Ahilan Ratnamohan
fotografy: Alexander Schwarz

Pidgin X: ‘Ik voel een soort van imperialistische schuld’

WENDY KENNEDY –

Keunstner Ahilan Ratnamohan wol mei it projekt Pidgin X fan Explore the North yn Ljouwert in demokratyske taal meitsje. Hy sjocht dat talen soargje foar in machthierargy. Sels is hy grutbrocht mei it Ingelsk. Hy fielt dat hy dêrmei macht erve hat en dat sit him net lekker.

Ahilan is opgroeid yn Australië. Syn Sri Lankaanske heit en mem kieze der bewust foar om him mei de Ingelske taal grut te bringen. ‘Ze hadden schrik dat ik op de crèche met een accent zou gaan praten’, fertelt de 36-jierrige Ahilan Ratnamohan, dy’t ek floeiend Flaamsk praat. Hy wennet sûnt 2013 yn Antwerpen. Hy fynt it tige spitich dat syn âlden him eartiids gjin Tamil leard hawwe. ‘Het heeft me een klein trauma opgeleverd en ik voel een soort van imperialistische schuld. Ik heb bijgedragen aan het verspreiden van de Engelse taal: een taal met veel macht, maar ik wil die macht helemaal niet hebben.’

Taal is macht
Yn 2004 kaam hy nei Europa en wenne in skoftke yn Nederlân as ûnderdiel fan in stúdzje-útwikseling. ‘Eigenlijk had ik een ander doel, ik wilde profvoetballer worden. Ik woonde in een internationale context waar Engels werd gesproken.’ Mar dat fielde net goed foar him. In pear jier letter is hy in skoftke yn Dútslân om te fuotbaljen en dêr besiket hy de Dútske taal te learen. ‘Ik weet nog zo goed hoe dat voelde. Ik sprak in het begin de taal op het niveau van een klein kind en dat veroorzaakte dat mensen me ook aanspraken als een klein kind, terwijl ik volwassen was: heel gek. Dat is me tot op de dag van vandaag nog heel helder bijgebleven. Men heeft de neiging het algehele niveau van nieuwkomers te reduceren tot hun taalniveau. Hoe dat voor mij voelde? Ik dacht: dan ga ik daar lekker van genieten, van kind zijn en de taal zo te leren. Maar veel nieuwkomers kunnen zich hierdoor minderwaardig voelen. Wij moeten ons veel bewuster worden van hoe wij elkaar benaderen, en strategieën ontwikkelen om het voor iedereen beter te maken.’

Ahilan Ratnamohan

Alexander Schwarz

En dat is wêr’t it projekt Pidgin X mei oan ’e slach giet. Neffens Ahilan giet it allegearre om macht. ‘Ik besef heel goed hoeveel macht ik heb geërfd omdat ik met de Engelse taal ben opgevoed. Overigens merk ik in de Europese context dat mijn huidskleur me juist weer geen macht geeft, het is in mijn geval camouflage. Ik weet dat het Engels soms de beste oplossing is, maar het gaat ook om de geste. Het gaat om het bewustzijn en de poging.’

Hy fertelt oer de situaasje yn België, dêr’t Frânsk en Flaamsk sprutsen wurdt, mar dat men oergiet op it Ingelsk at in Waal en Flaming allinnich mar harren eigen taal behearskje, at se mei elkoar prate wolle. ‘Ik erger me hieraan. Door deze globalisering zijn talen aan het uitsterven. Waarom kan men niet gewoon een van beide talen spreken? Het hoeft niet perfect te zijn, het gaat om de intentie’, sa fynt Ahilan. ‘Ik ken iemand uit Kameroen. Zijn moeder sprak een andere taal met hem dan zijn vader en op school werd er Engels gesproken. Hij beheerste niet alles perfect, maar ze konden communiceren. Er was geen strijd om altijd met perfectie de woorden te spreken. Perfectie gaat er nooit komen, dat is een illusie. Maar het is fijn om het te blijven proberen.’

Memmetaal

Ahilan is krekt úteinsetten mei syn projekt yn Ljouwert. Hy hat no sa’n tweintich ynterviews hân mei ynwenners fan Ljouwert dy’t in oare memmetaal hawwe as it Nederlânsk. Fan ’t simmer draaide hy dit projekt as proef yn Amsterdam, as tarieding foar it projekt yn Fryslân. ‘In Amsterdam sprak iedereen Engels en ik had het idee dat er totaal geen urgentie was om Nederlands te leren. Zelfs als ik mensen in het Nederlands benaderde, werd er in het Engels op me gereageerd. Amsterdam is een internationale stad en wordt beheerst door de taal van de economie, het Engels. Zelfs als ik in de Albert Heijn afreken, wordt er Engels tegen me gepraat. Ik vind dit jammer, het voelt voor mij alsof de Nederlandse identiteit is verkocht.’

Yn tsjinstelling ta Ljouwert, sa fernimt hy. ‘Het is hier veel interessanter: er is hier een hele andere taaldiversiteit in een complexe omgeving. Ik merk dat de urgentie hier veel groter is om de taal te leren, zo vernam ik onder meer bij stadskunstenaar Cote Create uit Chili. Ze vertelde me dat ze nog niet zo goed Nederlands spreekt, maar voelt dat het moet. Ook sprak ik met een Amerikaan die hier werkt en veel in het Engels communiceert. Hij voelde zich gediscrimineerd. Er werd hem verzocht liever niet het gepolijste Engels vanuit zijn moedertaal te gebruiken, maar het simpelere Europese Engels.’

Hjir komt macht om ’e hoeke sjen, sa fynt Ahilan. Hy is op syk nei mear lykweardichheid. ‘Je kunt zeggen dat we een democratische taal willen maken met het project. Het eerste idee was het maken van een woordenboek met woorden uit verschillende moedertalen die mensen missen in de taal waar men woont en leeft.’ Hy hellet in foarbyld oan dat ticht by him stiet. ‘Zo is het woord Aiyoo uit het Tamil een aantal jaren terug opgenomen in het Oxford Dictionary. Het is een uitdrukking voor dat er iets slechts is gebeurd. Hier was geen goed woord voor in het Engels en dus gebruikte men het Tamilse woord in het Engels.’

It projekt bringt no al in soad teweech, sa is der ek krityk. Dichter Abe de Vries en skriuwer Friduwih Riemersma neame it rasistysk en nasjonalistysk. Riemersma fynt de ynstek fan it projekt net goed. ‘At je it hawwe oer ús taal en de oare talen is dat net lykweardich.’ Boppedat fynt se it meitsjen fan in nije taal gjin goed idee. ‘Je pakke út eltse taal wat en hukselje dat trochelkoar en krije sa ien taal. Alles moat meielkoar yntegrearre wurde en fan hegerhân offisjeel makke: mei in wurdboek. Dat soarget derfoar dat al it ferskaat fuort giet. En dat is no júst it grutte gefaar foar foaral de lytsere talen’, sa warskôget se. ‘Allerhanne goedbedoelde projekten sa as Pidgin X wurkje it beheinen fan ferskaat allinnich mar yn ’e hân. It binne doekjes foar it blieden yn de neoliberalistyske tiden dêr’t wy yn libje. It merktinken wurket ek troch yn de talen dy’t we hawwe en brûke. It wurket ta nei ien taal yn de wrâld, de taal fan de hannel: it Ingelsk. Dat Pidgin X in Ingelske namme is, seit al gâns wat. Pidgin X docht neat om net ta ien unifoarme taal te kommen. Sokke projekten drage der earder oan by om dy neoliberale ûntwikkelingen yn ús wrâld akseptabel te meitsjen, yn plak fan de ferskate talen dy’t der binne te omearmkjen en der wêze te litten.’

