Reuring vinden we juist te gek

NIELS LAHUIS – 

It potsje stiet der echt. Prominint delset op de gearkomstetafel yn it tydlike kantoar yn de Haniahof. Elkenien dy Neushoorn in poppoadium neamt, moat tweintich sint ynleverje foar de meiwurkersbarbecue. ‘Je kunt ons niet simpelweg een poppodium noemen’, fersekeret direkteur Janpier Brands mei in grutte gniis. Hoewol’t de betizing fluch makke is, is poppoadium yndie in te lyts wurd. Neushoorn wurdt folle mear dan dat. Net allinne troch de trije sealen, mar ek troch de ymplemintaasje fan oplieding D’Drive. ‘Het moet een plek worden waar je niet alleen wordt aangesproken als consument, maar ook als producent.’

Dy produsinten kinne neffens de 47-jierrige Brands oeral wei komme. Talintûntwikkeling is in wichtich spearpunt foar Neushoorn en dat jildt net allinne foar de studinten fan D’Drive, mar ek foar de studinten fan de Academie voor Popcultuur, NHL Hogeschool of Stenden.

 

Neushoorn kan ons eigen Vera of Simplon worden.

 

‘Neushoorn gaat een plek worden waar je elkaar tegenkomt en waaruit ideeën ontstaan’, leit Brands út. ‘Daar kijk ik zelf heel erg naar uit. Dagelijks gaan er tweehonderd à driehonderd creatievelingen rondlopen en vermoedelijk gaat dat allerlei interessante shit opleveren.’ It past folslein binnen de fyzje fan Brands, dy’t earder as dosint fan de Academie voor Popcultuur in wichtich part levere oan talintûntwikkeling. Mar nettsjinsteande harren eigen oertsjûging, hat Neushoorn te krijen mei in soad krityske lûden en twifels.

 

Druk
In pear wike lyn stelde Willem de Vries yn ien ynterview mei de Moanne dat de druk op Neushoorn fanút de gemeente heech is. In druk dy’t neffens eigen sizzen Brands op dit stuit noch net fielt.

‘De kaders zijn heel duidelijk. Er is €270.000 aan structurele bijdrage vanuit de gemeente, er is een gebouw en er is een duidelijk beleidsontwikkelingsplan vastgesteld. We zijn nu aan het kijken of het gaat lukken binnen die kaders. Dus so far, so good. We liggen op schema. Het beschikbare budget lijkt misschien wat hoog, maar het is toch betrekkelijk weinig. Het betekent dat we echt flink moeten gaan verdienen, dus die druk komt nog wel.’ Fanút de gemeente moat de druk dan faaks noch komme, de publike opiny is al in aardich skoftke frij kritysk oer Neushoorn.

Koartlyn makke Neushoorn har namme bekend, mei in stoarm oan krityk as gefolch. Sa soe de namme in link hawwe moatte mei Ljouwert of like it oan de oare kant wer te folle op it yn de jierren santich al sletten jongerensintrum Hippo.

‘De discussie lag voor ons wel een beetje in de lijn der verwachting’, leit Brands út. ‘Maar al die kritische geluiden vonden we natuurlijk te gek. Voor mij heeft het z’n doel bereikt want de naam Neushoorn zit nu goed tussen de oren bij het publiek. Aan de andere kant snap ik de teleurstelling ook wel. Er was een totaal andere verwachting, maar ik denk dat het precies de goede naam is. En wij zijn volledig in staat om deze naam van een betekenis te voorzien.’

Hoewol’t der yn Nederlân meardere poppoadia mei frjemde nammen te finen binne (tink bygelyks oan Doornroosje of De Bosuil), springt Neushoorn der dochs wol in bytsje út. ‘Het ligt erg buiten de verwachting. De naam Neushoorn heeft, zoals ik het noem, een hoog what the fuck gehalte. En dat sluit eigenlijk ook wel aan op wat we van plan zijn.’

 

Programmearring
It duorret noch wol efkes foar’t it safier is. Underwilens is de bou fan Neushoorn yn folle gong en stiet de offisjele iepening pland foar desimber. Fan septimber ôf wurde der lykwols al konserten organisearre. In grut part fan de programmearring sil oer in pear wike bekend makke wurde. Stonerrockfestival Into the Void is al nei bûten brocht.

‘We zijn niet van plan om de lijn van Poppodium Romein qua programmering door te zetten, maar juist te versterken’, ferklearret Brands. ‘Naast de reguliere concerten zit er voor ons een grote kans in de nachtprogrammering. We hopen een vergunning te krijgen om tot 05.00 uur door te gaan dus daar liggen voor Leeuwarden fantastische mogelijkheden. Neushoorn zal op deze manier ons eigen Vera of Simplon gaan worden.’

 

Neushoorn iepenet oan it begjin fan it kommende kulturele seizoen de doarren. De bou oan it Harmoniekwartier is te folgjen fia Facebook en Twitter.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.