Potemkingemeente

Publisearre op 8 juli 2013

JAN FOLKERTS – 

De dream fan in bloeiend plattelân, dêr’t lokkige en sûne minsken yn harmony mei harsels, mei de natoer en mei harren meiminsken libje, is in dream fan alle tiden. We sjogge dy dream werom yn de propaganda fan totalitêre rezjyms, dêr’t laitsjende en sûnreade boeren it nôt rispje foar de gloarje en de eare fan de naasje en it heitelân. Yn in myldere foarm sjogge we it werom yn de fyzje fan de stedsminske op it teloargean fan de ‘autentike’ doarpsmienskip, gauris in projeksje fan it eigen langstme nei in tiid dy’t nea mear weromkomt. Sa is Geert Mak syn bestseller Hoe God Verdween Uit Jorwerd oan ’e iene kant in skoandere beskriuwing fan de feroarings yn it Nederlânske en Fryske doarp yn de lêste ieu, mar tagelyk ek in foarm fan falske byldfoarming oer in hast ûnferoarlike en autarkyske mienskip, dy’t der yn wurklikheid nea west hat. De sentimintaliteit leit hjir al gau op ’e loer.

Dy sentimintaliteit kin ek maklik in rol spylje yn de aktuele diskusje oer de gemeentlike weryndieling yn Fryslân.

De foarstanners brûke it bekende rychje technokratyske en bestjoerlike arguminten: wy binne ús taken net mear treast en de buorlju dêr’t wy mei gearwurkje wurde te grut. De lytse gemeente hat – as der neat feroaret – aansens nearne mear wat oer te fertellen. It measte wurk wurdt ommers dien troch grutte gemeenten yn de omkriten.

De tsjinstanners freegje har ôf foar hokker probleem oft weryndieling no krekt in oplossing is. Der is ommers net folle bewiis dat de saken better rinne sille as de gemeente trije of fiif kear sa grut wurden is. Se wize ek op de desastreuze effekten fan hieltyd fierdergeande opskaling yn soarch en ûnderwiis.

No’t yn ferskate regio’s fan Nederlân de gemeentegrinzen gauris al foar de twadde of tredde kear feroarje yn in tiidrek fan inkelde generaasjes, spilet de lokale identiteit in lytsere rol as foarhinne.

Dochs driget neffens de tsjinstanners wat belangryks wei te wurden. Maar wat eins krekt? Gauris wurdt dan de ‘nabijheid van het bestuur’ neamd. Ast it gemeentehûs bellest, kinst de wethâlder meastentiids oan ’e telefoan krije sûnder earst trije wiken fan tefoaren in ôfspraak meitsje te moatten. Oft de wethâlder noch wier wat te sizzen hat wurdt troch guon sels net iens mear fan belang achte. Ast mar kofjedrinke kinst mei him!

Der is wat aparts mei de diskusje oer de gefolgen foar de ôfstân boarger-bestjoer by fierdere gemeentlike opskaling. It liket op in foarm fan bestjoerlike symptoombestriding, wêrby’t de oarsaken alhiel bûten skot bliuwe.

Ik doel op de stream fan nije taken dy’t Den Haach, meastentiids mei in stevige finansjele koarting, tadielt oan de gemeenten. Ek de útfiering fan al besteande taken wurdt troch nije wetjouwing faak sa kompleks makke dat lytse gemeenten al gau konstatearje moatte dat se it wurk allinnich net mear treast binne.

As de fûnemintele diskusje oer de winsklikheid fan sokke grutte operaasjes net fierd wurdt dêr’t dy fierd wurde moatte soe, nammentlik yn Den Haach, dan bliuwt foar lytse gemeenten dy’t net meidwaan wolle, oars neat oer as in Potemkin-konstruksje.

De Russyske minister Potemkin beregele oan ’e ein fan de achttjinde ieu ferpleatsbere nepdoarpen, leafst yn de bocht fan de rivier, sadat de tsarina op har reizen in geunstige yndruk krije soe fan it fleurige plattelân.

De lytse gemeente dêr’t it goed kofjedrinken is mei boargemaster of wethâlder, mar dy’t gjin inkelde ynfloed mear hat op it wolwêzen fan de boarger, wurdt in Potemkingemeente: in ferrifeljend echt lykjende nepgevel, dêr’t in kolleezje, in rie en amtners achter te finen binne, dy’t krekt echt lykje mar yn feite nearne mear wat oer te sizzen hawwe. Sa’n Potemkingemeente is gjin oplossing foar it nije demokratyske tekoart dat driget te ûntstean troch fierdergeande opskaling, mar in plasebopil, dy’t koarte tiid wat ferlichting jout, mar de sykte fan it bestjoerlik bestel in skoftsje letter fûleindich weromkomme lit.

Demokratyske herfoarming en binnengemeentlike desintralisaasje yn de nije, grutte gemeenten jouwe miskien kânsen. De resinte skiednis fan Nederlân lit sjen dat elke feroaring fan ús steatsbestel dreech is. Mar troch it tanimmende tempo en de skaal fan de ûntjouwings komt it sûnder sa’n herfoarming ier of let op ’e kop ferkeard. En net ien wit wat dan de gefolgen binne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]