Frisse wyn

Publisearre op 17 maart 2014

Achte hear Hogenhout,

Op de foto is it net hiel dúdlik te sjen, mar it sil grif in aardich fleske wyn wêze dat de CdK jo oanbiedt, tegearre mei de lokwinsken mei jo nije baan as Sjef Ferkeap fan ús provinsje. Jo sille net allinnich de rekreaasje, mar ek it wen- en wurkklimaat en Kulturele Haadstêd oan de man bringe. De kommissaris sil der ek noch wol in pear aardige wurden by sein ha, om jo moed yn te sprekken. Miskien wie it fleske wol symboalysk, en gie it oer frisse wyn.

Dat lêste is in lyts wurdgrapke.

Ik sis it der mar eefkes by, want út it ynterview dat jo foar de omrop-mikrofoan joegen, koe’k net rjocht opmeitsje wat jo affiniteit mei it Frysk en mei Fryslân is. Dus ik haw eefkes oan it googlejen west. Hiel fier kaam ik net. En dat fernuvert my. Hoe kin men sa ûnsichtber bliuwe as jo kommunikaasje en marketingstrateeg binne? Ek Facebook en Twitter smieten sa goed as neat op. In eigen website dan? No ja, dit is fan jo, mar soksoart managersporno surf ik leaver mei in grutte bocht omhinne.

Nei lang sykjen op youtube kaam ik dochs wat tsjin: in studiopetear dêr’t jo it masterplan fan Wâldsein út de doeken dogge. Lykwols, as ik de útstjoering besjoch wurd ik bepaald net entûsjast makke troch in sprankeljend ferhaal.

It skynt dat headhunters fan in wervingsburo jo nei in knap stikje speurwurk opdûkele hawwe. Snap ik. Dy binne altyd op syk nei minsken dy’t harsels ‘verbinder’ neame, of ‘rasoptimist’ of ‘mensenmens’. Dy’t ‘krachten kunnen bundelen, waarbij het uitgangspunt 1 + 1 = 3 is’. Of dy’t out of the box tinke kinne, en bûten de comfortzone doare te stappen. Dus.

Jo begripe, ik ha noch net it goeie gefoel by dizze oanstelling. In gefoel dat dit net goed komt. Dat we oer in pear jier te hearren krije dat der driuwend ferlet is fan in frisse wyn troch it Fryske marketinglân, nei in perioade fan stagnaasje. Mar miskien haw ik it mis, en kinne jo ferrassend út de hoeke komme.

Want frisse wyn, is dat net krekt wêr’t we sa’n ferlet fan ha? Frisse minsken, frisse ideeën, frisse spontaniteit. Moat der net in kneiter fan in slogan betocht wurde, dêr’t it briljante ‘I amsterdam’ en de klassiker ‘Er gaat niets boven Groningen’ by yn it skaad falle, sadat wy ús noait, noait, noait mear hoege te skamjen foar ‘Beleef Friesland’ of lokale wanskepsels as ‘Kijk, dat is het mooie van Leeuwarden’?!

Wat let jo: hjoed noch in utnoeging stjoere nei alle reklamebureaus en keunstners yn de provinsje, tongersdei in brainstoarmsesje, nije wike it bêste idee kieze en 1 april de fetste slogan ever presintearje. En dêrnei as de bliksem oan de slach mei al dy oare goeie ideeën dy’t yn dy twa sesjes op tafel kaam binne. Dan kinne jo yn juny Provinsjale Steaten oerdonderje mei plannen dêr’t it entûsjasme fan ôfspat.

En dan is de klus al hast klear. O ja, jo moatte ek noch wat ferskillende Fryske marketingorganisaasjes by elkoar om tafel krije, om mei inoar ien te wurden. Mar dy hawwe gjin ideeën, dus dy kin yn twa minuten de kar foarholden wurde: meidwaan of oppakke.

Stelt dus niks foar, dy baan fan jo. En krekt dêrom bin ik sa bang dat it wer neat wurdt. Dat it wer fêstrint yn ‘strategysk berie’, ‘spearpunten beneame’, ‘commitment mobilisearje’ en ‘noazen yn deselde rjochting krije’. Kânsleas. Want it ûnder ien paraplu ferkeapjen fan wettersport, wenklimaat, terpen, bosken, keunst, dunen, tsjerken, technology en fierljeppen, dat is like maklik as it útlizzen fan the general theory of everything oan jo buorfrou.

Dat kin allinnich mar mei kreativiteit. Fan frisse wyn. Ik soe dy flesse mar gau oansprekke.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]