Flokkend út it hok

ARJAN HUT – 

 

is in dier in minske

mar minder?

 

smoarch en oerdiedich is de sinne

har koroana fan stekflam,

kampfjoeren op it fel,

as in barbecue himet se ús

yn de nekke

 

de waarmte skerp as in tou

om triljend fleis

 

yn stêden oan de râne fan it ferstân

stekke skimmen, neat te dwaan en nerges hinne,

de nacht yn brân

 

hâld de bern yn de gaten!

se binne wend om frij te wêzen

 

is in dier in minske

mar better?

dat wy, út ûnbegryp foar it wreed

fan boalen, flokkend út it hok,

ús martelfantasyen de frije loop litte

 

fjoerwolven yn in koai fan swit

 

in rillige bui ferdriuwt de lêste stûpen

fan in simmer dy’t we daliks

fersûpe moatten hiene

 

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.