• 1 november 2005

      THOM MERCUUR - Yn 1947, 21 jier âld, reizge Willem van Althuis ôf nei Amearika. By in boer yn New Jersey ferhierde er himsels as komelker, makke de stâlen skjin en pripte mei behelp fan in stôk mei in izeren puntop efterlitten papier. Hy waard dêr net lokkich fan en kaam yn 1950 werom nei Fryslân, dêr’t er begûn mei in oplieding ta strjitmakker. As [...]

  • 21 september 2005

      RIENTS GRATAMA -  De jierren fyftich wiene foarby. Truttige jierren, seine wy letter, mei wat sleau-fleurige minsken, sleau-fleurige muzyk en net al te djipgeande idealen. Seine wy letter, want as jo der ynsitte ha jo der net safolle erch yn. In tiidrek wurdt net earder in tiidrek as dat it efter jin leit. Sels in ieu wurdt pas in ieu as er foarby is. En boppedat, wat [...]

  • 21 september 2005

    JOHANNEKE LIEMBURG -  Abe! wie de bydrage fan Tryater oan it Frysk Festival fan 1995. Om’t it in bûtengewoane produksje wie fan de nije artistyk lieder Jos Thie, rôp it Tryaterbestjoer in aparte stichting yn it libben mei in gelegenheidsbestjoer. Ed Bausch waard skriuwer, Roel Vogelzang skathâlder en ik foarsitter. Nettsjinsteande de grutte belangstelling yn’t foar fan de lanlike en provinsjale parse, duorre it lang [...]

  • 21 september 2005

    PIETER DE GROOT -  Yn 1977 gong de doetiidske nestor fan de Ljouwerter Krante-redaksje, Sytse Jan van der Molen, mei pensjoen en koe ik yn syn plak beneamd wurde as provinsjeredakteur. Sytse Jan, better bekend as S.J., wie by de krante in ynstitút. Hy skreau lange, yngeande artikels oer histoaryske ûnderwerpen en yn syn boekbesprekken liet er gauris skine dat er mear fan de matearje [...]

  • 21 september 2005

     ANNET VAN DER HOEK -  Ik gean al fan it begjin fan de jierren santich ôf nei Tryater en der binne net folle foarstellings dy’t ik mist ha. Ek polityk ha’k, benammen as Steatelid, in protte mei Tryater te meitsjen hân. Der wurdt no it measte  praat oer de grutte suksessen fan Tryater fan de ôfrune jierren. Mar ek foarstellings fan langer ferlyn bliuwe yn [...]

  • 21 september 2005

    BARELD DE VRIES -   Op ‘e freonejûn fan 1 juny 1995 kaam eins al in sinjaal dat de kaartferkeap stûke. In slutingsdatum fan reservearjen waard opskood. Hans Wassmer – saaklik lieder doedestiids – hie al syn registers iepenlutsen om it ‘Spektakel’ breed yn ’e publisiteit te setten. Abe! moast slagje en yn in ier stadium fan de realisaasje kamen sifers oer besikerstallen te optimistysk yn [...]

  • 1 september 2005

    HANNAH LUDWIG  - ‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan Stanzi, fan de Kleine Zeemeermin, personaazjes, dy’t noch hieltyd op it netflues steane fan dyjingen, dy’t sa lokkich wêze mochten om Ronja de Rôversdochter, Pak’m Stanzi, mar ek Hartbrecht yn Kening Lear te sjen. Yn de gesellige koken, oan de [...]

  • 12 juni 2005

    KERST HUISMAN - Fjouwer maaie: dat doch ik allinnich thús. Ik doch oan de kollektive deadebetinking al jierren net mear mei nei’t al sawat fjirtich jier lyn besletten is dat op de fjirde maaie ek alle Nederlânske militêren betocht wurde, dy’t nei 1945 fallen binne. Dus ek dy yn Yndonesië en de frijwilligers yn Korea, dêr’t ek krekt wer frijkommen leden fan de Nederlânske SS [...]

  • 2 juni 2005

    ELSKE SCHOTANUS -  Pauwehôf, it nijste boek van Aggie van der Meer, foel my wat ôf. Hie ik earder net sa optein west oer har fersebondels en har debútroman Lytse roman fan Jon Fels en de ferhaleroman Ûntdekking fan ’e wrâld, dan hie ik har tredde boek, in novelle, al nei in pear haadstikken oan ’e kant lein. Dat is de konklúzje nei likernôch tritich [...]

  • 18 april 2005

    HARMEN WIND -  1. De foarm De twadde bondel fan Abe de Vries is opfallend foarmjûn. Gert Jan Slagter hat in omkaft fersoarge dat tinken docht oan ‘De Stijl’ (Mondriaan, Van Doesburg e.o.). Strakke komposysje, kleurkontrasten, sobere, skreefleaze letter yn wikseljende grutte, fertikaal en hoarizontaal printe. Ek yntern is de foarmjouwing rynsk trochset yn wyt en kante flakken: fan de 75 siden dy’t de bondel [...]