik moai. Jo binne de poëet fan Main Street.

Yours sincerely,

Jaap

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]