• It griisstienen wurd

    24 juni 2021

    De coronakrisis hat minsken lang thúsholden. Elske Schotanus ek. Sy tekene, skreau en lies foar út har boek It griisstiennen wurd. De ferhalen spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud en eigen, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy glydt súntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn in ûnbekend [...]

  • 1 september 2020

    ARJAN HUT -    is in dier in minske mar minder?   smoarch en oerdiedich is de sinne har koroana fan stekflam, kampfjoeren op it fel, as in barbecue himet se ús yn de nekke   de waarmte skerp as in tou om triljend fleis   yn stêden oan de râne fan it ferstân stekke skimmen, neat te dwaan en nerges hinne, de nacht yn [...]

  • 26 juni 2020

    HENK WOLF -  In skoft lyn brûkte ik yn in artikeltsje in sitaat út in folksferhaal, optekene troch Ype Poortinga. Yn dat sitaat kaam it wurd 'fertutearzgje' foar. Dêr reagearre ien op: moast it net 'fertutearzje' wêze? Dat kin fansels ek. Ik sis it sels ek sûnder dy -g- fan Poortinga en sa stiet it ek yn de wurdboeken. Mar wa't yn it Wurdboek fan [...]

  • 9 maart 2020

    GERBEN DE VRIES -  ‘Tussen 1988 en 2008 bezocht Pieter Jan Verstraete samen met zijn echtgenote jaarlijks een regio in Friesland of een van de Waddeneilanden’, stiet der op de achterflap te lêzen. ‘Steevast werd ook een bezoek gebracht aan het Fries Letterkundig Museum (thans Tresoar) in Leeuwarden. Daar werd het nodige materiaal verzameld over menige Friese taalstrijder’. De Belch skreau der artikelen oer foar [...]

  • 27 november 2019

    ARJAN HUT -  'Omen' fan Atmoran út Dokkum befettet sa'n bytsje alle yngrediïnten dy't metal foar de leafhawwer ta in boeiend sjenre meitsje. Krêft, enerzjy, aventoer, rauwe mystyk, ynstrumintbehearsking ... en dan te betinken dat it hjir om in debút giet! En earder al dy fantastyske plaat fan Insurrection, as ha de metalgoaden Fryslân útkard as nij Valhalla.   Likegoed, ek mei al har eigenwizens [...]

  • 8 november 2019

    ARJAN HUT -  Henk Dillerop wurdt snein beneamd ta de earste Havendichter fan Ljouwert. Op de Wirdumerpoortsdwinger, deunby it lisplak fan de Stânfries X, sil hy de poëtyske silen hyskje. In earste gedicht fan him as dichter yn funksje komt dan op in plakkaat op it skip te hingjen. De timing  is knap, Ljouwert is ommers krekt doopt ta City of Literature. De Museumhaven is [...]

  • 4 oktober 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  It eazet as sa’n fjirtich man publyk út ’e auto stappe, ûnder de paraplu of mei de kapusjon oer de holle lutsen fan it parkearplak, oer it hôf op ’e doar fan it Sânfurder tsjerkje ôf stowe. ‘Gau nei binnen ta. Wat is ’t in waar net...’ Sy komme foar skriuwer, sjonger en muzikant Bennie Huisman dy’t dêr, twa jûnen achter elkoar [...]

  • 25 september 2019

    MALTSJE DE RIDDER-JANSMA -  Yn de trein fan Ljouwert nei Snits sieten allegear jonge froulju. Soene dy ek nei de presintaasje fan de nije plaat fan WIEBE gean? Mar nee, se stapten út yn Snits Noard. Underweis nei it Bolwerk kaam Maltsje wol oare besikers tsjin, en net samar guont: it wiene Willem Wâldpyk fan de telefyzje en sjonger Marcel Smit! Ik kuiere stikem achter [...]

  • 14 juni 2019

    ARJAN HUT - Ferline jier brocht Erik Betten (43, út Dronryp) syn thrillerdebút Quarantaine út, ein maaie wûn er dêr de Schaduwprijs foar en sneon siet er yn boekhannel Van der Velde om syn twadde titel te presintearjen. Dat dy De Prijs hjit is kleare tafal. "Met de schaduwprijs ben ik heel blij. Het is een debutantenprijs, dus je kunt hem maar één keer winnen. Maar [...]

  • 24 mei 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  ‘Ik hâld fan it lûd fan de trein yn de fierte’. Dat is titel fan de rige koarte ferhalen dy’t Arjan Hut oer Ljouwert skreaun hat foar it ynternasjonale ferhaleprojekt Citybooks. Opfallend oan dy titel, de fêststelling, is dat de romte der grutter yn is, as it blikfjild of de strjitte. Wylst yn de ferhalen wat fier is oer it gehiel nommen [...]