Ahilan fynt de krityk oerdreaun, mar begrypt wêr’t it weikomt. Hy tinkt út de skiednis en de eangst om wat te ferliezen. ‘Ik wil geenszins bepaalde talen een plaats lager zetten dan andere talen. Men neemt het te letterlijk, we zijn niet serieus van plan om een nieuwe taal te creëren. Het is een kunstproject, het is fictie. We willen op een poëtische manier onderzoek doen en bepaalde machtsstructuren blootleggen.’ En belangriker noch, sa lit hy witte, dy reaksje jout oan hoe gefoelich dit tema hjir is en hoe relevant in projekt lykas Pidgin X dus is. ‘Ik vind dat twee identiteiten heel goed naast elkaar behouden kunnen worden. Soms zie je dat migranten in het huidige systeem keihard de nieuwe taal leren en hun eigen taal vergeten en dat vind ik heel erg jammer.’

Fierder fynt Riemersma de namme fan it projekt hiel ûngelokkich keazen. ‘Pidgintalen binne talen dy’t betocht binne troch oerhearskers sadat se mei harren slaven prate koene. It binne faak maklik makke talen mei hast gjin grammatika, sa fan: “jij niet snappe, jij dom”. Ik hear minsken ek wolris op dy wize praten mei Marokkaanske of Turkske Nederlanners.’

Ahilan snapt ek wêr’t dy krityk weikomt, mar fynt dat macht hjoed-de-dei gjin rol spilet by pidgintalen. In pidgintaal is neffens him in simpele taal dy’t ûntstiet at minsken dy’t elkoars taal net kenne, elkoar dochs besykje te begripen. ‘Ik werk in het theater met voetballers uit Nigeria en Kameroen. Ze spreken ieder een andere pidgintaal die ze van elkaar kunnen begrijpen en zo kunnen ze met elkaar communiceren. Het is een eenvoudige taal die je je vlot eigen maakt. De poëzie van zo’n taal is me erg bijgebleven.’ Dat is wat him ynspirearre hat foar it projekt. En wat de namme oanbelanget, it is noch in wurktitel, dat kin noch feroarje. Dat is ek oan de dielnimmers, sa lit Ahilan witte. En dat jildt ek foar it úteinlike einresultaat. Wurdt it in wurdboek of dochs hiel wat oars?

It projekt is foar de fan oarsprong teäter- en dûnsmakker in besykjen om út syn standert wurkwize te brekken, al is de tematyk dêr’t hy him mei dwaande hâldt net nij. Yn 2017 wie hy mei syn stik ‘Reverse Colonialism!’ yn it Grand Theatre yn Grins. De Theaterkrant skreau doe yn in resinsje dat it stik grutte yndruk makke. ‘In Reverse Colonialism! confronteert maker Ahilan Ratnamohan ons op een zeldzaam rattige manier met onze houding tegenover Afrika en Afrikaanse migranten. Een houding die door ons koloniale verleden én heden belast is en waarvan we ons helaas zelden bewust zijn. Ratnamohan kiest er daarbij niet voor om zijn jonge Afrikaanse spelers oude beschuldigingen aan ons adres te laten herhalen, over slavernij en uitbuiting. Maar laat hen uitdragen waar zij zelf voor staan.’

Gjin teäter of dûns ditkear, mar wol wer it tema macht dat utere wurdt yn it brûken fan taal. Ahilan hat in grutte obsessy foar taal en hat him al flink wat talen eigen makke: it Flaamsk, Dútsk, Spaansk en sels it Letsk. Fjouwer jier lyn is hy ek begûn om de taal fan syn heit en mem te learen: it Tamil. ‘Ik leer de taal samen met mijn moeder via Skype. Het is ons bijna gelukt om onze voertaal te veranderen naar het Tamil. Het is aan de ene kant heel merkwaardig, maar het levert zoveel nieuwe ervaringen op. Ik voel me weer helemaal kind bij mijn moeder, omdat ik de taal beheers als een zesjarige. Het verandert je relatie, je praat over andere dingen.’

 

Wendy Kennedy (1983) is sjoernalist by Omrop Fryslân mei as spesjalisaasje kultuer. Se hat sjoernalistyk studearre oan de RUG yn Grins.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.