Pamflettestriid yn de santjinde ieu

ARJEN DIJKSTRA –

Oan ’e ein fan de jierren njoggentich fan de santjinde ieu fochten guon auteurs fan Frysk komôf in fûle pamflettestriid út. De kwestje dêr’t hja harren oer opwine liket op it earste each benammen in lestich technologysk probleem en net mear as in botsing tusken in gelearde professor en in praktysk ynstelde skipper. By neiere bestudearring leit it ek wichtige kulturele, religieuze en politike tsjinstellings bleat. Hege Fryske politisy en foaroansteande teologen griepen de pamflettestriid oan om rekkens te fereffenjen, de oanfal te iepenjen of beskermelingen te helpen. Arjen Dijkstra ûndersocht dy striidskriuwerij en skreau der in skripsje oer.

Yn 1689 kaam by in Haachske printer in pamflet út fan de Harnzer skipper Lieuwe Willemsz Graaf (1652-1704). By it iepenslaan fan dat fluchskrift is al gaueftich dúdlik dat de auteur der net foar omlizzen giet om minsken te misledigjen. Sa omskriuwt er de man tsjin wa’t it neiwurd fan syn pamflet rjochte is as immen fan wa’t ‘syn verstant te rauw en te plomp [is], sijn gemoet vol haat, sijn herte vol bedroch, sijn herssenen vol spijt, en sijn ogen blint fan nijt sijn.’

Dat bringt ús fansels by de fraach wa’t dêr troch dy Harnzer skipper sa grouwélich teplak set wurdt. It blykt nimmen oars te wêzen as de Frjentsjerter heechlearaar yn de wiskunde fan dat momint, Bernhardus Fullenius jr. (1640-1707), in earbiedweardich gelearde, mei goede konneksjes oant yn de heechste fermiddens fan de Republyk. Hy korrespondearre mei de grutte gelearden fan syn tiid, lykas Christiaan Huygens (1629-1695). De Switserske gelearde Jacob Bernouilli (1654-1705) droech in boekje oan him op. Hy hie ek persoanlik en yntinsyf kontakt mei de sekretaris fan de Fryske Nassaus, Philip Ernst Vegelin van Claerbergen (1613-1693). En in jiermannich letter soe Johan Willem Friso (1687-1711) syn beskermeling wurde, doe’t dy him ynskreau oan de Frjentsjerter universiteit.

‘Op iepen see hie in skipper allinnich de himellichems en in kompas ta syn foldwaan om syn posysje te bepalen.’

Yn 1688, in lyts jier foardat Lieuwe Willemsz syn pamflet yn Den Haach printsje liet, hie er op besite west by Fullenius mei in bondel papieren dy’t in wichtich ‘secreet’ (geheim) befetsje soe. Op ien fan syn reizen wie de Harnzer skipper yn kontakt kommen mei in Noard-Dútske professor yn it Hebrieusk. Dy professor, Mattheus Wasmuth (1625-1688), wie nei syn stúdzje oan de universiteit fan Leiden yn oanrekking kommen mei in fariant fan de kabbala. De kabbala is in alten tradysje om parten fan it Alde Testamint op in mystike wize te ynterpretearjen. Dat hie Wasmuth yn steat steld om de Hebrieuske letters dêr’t it Alde Testamint yn skreaun wie op ’en nij te lêzen. Benammen de aksinten tusken de letters soene in wichtich boadskip befetsje. Dêrtroch hie er it momint fan de skepping folle sekuerder útrekkenje kinnen. De ymplikaasjes dêrfan wiene ûnbidich grut, sa soe Wasmuth Lieuwe Willemsz tabetroud hawwe. Ien fan dy ymplikaasjes wie dat der in manier fûn wie om lingte te finen op iepen see.

Op iepen see hie in skipper allinnich de himellichems en in kompas ta syn foldwaan om syn posysje te bepalen. Dat is yn prinsipe genôch om in koers te farren dy’t folslein parallel rint oan de evener: yn seefearttermen de breedte. Sadree’t in skip lykwols in yngewikkelder koers fart – wat nochal ris it gefal is – kin de stjoerman feitliks syn koers allinnich mar rûze. It wie oant de ein fan de achttjinde ieu ûnmooglik om eksakt te bepalen hoe fier oft in skip bygelyks ûnderweis wie tusken it Amerikaanske en it Europeeske kontinint. Alle wiken kamen der ûngelokken foar en soms stoarten hiele floaten harren op kusten dêr’t fan tocht waard dat dy noch hûnderten seemilen fuort wiene. It finen fan lingte op iepen see wie ien fan de grutste problemen fan de iermoderne tiid.

Lieuwe Willemsz tocht dat er in oplossing foar dat probleem fûn hie en dy oplossing wie in protte jild wurdich. Mei help fan tabellen dy’t er út de kabbala fan Wasmuth distillearre hie en in ienfâldige observaasje fan de moanne koe de posysje fan in skip op iepen see berekkene wurde. Wat Lieuwe Willemsz no noch nedich hie wie de stipe fan immen dy’t bedreaun wie yn de wiskunde. Sa’n stipe soe syn metoade betrouberheid jaan, benammen om’t navigaasje sjoen waard as ûnderdiel fan de praktyske wiskunde. De finer fan in betroubere en wurkjende metoade soe nammentlik in grutte som jild krije fan de oerheid fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen.

‘Mei help fan tabellen dy’t er út de kabbala fan Wasmuth distillearre hie en in ienfâldige observaasje fan de moanne koe de posysje fan in skip op iepen see berekkene wurde.’

Lieuwe Willemsz fersocht Fullenius moai wat kearen om stipe om de metoade erkend te krijen. Fullenius hat him sels in kear opsocht yn Harns. Mar, sa ferklearre de Frjentsjerter professor yn persoanlike brieven, de moetings rûnen der iderkear wer op út dat de skipper syn ultym geheim net oerjaan woe. Om fan tabellen op it finen fan lingte te kommen wie noch net sa ienfâldich as de Harnzer skipper foarkomme litte woe, sa tocht Fullenius. Dêrnjonken wantroude Fullenius de basis fan de tabellen. Der ûntstie in klassike tsjinstelling: de gelearde woe dat ‘het secreet’ op tafel kaam, sadat it ûndersocht wurde koe. De praktysk ynstelde skipper wie bang dat, wannear’t er syn geheim oerjoech, syn kâns op in beleanning foarby wêze soe.

Fullenius besleat doe Lieuwe Willemsz net te stypjen. Hy advisearre sels ien fan de machtichste manlju fan Fryslân, Philip Ernst Vegelin van Claerbergen, de sekretaris fan de Fryske Nassaus, om Lieuwe Willemsz net serieus te nimmen. De skipper liet him dêrtroch net út it fjild slaan en is op syk gien nei nije beskermhearen. Dy moat er fûn hawwe, alhoewol’t ûndúdlik is wa’t syn claim dêrnei wol stipe. Yn alle gefallen, sa leare de argiven, krige er úteinlik stipe fan Deputearre Steaten fan Fryslân om foar in kommisje yn Den Haach te ferskinen. Yn ’e maitiid fan 1689 wie it safier en mocht Lieuwe Willemsz yn de Trêvesseal syn ideeën út de doeken dwaan foar in stik as wat pommeranten út de gelearde wrâld en de polityk fan dy tiid.

It gelearde part fan de kommisje bestie út Christiaan Huygens en de Leidske heechlearaar Burchard de Volder, goede freonen fan Fullenius. Foaral Huygens wie dúdlik yn syn oardiel. Sa neamt er yn in brief oan syn broer Lieuwe Willemsz in ‘pretendent tres impertinent’, mei oare wurden: hy achte him in ferfelende geloksiker.

Lieuwe Willemsz hat, nettsjinsteande dy formidabele tsjinstân, de politisy yn de kommisje oertsjûgje kinnen. Hja wiene bang dat se in metoade slûpe litte soene dy’t wurke. Foar de muoite dy’t er dien hie krige er in som jild takend, mits er iepening fan saken jaan soe. Dat nijs gong as diggelfjoer troch de Republyk. Alle kearen dat it ferhaal trochjûn waard, ferdûbele de beleanning. Tsjin de tiid dat it nijs Frjentsjer berikte wie it ûnderwilens 100.000 gûne wurden, mear as hûndert kear it jierlean fan in heechlearaar. Fansels hearde professor Fullenius dat ek, alhoewol’t er fia syn netwurk ek al heard hie dat dat bedrach net doogde. Dochs fûn er eltse sint dy’t de Harnzer skipper tasein wie tefolle. Fullenius liet in pamflet printsje dêr’t er yn warskôge tsjin Lieuwe Willemsz.

‘De Harnzer skipper soe sa’n 1500 gûne foar syn fynst krije, in heech bedrach, mar lang net de wearde fan in metoade foar it finen fan lingte op iepen see.’

Dat pamflet krige de moai hânsume titel: Brief geschreven aan een voornaam heer deser provincie, een liefhebber der mathematische konsten, continerende behalven een verhaal van ’t geene ontrent het oost en west van Lieuwe Willems de Graaf voor commissarien van haar hog. mog. is gepasseert, ook enige redenen, die genoegsaam sijn om te doen geloven, dat van Lieuwe W. uitvindinge niets ter werelt is geapprobeert, en […] noit enige approbatie te verwagten zy. Yn it Eysinga Vegelin van Claerbergen-argyf yn Tresoar lizze brieven oer dat pamflet. Dêr docht út bliken dat it de sekretaris en fertrouling fan de Nassaus, Philip Ernst Vegelin van Claerbergen, wie dy’t dy ‘voornaam heer’ wie. Dy Vegelin ûnderhold op syn beurt wer nauwe kontakten mei Christiaan Huygens.

It is yn dat ljocht dat Fullenius syn pamflet betsjutting kriget foar de lêzer fan hjoed de dei. Fullenius, Huygens en Vegelin wiene allegear passearre by it takennen fan it subsydzje oan Lieuwe Willemsz. De Harnzer skipper soe sa’n 1500 gûne foar syn fynst krije, in heech bedrach, mar lang net de wearde fan in metoade foar it finen fan lingte op iepen see. Sa’n subsydzje wie in finansjele ympuls fan de oerheid om ‘vernuftelingen’ te stypjen. De útfiners fan de santjinde ieu waarden op dy wize finansierd. Al dy pommeranten wiene dus passearre by it takennen fan oerheidsjild. En oft dat net slim genôch wie, like Lieuwe Willemsz de publike opiny ek foar him te winnen. It ferhaal wêryn’t de hichte fan syn beleanning hast like fantastysk waard as syn oplossing is dêr mar ien foarbyld fan.

Fullenius syn pamflet hie net it effekt dat er berikke woe. Uteinlik soarge it derfoar dat de hiele kwestje op skerp set waard. Sa krige it pamflet fan de Frjentsjerter heechlearaar in bûtengewoan fûle reaksje fan Lieuwe Willemsz. Ek yn de lette santjinde ieu waarden de útlittings fan de Harnzer skipper (‘sijn verstant te rauw en te plomp’ ensfh.) as bûtengewoan hurd sjoen. En dat wie net it iennichste. De reaksje wie printe yn Den Haach, wylst Fullenius syn pamflet gewoan yn Fryslân útjûn hie. Lieuwe Willemsz makke Fullenius swart foar in hiel oar en folle grutter publyk: de ynwenners fan de provinsje Hollân. Dêrnjonken liket hy him ek noch ris neat oan te lûken fan Fullenius syn status as foaroansteand gelearde.

Noch foardat it jier om wie kaam it Fullenius-kamp mei in nije troef, immen dy’t ûnderwilens yn ien fan de pamfletten ek al neamd wie. De ferneamdste domeny fan de Republyk, de yn Mitselwier berne dominy Balthasar Bekker (1634-1698), naam it op foar de Frjentsjerter professor. Dat hoecht ús gjin nij te dwaan, ommers Bekker wie troud mei Fullenius syn suster en brocht de simmerdagen mei syn sweager troch yn harren bûten yn Jelsum.

Mei Bekker syn reaksje, printe by ien fan de grutste printers fan Amsterdam, krige de polemyk noch folle mear omtinken. Lieuwe Willemsz koe it der net by sitte litte en reagearre, dêrnei liet Fullenius fannijs in pamflet printsje en doe smiet Bekker wer in duit yn it ponkje. Bekker waard net inkeld graach lêzen yn de hiele Republyk, syn ideeën waarden boppedat bûtengewoan fûl bestriden.

Yn Fryslân wie de opposysje tsjin Bekker syn ideeën namste grimmitich. Ien fan dy tsjinstanners fan Bekker die him sels foar as ghostwriter foar Lieuwe Willemsz. Noch altyd is ûndúdlik wa’t dat wie, mar der waard doetiids grute dat it om Johannes vander Waeyen, in Frjentsjerter professor (en dus in neiste kollega fan Fullenius!) en riedsman fan de steedhâlder, gong. Dúdlik wie wol dat de polemyk wat langer wat fierder útdijde.

Yn 1691 joech Lieuwe Willemsz in Eerste opening fan syn geheim út. Ta in folsleine iepening is it lykwols nea kommen. Fullenius en Bekker lieten him úteinlik mar gewurde, alhoewol’t er noch in skoft stikjes yn kranten skreau en oare pamfletten printsje liet. Yn al dy útjeften sette hy him tige ôf tsjin gelearden en geleardheid.

Dat Lieuwe Willemsz der dochs mear fan hawwe moast as er foarkomme litte woe, docht bliken út in boek dat yn Tresoar bewarre wurdt. Professor Johannes Phocylides Holwarda, in foargonger fan Fullenius yn Frjentsjer, hie yn 1651 De Friesche sterrekonst útjûn, in boek dêr’t allegear praktyske wiskunde yn beskreaun wurdt, lykas astronomy en navigaasje. It is in boek dat breed ferspraat west hat en troch histoarisy wurdt it sjoen as in belangryk Frjentsjerter boek. Ien fan de eksimplaren fan dat boek yn Tresoar hat tafallich eigendom west fan Lieuwe Willemsz. Dat de Harnzer skipper hat mooglik in protte leard fan in boek fan in oare Frjentsjerter heechlearaar! Sa’t er nammers ek skatplichtich wie oan professor Wasmuth, help socht by Fullenius en miskien help krige fan Vander Waeyen. Earst doe’t de gelearde wrâld him tsjin him kearde, begûn er syn ôfgriis te preekjen. Oars net sûnder sukses. Fan de politisy krige er in beleanning en syn boekjes lykje goed ferkocht te wêzen. Nei 1690 wie Lieuwe Willemsz in soarte fan beropspamflettist, dy’t de kulturele, religieuze en politike tsjinstellings fan syn tiid folop benutte.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2009) 9 (novimber) s. 12-15.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.