Havendichter Dillerop debutearret yn de swaaikom fan Ljouwert

ARJAN HUT – 

Henk Dillerop wurdt snein beneamd ta de earste Havendichter fan Ljouwert. Op de Wirdumerpoortsdwinger, deunby it lisplak fan de Stânfries X, sil hy de poëtyske silen hyskje. In earste gedicht fan him as dichter yn funksje komt dan op in plakkaat op it skip te hingjen. De timing  is knap, Ljouwert is ommers krekt doopt ta City of Literature. De Museumhaven is de lêste jierren al in broeiplak fan ferskate kulturele aktiviteiten.

 

It is serieus, mar wol mei in knypeach. It is in earetitel.

 

“Earst woene we it yn de kade sels ha, neffens it foarbyld fan de poëzijrûte, mar dêr krije we tinkt my de hannen net foar opmekoar,” seit Albert Schaafsma, bestjoersfoarsitter fan Stichting Museumhaven Leeuwarden. De kar foar Dillerop, de dichtsjende âld-resjersjeur en earder ek finzenisdirektuer, neamt er sûnder omhaal ‘puer subjektyf’. It inisjatyf komt fia de Stichting fan Dillerop sels. “Henk is de geastlike heit fan it havendichterskip,” leit Schaafsma út. “Ik tink dat it oan de ein fan it Kulturele Haadstêdjier sa útsprutsen is. Wat woene we graach, hoe wiidweidich moatst it projekt wurde? Allinne de museumhaven? Ljouwert is groeit en der binne meardere havens, fansels kin de havendichter dêr ek optrede. Sadwaande is it in havendichter foar Ljouwert wurden.”

Wat ferwachtet men fan dit nije projekt? “It is serieus, mar wol mei in knypeach. It is in earetitel. Henk kaam sels mei it foarstel om it as pionier in jier te probearjen. It belangrykste is dat de dichter in ferbinende funksje hat, hy is de poëtyske ferbining tusken wetter en wâl. Nei it earste jier sille we in opfolger beneame, as alles goed giet. Henk docht it in jier, mar de bedoeling is in om aansten dichter foar trije jier te beneamen. Wy ha dêrby noch net immen op it each, soks sil oerlein wurde moatte. Miskien tegearre mei in kollektyf as RIXT, dat we yn kaart bringe wa’t allegear yn oanmerking komme.” Wa’t it ek wurdt, dejinge dy’t yn it sok fan Dillerop de titel draacht, wurdt achte yn alle gefallen trije kear per jier in gedicht te presintearjen. ‘Driemaal is scheepsrecht’, oer it oantal is neitocht.

Hoewol’t der snein in soad te dwaan is yn de stêd, hopet Schaafsma dat der wat folk by de seremoanje yn de ‘swaaikom’ wêze sil. Dat is it plak dêr’t skippen hinne farre, draaie kinne, om achterút ‘yn te parkearen.’ “Is de iepening fan Explore the North dan ek net? Der sille grif minsken nei it Aldehoustertsjerkhôf lûke. En as dan diagonaal in line tinkst nei de Blokhúspoart, dan foarmet de swaaikom fan de museumhaven in moai tredde punt yn de Ljouwerter kulturele trijehoek.”

De presintaasje begjint snein om trije oere in de middei. Dillerop sil foardrage, mei Happy van der Heide en Pieteke de Boer as gastdichters. nei ôfrin is der foar elk in hapke en in drankje oan board fan de Stânfries.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.