PEN Nederland en it briefke fan fallyt

EELTSJE HETTINGA – 

Nei de oanslaggen yn Londen, Madrid, Paris en Kopenhagen liket der by sjoernalisten en skriuwers bytiden de oanstriid om út eangst foar geweld en terreur oer te gean ta selssinsuer. By it Festival van het Vrije Woord, lêstenwyks yn de Balie yn Amsterdam, stapte PEN Nederland, de skriuwersferiening dy’t oprjochte waard om it frije wurd te beskermjen, út de organisaasje fan it Festival omdat men gjin ferantwurdlikens nimme woe foar in jûn mei de Deenske kartoonist Kurt Westergaard.

De Deense krante Jyllands-Posten publisearre yn 2006 de kartoon fan Westergaard oer de profeet Mohammed mei in moai rikjende bom yn de tulband. Sûnt dy tiid is de kartoonist ien fan de meast bedrige keunstners yn Europa. Syn libben kin net sûnder plysjebeskerming. By syn komst op it Frije Wurd Festival yn de Amsterdamske Balie stapten mar leafst fiif bodyguards om him hinne. It debatsintrum sels wie feroare yn in omtrint hermetysk ôfsletten festing.

 

Hollerombom
Westergaard koe dêr frij it wurd dwaan tanksij de ynset fan ûnder mear de Amsterdamske boargemaster Eberhard van der Laan. Hy garandearre de feilichheid fan de debatjûn yn de Balie. Van der Laan: ‘Nu komt het er op aan om het vrije woord te verdedigen. Bij mooi weer is het gemakkelijk genoeg. Als het vrije woord gevaar loopt, dan moet je er staan.’

De wilens tachtich jier âlde kartoonist, dy’t útnoege wie om in lêzing oer parsefrijheid te dwaan, hie ek sizze kinnen: Ik kom net nei de Balie, ik doar it net oan oan, sykje mar in oar. Mar Westergaard liet him net kenne, lit stean lyts man meitsje. Foar him jildt: moed ferlern, alles ferlern.

Dy koeraazje koe PEN Nederland net opbringe. De feriening luts him werom út de organisaasje fan it Festival. Eventuele oanslaggen of oare kalamiteiten, dêr woe PEN net de ferantwurdlikens foar hawwe. Bestjoersfoarsitter Manon Uphoff repte yn NRC fan de mooglikheid fan in deafûnis as ferfolge auteurs yn lannen dy’t in loopke mei de frijheid fan miening nimme yn ien azem mei Westergaard neamd wurde soenen.

Ek al liet it PEN-bestjoer witte dat ‘wij het vanzelfsprekend vinden dat een bedreigde cartoonist als Kurt Westergaard onvoorwaardelijke steun en bescherming verdient,’ by de Amsterdamske debatjûn sels kaam it PEN-bestjoer net opdaagjen, men liet de Deenske kartoonist simpelwei yn ‘e kjeld stean. De ‘onvoorwaardelijke steun’ bliek oars net as hollerombom. De skriuwersferiening dy’t seit op te kommen foar ferfolge skriuwers dy’t net frij har miening dwaan kinne, skreau himsels op dy manier in briefke fan fallyt.

 

Selssinsuer
De saak Westergaard docht tinken oan it gefal fan de Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan, in dichter dy’t fanwegen syn ûnmeilydsum hurde krityk op de Deenske mienskip fan ymmigranten permaninte befeiliging nedich hat. Ferline jier soe er syn bondel Gedichten presintearje op Poetry International yn Rotterdam, wurk dêr’t er net allinne de Deenske debutantenpriis foar krige, mar ek in tal prestizjeuze ynternasjonale prizen. Yn ús lân wie it ûnder oaren Remco Campert dy’t syn poëzij de himel yn priizge.

Hassan kaam yn Rotterdam lykwols foar de winige doar. Syn komst soe tefolle trammelant jaan: islamdebatten, rellen en reuring. Poetry-direkteur Bas Kwakman betocht (foar de bûtenwacht) in oare reden om Hassan bûten de doar te hâlden. De kwaliteit fan it wurk soe de oanwêzichheid fan de dichter op ‘Poetry’ net rjochtfeardigje. ‘We [zagen] na lezing van zijn bundel geen aandacht voor hem,’ sei Kwakman yn de altiten feilige pluralis majestatis.

Ut eangst foar geweld en terreur binne kranten, skriuwers en organisaasjes lykas Poetry International wat langer wat mear op harren hoede as der krityk op de islam yn it spul is. Yn in ynterview mei Trouw sei Kurt Westergaard oer dy foarm fan selssinsuer dat it in kwestje fan eangst is, net allinne de minsken binne neffens him bang, ek de media binne dat.

‘Mijn oude krant, Jyllands-Posten, drukte de voorpagina van Charlie Hebdo na de aanslagen niet af. De hoofdredacteur was dapper genoeg om te zeggen: wij zijn bang, we doen het niet. Hij is niet de enige. Ik snap zijn keuze, maar bij de creatieven en intellectuelen barst het op een dag. Je kan op lange termijn journalisten, artiesten en cartoonisten niet weerhouden van tekenen en schrijven.’

It binne de ekstreemrjochtse partijen en organisaasjes dy’t gauris besykje om dyjingen te ynkorporearjen dy’t har yn it publike debat mei satire, spotprinten of poëzij kritysk oer de islam útlitte. Kurt Westergaard hat gjin nocht him yntegrearje te litten, yn gjin inkelde partij. ‘Ik wil niet verbonden zijn met een politieke kleur.’

Yahya Hassan liet datoangeande yn NRC witte: ‘Ik ben iemand die zo nu en dan een gedicht schrijft. De dingen die ik bekritiseer, hypocrisie, geweld en fraude, zijn niet aan moslims of de islam voorbehouden. Dat is menselijk gedrag dat je bij allerlei soorten mensen en verschillende religies terugvindt. Maar ik ben niet christelijk of joods, ik kom uit een moslimgezin. Dat is mijn achtergrond, daarom praat ik erover. Ik heb niet de referenties om over andere dingen te praten.’

 

Repressy
Wannear’t skriuwers en keunstners as Kurt Westergaard of Yahya Hassan permanint bewaakt wurde moatte, wannear’t kollumnisten as Ebru Umar – se skreau earder foar De Gezonde Roker fan Theo van Gogh – mei de dea bedrige wurde omdat se de profeet Mohammed yn de seik naam troch him ‘een dooie gast’ te neamen of wannear’t kabaretiers tinke, lit my dy grap oer Mohammed mar net meitsje, want oars moat ik aanst ûnderdûke, dan leit in fierdere kulturele repressy, ynbegrepen alle selssinsuer, op ‘e loer.

Mei op it each op dy ûntjouwing hie PEN Nederland yn neifolging fan boargemaster Eberhard van der Laan foar it frije wurd stean moatten yn pleats fan derfoar wei te rinnen doe’t it der werklik op oan kaam. Mei troch dy hâlding hat de skriuwersferiening himsels degradearre ta in moai-waar-praters-klup.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.