Juster is fuort is in kadootsje

Publisearre op 3 april 2014

NYNKE VAN DER ZEE – 

It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har siken. En fierder allinnich mar stilte. Sa begjint de foarstelling Juster is fuort, dy’t spesjaal troch toanielskriuwer Bouke Oldenhof skreaun waard foar Harms har 75e jierdei. In kadootsje, dat se alle jûnen tegearre mei it publyk hiel foarsichtich útpakt.

It is in thúswedstriid foar aktrise Hilly Harms, dy’t it spesjaal foar har skreaune stik Juster is fuort yn it lytse sealtsje fan teater Meerzigt yn Eastermar spilet. Sels wennet Harms yn Jistrum, noch gjin fiif kilometer fierderop. Om it stik hielendal ta syn rjocht komme te litten, is der bewust keazen foar it yntime plak. It stik fertelt nammentlik it ferhaal fan Jetske (Hilly Harms), dy’t troch har soan Wytse-Johannes (Popke van der Zee) fûn wurdt nei’t se in beroerte hân hat. In ymponearjende foarstelling, dy’t kear op kear útferkocht is. Yntusken binne der sels al lange wachtlisten, dêr’t mei gemak nochris twa hânfol foarstellings mei fulle wurde kinne. ‘Alles wie yn de koartste kearen útferkocht. Wy ha Hilly har populêrens miskien wat ûnderskat’, knikt Oldenhof.

Alles wie yn de koartste kearen útferkocht. Wy ha Hilly har populêrens miskien wat ûnderskat.

Persoanlike ynset
Nei eltse foarstelling komt it publyk stil en faak emoasjonearre werom yn de smûke foyer fan it teater. Oan de tafeltsjes ûntsteane petearen tusken minsken dy’t inoar noch net earder sjoen ha, mar troch it ferhaal en har eigen ûnderfinings samar ynienen in bân krije. ‘It ferhaal docht wat mei minsken’, konkludearret ek Oldenhof. ‘Elk kin wol immen yn syn omjouwing dy’t te krijen hân hat mei in oerhaal. Mar de grutste krêft fan it stik leit by Hilly en Popke. Hilly is in ferhalefertelster, dy’t mei eigen emoasje en persoanlike ynset it stik spilet. Op basis fan dy yngrediïnten ha ik dit stik dan ek skreaun: eigen emoasje en persoanlike ynset.’

In toanielfoarstelling kado dwaan oan in spiler. It is Oldenhof net folslein ûnbekend. Earder skreau er al it stik Rispinge foar de 65e jierdei fan Joop Wittemans. Beide manlju wurkje al jierren tegearre. Foar Oldenhof reden genôch om Wittemans in moai oantinken oan syn jierdei te jaan. Ek Hilly Harms siet by in útfiering fan Rispinge yn it publyk en liet nei ôfrin tusken noas en lippen troch witte dat se ynkoarten 75 jier wurde soe. ‘Hoe liket dat, skriuwst ek wat foar my?’ frege se Oldenhof nei ôfrin mei in knypeach. Foar Oldenhof it momint om op syk te gean nei in ferhaal, dat passe soe by de aktrise út Jistrum. Mar hy kaam úteinlik folle tichter by hûs út.

Net neat
Twa jier lyn rûn Sinterklaas-tiid krige syn broer in beroerte. Oldenhof fûn him en wie nau belutsen by syn werstel. It barde yn deselde perioade dat se ek harren mem ferlearen. In emoasjonele perioade, dy’t syn spoaren efterliet. It wie de basis foar it stik Juster is fuort. In ferhaal dat fuort yndruk makke by Harms, dy’t ferheard opseach doe’t Oldenhof har it nijs brocht dat er wat foar har skreaun hie. Doe’t Harms de earste tsien bledsiden lies, wie har earste reaksje alles sizzend: ‘Dit is net neat’.  De ympakt fan it stik waard lykwols fergrutte troch de eigen ûnderfinings fan Harms, dy’t net lang dêrfoar itselde meimakke doe’t har eigen mem troffen waard troch in beroerte. Oldenhof: ‘Hilly en ik ha der in hiel soad fan ús eigen herinnerings yn ferwurke. Dat makket it noch persoanliker, omdat it sa ticht by ús stiet.’

Hilly en ik ha in hiel soad fan ús eigen herinnerings yn it stik ferwurke, dat makket it noch persoanliker.

De kar foar Popke van der Zee as tsjinspiler wie rap makke. ‘Ik wist dat Hilly altyd noch graach ris mei Popke spylje woe. Beide kenne inoar fan it stik Hebeca en der wie in “klik”. Dus doe’t ik oan it skriuwen gong, hie ik beide haadrolspilers al foar eagen. Dat wurket by my it aller bêste. Witte foar wa’st it skriuwst.’ Opfallend yn Oldenhof’s repertoire is dat er graach ferhalen skriuwe mei oer twa personaazjes dy’t de wierheid op har eigen manier belibje. ‘Myn doel is om twa minsken by elkoar te krijen dy’t de dingen folslein oars sjogge. Wat’st eins dochst as skriuwer is omstebeurt yn de werklikheden fan dyn personaazjes stappe, om de ferhalen fan twa kanten te fertellen. Dat is myn útdaging: de wrâld út meardere perspektiven sjen litte. Neat is ommers swart-wyt.’

Grutste kado
Oant no ta binne de reaksjes eltse jûn op ‘e nij loovjend. Dêr siet ien sneintemiddei tusken dy’t Oldenhof noch lang bybliuwe sil. Koartlyn spilen Harms en Van der Zee it stik nammentlik foar minsken dy’t sels troffen binne troch in beroerte. Yn gearwurking mei de Nederlânske CVA Feriening waard dizze jûn opset. Oldenhof is noch ûnder de yndruk fan dy spesjale foarstelling. ‘Dat die wat mei my. Ik soe it stik ek hiel graach nochris yn it Nederlânsk spylje wolle foar minsken dy’t it sels meimakke ha. Dat soe myn grutste kado wêze.’

Fan letter soarch
Yn it boek Fan letter soarch bondele Bouke Oldenhof trije toanielteksten fan de stikken Lette ropping (2006), Rispinge (2012) en Juster is fuort (2014). It boek is te krijen by útjouwerij Bornmeer.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels