It libben as try-out

ELSKE SCHOTANUS – 

It eazet as sa’n fjirtich man publyk út ’e auto stappe, ûnder de paraplu of mei de kapusjon oer de holle lutsen fan it parkearplak, oer it hôf op ’e doar fan it Sânfurder tsjerkje ôf stowe. ‘Gau nei binnen ta. Wat is ’t in waar net…’ Sy komme foar skriuwer, sjonger en muzikant Bennie Huisman dy’t dêr, twa jûnen achter elkoar syn roman Sanfirdo presintearret. As multytalint makket Bennie Huisman ek dizze kear wer in kombinaasje: in CD is net allinne in CD, dan is der ek in bondeltsje gedichten, in lietsje stiet yn relaasje ta in boek, ferskynt in boek fan syn hân, dan wurdt dêr in foarstelling by makke. By Sanfirdo is dat de húskeamerfoarstelling ‘Thús’, 27 en 28 septimber yn Sânfurd en dêrnei noch te boeken.

 

Yn Bennie Huisman syn wurk falle gjin bommen, in skouke fart net troch de plestik sop. Hy siket it yn it lytse, bliuwt yn lieten en syn fertellen ticht by himsels: syn ûnrêst, it swalkjen, de bân mei it wetter, de leafde(s)…

 

It publyk wurdt ferwolkomme troch Folkert Groenveld, âld-ynwenner en bestjoerslid fan de Stichting Sânfurd. Hy referearret oan it begryp ‘lieux des mémoires’, plakken as Warns, mei de betinking fan de Slach by Warns, en Waaksens mei ‘de hang’, plakken dy’t fan betsjutting binne foar it kollektyf ûnthâld. As Sânfurd sa’n plak noch net is, dan wurdt it dat mei de ferskining fan Sanfirdo. It doarp, oan in dearinnende dyk, mei mar in hantsjefol ynwenners en klamme tusken Brekken en Ringwiel is sa’n plak dat minsken werom bringt nei in tiid dy’t ferlern gien is.

In boatsje, sile, it wetter, it binne inkelde eleminten dy’t in rol spylje yn libben en wurk fan de skriuwer. Yn ‘Thús’ sjocht er dêr op werom. It doarp hat him tweintich jier lyn ynspirearre ta in novelle. Yn de roman folget hy it libben fan de haadpersoanen, Louis en Elise, “yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ’thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t we antwurden foar sykje”, sa’t de oankundiging seit.

It libben, sa fertelt hy, is te sjen as try-out. Ast al in moai ein hinne bist, beseftst hoe’t it ek oars, sa mooglik better kind hie. Dêrby wiist hy op it poadium dêr’t syn piano op stiet, in poadium dat er yn it begjin fan syn karrrêre makke en doe as prototype beskôge. Hy soe noch wolris in better eksimplaar bouwe, sa hie er him foarnaam, mar it is der noait fan kaam.

Sa fertelt er oer syn libben. Wize en tekst fan de klassiker ‘Mens durf te leven’ wurde omset yn de fraach: mar hoe moatte wy dan libje? Hoe’t er nei syn oplieding in schoolverlatersuitkering oanfrege en der, mei it jild yn ’e bûse, op út gong. Hoe’t er op in stuit alles foar elkoar hie, in wenplak, in baan, mar de ûnrêst dochs wer de kop op stuts. Want wat is dat: ‘thús’, jin ergens, by immen thús fiele? Is it net it plak dêr’t je bestean, wa’t je binne net yn twifel lutsen wurdt? Sa sjocht Bennie Huisman werom op it ûntstean fan lieten as ‘In lytse boerefaam yn Aldegea’, in ferzje fan ‘Jamaica Farewell’ dêr’t ‘a little girl in Kingston Town’ har Fryske wjergader yn krige. Tusken it fertellen troch jout er him del achter de piano of hy krijt syn akkordeon om himsels te begelieden by it sjongen fan ‘Akky fan ’e Gaastmer’, ‘Simmerfamke fan Sânfurd, fierder in liet dêr’t fjouwer koarleden yn ferwurke binne – Huisman hat in tal jierren koardirigint west – en de ferfrysking fan Schuberts ‘Der Lindenbaum’. Sa springt er behindich fan de klassike muzyk oer nei de roman. Foar it personaazje Lieuwe, as dy yn ’e lytse loege sit, hat er sels in lietsje fan treast skreaun.

Yn Bennie Huisman syn wurk falle gjin bommen, in skouke fart net troch de plestik sop. Hy siket it yn it lytse, bliuwt yn lieten en syn fertellen ticht by himsels: syn ûnrêst, it swalkjen, de bân mei it wetter, de leafde(s)… Hoewol hy weromsjocht – de skriuwer is 72 – is nostalgy net it goede wurd, it giet earder om langstme nei alles wat skientme yn him hat en dy skientme leit gauris in eintsje fierderop. As in dûmny dy’t de tsjinst ôfslút mei in bemoedigjend wurdsje foar de tsjerkegongers einiget er mei it sjongen fan it moai boartlike ‘Nim it libben lichter’.

 

De keamerfoarstelling ‘Thús’ is te boeken by Bennie Huisman, sjoch http://benniehuisman.nl foar de kontaktgegevens.

Sanfirdo, Afûk 2019 € 19,50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.