Brutsen hert smyt folslein nij WIEBE-album op

Publisearre op 25 september 2019

MALTSJE DE RIDDER-JANSMA – 

Yn de trein fan Ljouwert nei Snits sieten allegear jonge froulju. Soene dy ek nei de presintaasje fan de nije plaat fan WIEBE gean? Mar nee, se stapten út yn Snits Noard. Underweis nei it Bolwerk kaam Maltsje wol oare besikers tsjin, en net samar guont: it wiene Willem Wâldpyk fan de telefyzje en sjonger Marcel Smit! Ik kuiere stikem achter harren oan (Willem Wâldpyk strompele wat, hy wie mei de poat tsjin in pealtsje oanstrûpt of soks) en dat wie mar goed ek, want de presintaasje wie yn in seal hielendal oan de oare kant fan it kompleks – ik wie grif ferkeard rûn.

 

“Der sit in fakje foar de tomme, dan hoechst him net te slopen.”

 

By de yngong stie in strange frou mei in East-Europeeske aksint en dy gong oer de gastelist. Men kaam der net samar yn. Gelokkich hie ik de goeie papieren, en fierder gjin yllegale transaksjes yn de bûse. Nei dat izeren gerdyn by de yngong, moasten we ek noch troch in swart flewielen gerdyn om by de konsertseal út te kommen, in omboude tsjerke mei in tribune. It sealtsje siet al hast hielendal fol en der klonk in strykkwartet oer de boksen.

Earst kamen der fjouwer froulju de seal yn, mei rôze jurken oan, en ientsje yn in blomkesjurk. It wiene Ina, Anna, Inge en Andrea fan strykkwartet Regina Forte. Ien wie yn ferwachting en miskien hiene se dêr net mear in passende rôze jurk foar, mar dat hindere neat. Mei in fioele yn de hân hearde se der dochs hielendal by. Regina Forte spile meardere ferskes mei en Inge die ek in spyldoaze-solo.

De foarige plaat fan WIEBE hjit Delta, en hie in trijehoeke as symboal. De nije plaat hat ek in symboal dat út trije streekjes bestiet, mar no wize se útmekoar: ‘Y’. Soene dat tekens wêze? Stiet it trio Kaspers, Florian & Daan op in krúspunt? Skiede aanst harren wegen? It like der soms al even op, hoe’t se mekoar somtiden yn de hierren fleagen. “Is dit commercieel genoeg voor je?” bite sjonger Wiebe bassist Florian healweis it konsert ta. Earder wie Florian al fergetten syn baskoffer fan it poadium te heljen. Fan Wiebe moast er it earst opromje foardat se fierder spilen!

No ja, je witte it net mei dy trije, se meitsje in soart grappen tuskentroch en se spylje sa knap mei-inoar dat it liket as binne se mei ûnsichtbere triedden oanmekoar ferbûn. Ja, der waard in soad lake, en Wiebe prate tsjin it publyk as sieten we earne yn in hûskeamer, gesellich. Mar dan spylje, as in popstjer, soms hast klassyk en dan wer stevich de beuk deryn, oer hichten en lichten, troch ieren en sinen, lâns alle fasetten fan leafdesfertriet.

Ja, hoe in brutsen hert te reparearjen? Leafdesfertriet, it oerkomt ien op de trije minsken, en fan it trio WIEBE wie sjonger, toetsenist en tekstskriuwer Kaspers de bear en it bokje. Soks smyt gelokkich moaie muzyk op. Ynspiraasje by de fleet. De hiele nij plaat waard spile en ferskes as ‘Here I am (it’s me)’, ‘I’d like to fly’, ‘Lacrimosa’, ‘No man’s land’ en ‘Let me love again’ klinke as de hits dy’t dizze jonges fertsjinje. Ut en troch poende Kaspers de oanwêzigen oan om dochs foaral de plaat te keapjen, ek omdat guon ferskes no ienkear net daliks te behappen binne, lykas ‘Swart op wyt’. No, ik fûn se daliks prachtich. En alles snappe hoecht net, as ik der mar op dûnsje kin.

Underwilens waard net fergetten om elkenien te betankjen foar harren bydrage, fan de útjouwer (Ernst Bruinsma) en de prodjûser (Nico Outhuijse) oant de technisy dy’t it ljocht en it lûd fersoargen op dizze jûn. Ek Peter Boersma mocht op it poadium komme, hy stie Maltsje hast op de teannen doe’t er fan de tribune kaam. Mei tank oan Peter is de cd net yn sa’n stom plestik bakje kommen, mar yn in doaze fol mei noch mear ferrassingen! Yn de foyer koe de desaainer út Grins noch krekt foarkomme dat in menear it hiele pakketsje as in wylden iepenskuorde. “Der sit in fakje foar de tomme, dan hoechst him net te slopen.” Dus minsken, tink derom, as jim ‘Y’ iepenje: net mei de gleone kop, mar mei it ferstân foarop.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels