Tamara Schoppert

Publisearre op 1 september 2005

HANNAH LUDWIG  –

‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan Stanzi, fan de Kleine Zeemeermin, personaazjes, dy’t noch hieltyd op it netflues steane fan dyjingen, dy’t sa lokkich wêze mochten om Ronja de Rôversdochter, Pak’m Stanzi, mar ek Hartbrecht yn Kening Lear te sjen.

Yn de gesellige koken, oan de grutte tafel yn Reduzum moat Tamara der wat om laitsje: ‘Ja, dat famke mei dy moaie eagen, dat is sa’n bytsje myn hannelsmerk wurden. Ik begjin no ek frouljusrollen te spyljen en dêr bin ik wol bliid om. Ik bin 37 en op in stuit hast it wol hân mei dy famkesrollen.’

Sûnt twa jier wennet se yn Reduzum. Dit doarp liket ûnderweis om keunstnersdoarp te wurden. Foar Tamara hawwe Baukje Wytsma, Wiltsje fan Peazens, Sytze Broersma, Peter Sijbenga en Andrys Kobus har dêr al nei wenjen set. En der sille grif mear wêze. ‘Wol sneu as wy in pear ferjitte’, gnysket se.

Tamara, berne yn Amsterdam, is folslein twatalich grutbrocht. Dêrfandinne dat it petear nochal ris feroaret fan Hollânsk nei Frysk en oarsom.

As lyts famke wie in eigen blommewinkel har grutte dream, mar wat letter woe se wat in hiele protte famkes wolle: balletdûnseres wurde. Dat se ea aktrise wurde soe, kaam net iens yn har op. ‘Soks doarst ik hielendal net. En as akteur moat men sá goed wêze, ear’t men jins berop der fan meitsje kin.’

It waard de Pabo. Mar dochs… ‘Ik woe yn de buert fan it teater bliuwe, dus gie ik fia de Pabo nei de oplieding foar dosint drama. Ik wie in letbloeier. It spyljen begûn by De Maatjes, as semi-berops. In 1993 studearre ik ôf, mar ik hie ûnderwilens al in rol as Lytse Seemearmin by Tryater, wat in peareltsje, mei dy prachtige teksten fan Judith Herzberg.’

Sûnt gie it as fleanen mei de jonge toanielspylster.

‘Eins haw ik altyd spylje kinnen. Ik bin fansels free-lancer en dat is somtiden in nuodlik bestean, mar ik helje altyd myn fertrouwen út hoe’t it oant no ta gien is.

Ferline seizoen seach it der bygelyks wat meager út mar fan jannewaris ôf gie it wer as it slydjaget. It is nea rêstich, altyd hektysk, altyd alles tagelyk.Ynienen hast dan trije dingen yn ien moanne.Yn dy sin haw ik in wat ûnrêstich bestean.’

Ik seach dy foar it earst yn Pak’m Stanzi, dat hie ik jierren lyn ek al ris sjoen fan de Flamingen, mar dit makke folle mear yndruk. Wat moatst in kondysje hawwe foar soks en wat silsto lang oefene hawwe.

‘Ik bin yndie traind troch immen dy’t dat ek dien hie yn it Belgyske stik. It is fysyk swier, dêr moatst in bytsje nei libje, dêr sliepst neffens, dêr ytst neffens. En wy spilen it mar trije kear yn de wike, dan wie it goed fol te hâlden. Ja, it wie swier, mar ik hâld fan hurd wurkjen.

Doe’t Jos Thie ôfskie naam sei er: ‘Aan jou denk ik altijd in sporttermen’.

Neffens my wie it in soarte fan kentering yn Tryater: hoe pakke wy de jongerein en litte wy stikken sjen dy’t it publyk by de strôt krije, sûnder de kwaliteit út it each te ferliezen. En dat is slim. Twa bygelyks wie sa’n foarbyld fan in prachtich stik, dat geandewei de ynhâld ferlear om’t der op it publyk spile waard.

‘Ik besykje soks te kearen. Ik hâld der net fan. Ik hoopje altyd op ’e tiid ‘STOP!’ te roppen.

Allinne, men wit it net altyd fan tefoaren. Om noch efkes werom te kommen op dy famkesrollen. Foar de skoaltelevyzje wie ik mei Cees Bylstra oan it montearen. Ynienen seach ik myn earste tearen. Ik rôp: “Och, Cees ik ha rimpels krigen. Sjoch ik wurd âlder, gjin famke mear”. Ik wie bliid mei dy earste tearen.

Cees wie myn krityske stim. Hy hat my altyd oansprutsen op wat ik die. En neffens my sjocht hy noch altyd by my oer it skouder mei. Hy wie myn graadmeter. Leist foar dysels altyd de latte heech. Ik hâld der net fan om foar it gemak it effekt mar te kiezen.

Cees frege: “Wat wolle wy mei tv, wat dogge we der mei?” Hy sei: “Telefyzje meitsje is delikaat”. It is sa maklik om te skoaren op effekt, en dat betsjut net dat it allegear dreech en swier moat, hear. Leaver net sels.’

Do dochst hiel beskieden oer dyn wurk, kapsones binne dy frjemd.

‘Men moat relativearje, it is net allegear hillich. Der stiet foar oer dat wy hiel sterk libje yn in kultuer fan “doch mar gewoan”. Ik wit net yn hoefier men keunstner wêze mei. Dat is in nuodlike balâns. Je bent wie je bent en je doet wat je doet en je moet je hier niet te veel in je hoofd halen.

Men begjint yn dit wurk altyd by nul. Altyd earst mei lege hannen. Yn jannewaris spylje wy Gasten mei Tryater. Myn earste prakkesaasje is steefêst: as ik dat mar wier meitsje kin!

Op dit stuit regissearje ik muzykteater. It stiet no yn de grûnferve. Ik wit wat ik der goed oan fyn, dat is it wichtichste.

Ik doch graach ferskillende dingen, smyt mysels graach yn it djippe. Dan bliuwt alles nij en spannend.’

Do krigest ek gauris in oare regisseur mei oare opfettings, dat liket my net altyd like noflik.

‘By eltse nije regisseur hoopje ik dat hy of sy my begrypt en oarsom. Dat men ta de kearn komme kin. Krityk is hartstikke sûn. Sa learst dyn ynstrumint kinnen. Do moatst dysels eltse kear weroan yn in oare hoeke doare te smiten.’

En dan bist in akteur, in echte akteur.

‘It hat lang duorre ear’t ik doarst te sizzen dat ik aktrise wie. Ik “die oan toanielspyljen”.

Dan komt der in dei datst der foar útkomme doarst: dat is myn fak.

Mar ik wol net allinne akteare. De lêste jierren regissearje ik ek en ik skriuw sels oan de dingen dy’t ik meitsje.

It wurdt der foar my breder fan. Ik frege oan tafel ris: “Wat ben ik dan?” Doe sei myn broer: “Misschien een generalist? Je hoeft dus niet te kiezen. Dat hóéft niet!”

Foar myn rêst soe ik wol allinne akteare wolle. Zo poepgoed dat je de allerbeste bent.’

Soest dysels dat tajaan doare? 

‘Nee! Ik bin wol safier dat as ik tsjin mysels sis: “Je zou eigenlijk…” Dan moatst dat ek dwaan. Lokkigernôch sit ik wol nofteren ynmekoar.

It ôfrûne seizoen sei ik: dit wurdt in belangryk jier. Wat doch ik as “maker”. Yn jannewaris haw ik Geweld, nee regissearre, doe Harde noten, muzykteater en doe realisearre ik my dat ik dit seizoen in protte oan de “makerskant” dien haw. En dat jout in protte foldwaning. Net alles is “maakbaar” of te stjoeren, mar dit jier gie it dochs aardich de kant út dy’t ik ha woe.

Mar no sjoch ik wer bot út nei jannewaris, dan spylje ik yn Gasten in slimme rol en dan tink ik: “Ha lekker, ik kan weer gaan spelen”.’

It fak fan akteur is fansels in hiel slim, mar ek in prachtich fak. Do moatst it personaazje wêze. De wurklikheid spylje. 

‘Do moatst mei de billen “bloot”. En do moatst hiel goed witte dat it net oer dy giet. Je zit er zelf nog wel tussen, maar je moet door jezelf heen spelen. Niet meer met jezelf bezig zijn.

Daar heb ik veel langer over gedaan dan ik in de gaten had. Pas de laatste jaren heb ik dat voor elkaar. Nu zit ik er niet meer tussen.’

Ik haw sels ris toanielspile yn de finzenis oan it Blokhuisplein, ik wie 18, maatsje 38, en ik moast as earste op. Ut it tsjuster wei klonk der in konsert fan fluitsjen, jûchheien en razen. Ik wie myn rol folslein kwyt. Soks komt profs wierskynlik net oer. 

‘No, fersin dy net. Doe’t ik in skoalfoarstelling fan De Zeemeermin spile, hie ik in hiel strak pakje oan. En doe klonk it: “Dikke tieten!!!” Ik wie der finaal ôf.

Nu zou ik er schijt aan hebben. By Pak’m Stanzi wie der ek wolris sok fris kommentaar. It die my neat mear.’

Hoe sjocht de dreamde takomst fan Tamara Schoppert der út?

‘Ik wol dochs mear de rezjykant út. Dy kant is oan it trochgroeien. Dêr meitsje ik hieltyd mear kilometers yn. Súntsjes oan wurd ik mear “maker”. En men kin it goed kombinearje mei spyljen. Ik hâld ek tige fan mime. Twa wiken haw ik wurke mei Jochem Stavenuiter fan mimegroep Bambi. Dat wie yntrigearjend. Yn de mime bist as spiler of beweger ek makker Dy manier fan teatermeitsjen sprekt my hiel bot oan. Ik wol dingen dwaan mei muzikanten, dy’t ik kin, “bewegers”, dy’t ik kin. Yn oparbeidzjen wat meitsje.

En dan hoopje datst dyn tosken ek nochris yn in moaie rol sette kinst.

Dat is it aardige fan mear jierren yn it fak, stadichoan begripe wêr’t dyn moter sit. Watst it leafste wolst. Men wurdt hieltyd kritysker, mar tagelyk moet er ook brood op de plank…

It wichtichste bliuwt datst troch de jierren hinne hieltyd better relativearje kinst.’

De mooie ogen blijven sprankelen. Fan de frou dy’t Tamara Schoppert hyt. Op ’en paad nei in folgjende glânsrol en in nije útdaging.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005), 7 (septimber), s. 18-20.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels