• 8 april 2014

    NIENKE JET DE VRIES -  Flarden, raffels fan lang ferlyn en fan oaren Klaas Rusticus (1942) is gjin bekende namme yn de Fryske literatuer. Hy is wol tige bekend as regisseur yn de teater-, film- en tillevyzjewrâld. De âld-Snitser hat in soad produksjes op syn namme stean, yn Nederlân benammen foar de NCRV. Letter wurke hy yn it bûtenlân, û.o. yn Tsjechië en East- en [...]

  • 4 april 2014

    EELCO VENEMA -  It is de titel dy't my pakt. In wrâld oan oantinkens jagen my troch de holle doe’t ik oan Schoorl tocht. Mei de Datsun oer de Ofslútdyk, in stik bôle mei tsiis ite by it monumint. It sicht op de Noardseedunen yn de fierte, swimme mei de sâlte see op dyn lippen, kûlen grave op it strân, de Klimduin, pankoeken ite en yn sliep falle [...]

  • 3 april 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -  It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har siken. En fierder allinnich mar stilte. Sa begjint de foarstelling [...]

  • 2 april 2014

    MEINDERT REITSMA -  Nei sân jier is it ferfolch op it berneboek Skoare by FC Top fan Jelle Bangma (1955) útkommen: Kampioenen fan FC TOP. It earste boek oer de fuotbalferiening FC TOP wie populêr by de bern: it krige de Sulveren Spjeld 2008 fan de Fryske Berneboekesjuery. Beide boeken meitsje diel út fan in rige berneboeken, dêr’t ûnder oaren Willem Tjerkstra en Itty Sluis [...]

  • 1 april 2014

    De lêzende mins, Geja Kuiken, Lezende man Havana Redaksjoneel Ynhâldsopjefte Jacob Haagsma, Harmoniekwartier Ljouwert Willem Altena, Trijetûzen Karen Bies, Bibliotekaris Dimitré Dinev, Gjin wûnder, oersetting Jantsje Post Portfolio Maartje Roos Dirk van Ginkel, Marten Bos en Petri Renee, Een schilderij is altijd mooier dan het is Sjoerd Bottema, Spyljen is wêzen en oarsom It bêste fan de Moanne.nl Grytsje Klijnstra, Siebe de Boer, Tusken eangst [...]

  • 31 maart 2014

    Bêste Volkert, Kensto Willem noch, fan de earste tv-searje Big Brother? Witst wol, dy keardel dy't it ta de ein skopte yn dat hûs, mar doe mei ien domme aksje – ik leau dat er syn kompanen Ruud en Bart in pear sinten tasei as hy winne soe – alle sympaty ferlear en as in Oekraynske Krimsoldaat de Big Brother kazerne úthune waard. Fuort nei [...]

  • 28 maart 2014

    GERBEN DE VRIES - Foar't ferdwynt: Vegter yn Fryslân (en derbûten) Doe’t ús pake begjin jierren santich fan de foarige ieu nei It Hearrenfean ferhuze, giene wy as bernsbern wolris mei him mei nei syn tsjerke oan de Europaleane. Dat wie in nij bouwurk, hiel wat oars at wat wy wend wiene. In soartemint sporthal mei wat op in klokketoer like derneist. Sels it oargel [...]

  • 24 maart 2014

    GERBEN DE VRIES - De winter fan 1962-1963 wie strang. Sa strang dat der in Alvestêdetocht riden wurde koe, mar ek dat der begjin 1963 in loftbrêge nedich wie om it Amelân te befoarriedzjen. Dat wie foar guon in ekstra reden om te pleitsjen foar in dyk nei it eilân. Underwilens wachte de provinsje op it rapport dat de kommisje 'Verbinding Ameland-Vaste Wal' útbringe soe. [...]

  • 18 maart 2014

    BERT LOOPER -  Ofrûne moandei wie der in moaie en entûsjasmearjende byienkomst yn de Harmonie oer de ynhâld en de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. In protte folk, nijsgjirrige projekten en ik leau dat elkenien der in protte nocht oan hie. Ik leau ek dat KH2018 no al belangrike djipperlizzende effekten krijt. It belangrykste is wol dat in nije en jonge generaasje tweintigers en [...]

  • 17 maart 2014

    Achte hear Hogenhout, Op de foto is it net hiel dúdlik te sjen, mar it sil grif in aardich fleske wyn wêze dat de CdK jo oanbiedt, tegearre mei de lokwinsken mei jo nije baan as Sjef Ferkeap fan ús provinsje. Jo sille net allinnich de rekreaasje, mar ek it wen- en wurkklimaat en Kulturele Haadstêd oan de man bringe. De kommissaris sil der ek [...]