• 19 mei 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Nei de oanslaggen yn Londen, Madrid, Paris en Kopenhagen liket der by sjoernalisten en skriuwers bytiden de oanstriid om út eangst foar geweld en terreur oer te gean ta selssinsuer. By it Festival van het Vrije Woord, lêstenwyks yn de Balie yn Amsterdam, stapte PEN Nederland, de skriuwersferiening dy’t oprjochte waard om it frije wurd te beskermjen, út de organisaasje fan it [...]