De daam nei it Amelân (12)

Publisearre op 24 maart 2014

GERBEN DE VRIES –

De winter fan 1962-1963 wie strang. Sa strang dat der in Alvestêdetocht riden wurde koe, mar ek dat der begjin 1963 in loftbrêge nedich wie om it Amelân te befoarriedzjen. Dat wie foar guon in ekstra reden om te pleitsjen foar in dyk nei it eilân. Underwilens wachte de provinsje op it rapport dat de kommisje ‘Verbinding Ameland-Vaste Wal’ útbringe soe. Ynearsten soe dat al foar de simmer fan 1962 barre, mar ek dizze kommisje die der langer oer as earst tocht wie. Uteinlik waard it rapport dan op de 1 maaie 1963 oanbean oan kommissaris fan de keninginne mr. H.P. Linthorst Homan.

Dat der in daam nei it Amelân komme moast, stie yn’t foar sa fêst as in hûs, dat it wie eins in bytsje apart dat it sa lang duorre hie ear’t de einredaksje fan it rapport klear wie. Mar de kommissje hie har húswurk wol goed dien, al wiene de útgongspunten bekind. In daam soe it toerisme befoarderje en oer in grutter tiidsrek spriede, sadat it goed wie foar de eilanner ekonomy. It gong derby benammen om strânrekreaasje op it Amelân. It fraachstik wie bestudearre yn in nasjonaal ramt, want it toerisme soe yn Nederlân allinnich mar groeie, ek omdat de frije sneon ynmiddels ynfierd wie.

Der wienen mear waadeilannen, mar in daam nei it Amelân wie út finansjeel eachpunt it bêste. Flylân en Skylge leine folle fierder fan de fêste wâl ôf en dan soe in daam folle mear kostje. Skiermuontseach op syn bar hie wer minder kilometers strân foar de toerist yn de oanbieding. In daam as dyk wie ek nedich omdat de fearboaten no net genôch kapasiteit hiene. Yn de simmermoannen farden se troch de wike mar fjouwer kear per dei en dêrtroch ûntstiene der lange wachttiden. Mar benammen de ekonomy fan it eilân soe troch de 8 a 9 km lange dyk in grutte boost krije. Eins koste it ek mar in prikje, sa’n 15 oant 20 miljoen gûne, en dat soe ek nochris hurd werom fertsjinne wurde. En dan wiene der ek noch ’bijfangsten’ lykas de foardielen foar skoalbern, sikekhûsbesiik, bestjoerlike kontakten en sa mear.

De benaudens fan Amelanners fan it teloargean fan it eigen karakter waard maklik ôfdien. It achterlân wie benammen Noard-Nederlân en dus soene der net daalk hûnderttûsenen toeristen mear nei it eilân komme. Boppedat wie it Amelân al lang gjin oase fan rêst mear. De kommisje achte de Amelanner befolking ‘voldoende kapabel’ om de kânsen dy’t hjir leinen oan te gripen. Opfallend wie itjinge dat nét yn it rapport stie. Tsientallen jierren waard as foarnaamste reden foar in ferbining fan it eilân mei de ‘Fryske fêste wâl de mooglikheid fan it kreëarjen fan nije polders neamd. Yn it rapport waard foar de lânbou allinnich oer de foardielen foar de boeren sprutsen yn termen fan oanfier fan bygelyks feefoer en ôffier fan lânbouprodukten. Fan de besteande agraryske bedriuwen wol te ferstean, net fan nije. Sels foar de noch yn te polderjen Luwerssee wie de lânbou net hiel wichtich mear.

De kommisje hie wol in tige modern en aktueel stânpunt oer de natuer. Neffens har moast alle planning der op rjochte wêze dat natuergebieten behâlden bleane. Dêrfoar moast der net mear boud wurde yn dizze gebieten. In opfallend lûd, want oant no ta wie der sawat gjin oandacht west foar de natuer en boppedat wiene der ek noch hielendla gjin streek- en bestemmingsplannen foar de waadeilannen. Dochs waard it Amelân yn in bylage fan it rapport al ferdield yn in ‘massa-recreatie-gebied’ tusken Nes en Buren en by de oare doarpen, in agrarysk gebiet yn de sudelike polders en twa natuergebieten. Dat wiene it hiele eilân ten easten fan de Buurder Strandweg en wichtige parten fan it dúngebiet. De strannen wiene fansels wol ornearre foar de massa´s minsken út Ljouwert en omkriten. Al mei al in moai stikje romtelike oardening noch foardat der in wet op dat mêd wie, want dy kaam der pas yn 1965.

Dochs wie der ien stik natuer dêrt´t op dat stuit yn alle plannenmakkerij noch gjin inkelde oandacht foar wie. It waad sels, de Waadsee. Ieuwen lang waard dizze wiete en sâlte natuer sjoen as in sinleaze modderflakte, dy´t twa kear deis oerstreamde. Pas ein jierren fyftich, waard troch pioniers, lykas de Amelanner dominy Dirk van Dijk, op it waad omtoarke. Yn 1962 begûn in nije generaasje waadrinners mei spektakulêre tochten nei de ferskiedene eilannen. It wiene krekt dizze jonge minsken dy´t foar it earst echt each krigen foar de skientme en foaral ek de natuerwaarden fan it waad. Mar yn 1963 wiene de Beatles noch net yn Blokker en de Rolling Stones noch net yn it Kurhaus west en it gesach fan de âlderein noch ûnoantastber. It oanlizzen fan in daam nei it Amelân like allinne noch mar in kwestje fan tiid.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels