fotografy: Linus Harms

Relaasje mei werklikheid sintraal yn moderne keunst Fries Museum

INEKE RIENKS – 

Sittend efter it rút fan Café Thús, ûnderdiel fan it nije gebou fan it Fries Museum, sjogge we út op it winkeljend publyk fan de freedsmerk op it Saailân yn Ljouwert. ‘Voor deze mensen doen we het’, seit skout aktuele keunst Kie Ellens, wizend nei de minsken op de merk. Tegearre mei meiwurker moderne keunst Judith Spijksma is Ellens sûnt begjin dit jier ferantwurdlik foar it sammeljen en oankeapjen fan moderne en byldzjende keunst yn it Fries Museum. Mei de ferhuzing fan it Fries Museum yn septimber 2013 stiet it museum no midden yn de Fryske mienskip en dat is werom te finen yn it kolleksjebelied fan de moderne en hjoeddeistige keunst.

 

‘Voor mij gaat het vooral om reflecteren wat er in de provincie gebeurt en disciplines bij elkaar brengen.’

 

Kie Ellens is in bekend gesicht by it Fries Museum. Yn 2013 stelde er as gastkurator de tentoanstelling ‘Horizonnen’ gear. ‘Horizonnen’ toant keunstwurken dy’t in direkte relaasje hawwe mei Fryslân, soms troch de ôfkomst fan de keunstner en soms troch it ûnderwerp fan it wurk. Sûnt begjin dit jier wurket Ellens gear mei Judith Spijksma; tegearre wurkje se oan in kolleksje fan modern en hjoeddeistich wurk. Ellens en Spijksma binne beide ôfstudearre oan de keunstakademy Minerva yn Grins en beide hawwe se ûnderfining mei it wurkjen as keunstner. Sa makke Ellens ferskate opdrachten foar de iepenbiere romte en wie er adviseur byldzjende keunst by twa ‘rijksbouwmeesters’. Spijksma hat nei har ôfstudearjen oan de keunstakademy noch in tal jierren keunstskiednis dien oan de ryksuniversiteit yn Grins. Harren eftergrûn makket dat se beide yn steat binne om keunst fan twa kanten te besjen, sa sizze se sels.

Yn it wurk by it Fries Museum folje se inoar goed oan. ‘In mijn functie ligt de nadruk op Friese kunst’, sa fertelt Spijksma. ‘Dit kan onderverdeeld worden in drie niveaus, namelijk: overleden kunstenaars, van hen streven we naar een zo compleet mogelijk overzicht in onze eigen collectie, levende kunstenaars die al een bepaalde staat van dienst hebben, en jonge kunstenaars die net van de kunstacademie komen en nog aan het begin van hun carrière staan.’ Oerkoepeljende faktor dêrby is dat alle keunstners harren woartels hawwe yn Fryslân. ‘Dit geldt voor mij minder’, sa fertelt Ellens. ‘Voor mij gaat het vooral om reflecteren wat er in de provincie gebeurt en disciplines bij elkaar brengen.’ Dat kin wurk fan keunstners út Fryslân wêze, mar ek fan keunstners út de rest fan Nederlân of út it bûtenlân.

De ferhuzing fan it Fries Museum nei it nije gebou op it Saailân hat soarge foar in nij belied op it mêd fan byldzjende en moderne keunst. ‘We zitten nu letterlijk midden in de maatschappij. Daarom zijn we nu meer op zoek naar de verbinding tussen kunst en samenleving.’ Dat betsjut dat keunstwurken net allinnich keunsthistoaryske wearde hawwe moatte, mar benammen wat sizze moatte oer de mienskip en de provinsje.

 

‘Omdat het publiek niet voor moderne kunst binnenkomt zijn er bepaalde vooroordelen die je moet zien te overwinnen.’

 

Swiertepunten
De hiele kolleksje fan it Fries Museum is sammele oan de hân fan twa swiertepunten, te witten ‘landschap en portret’ of ‘ruimte en identiteit’. Ek binnen de kolleksje moderne keunst binne dy tema’s liedend. Aktueel binne se noch altyd, sa seit Ellens. ‘We willen reflecteren wat er speelt in de provincie. Kijk maar eens om je heen, deze thema’s zijn geworteld in de realiteit.’ It is krekt dy realiteit of werklikheid fan de besikers dêr’t de keunstwurken in berop op dwaan wolle. ‘Het doel is mensen anders naar de werkelijkheid te laten kijken en op deze manier iets over zichzelf te leren. We willen mensen informatie geven over het leven die je anders niet krijgt.’

Dat wurdt net allinnich dien troch te sjen nei de eigen provinsje, mar júst ek nei hoe’t we ús ferhâlde ta de wrâld. Krekt dêrom hat de foto fan Ad van Denderen, mei de kij op it strân, in soad yn de publisiteit west, sa fertelt Ellens. It byld ropt twivel op en it blike Fryske kij yn Libanon te wêzen. Ek de opdracht fan Wouter Osterholt en Elke Uitentuis is útfierd bûten Fryslân. Yn it projekt is sjoen hoe’t it de menisten fergien is. De oarsprong fan de menisten, yn Nederlân ek wol ‘doopsgezinden’ neamd, leit yn Wytmarsum. In soad menisten hawwe Fryslân ferlitten om ferfolging foar te kommen. Nei jierren fan omdoarmjen is der in mienskip yn Paraguay ûntstien. It keunstwurk ûndersiket de Fryske identiteit fan dy groep menisten.

Ellens en Spijksma sjogge harrensels as in ‘trochjoulûk’ tusken keunstners en publyk. ‘Wij geven het werk de gelegenheid gezien te worden’, sa beskriuwt Ellens harren wurk. Bysûnder oan de besikers fan it Fries Museum is dat it gjin publyk is dat spesjaal foar moderne keunst binnenkomt. Ellens en Spijksma sjogge it as harren taak om dy minsken ek in ûnderfining mei moderne keunst mei te jaan. Dat is net altyd in ienfâldige taak. ‘Omdat het publiek niet voor moderne kunst binnenkomt zijn er bepaalde vooroordelen die je moet zien te overwinnen.’ Dat kin ûnder oaren mei kreativiteit, sa seit Spijksma. Sa binne der yn de tentoanstelling ‘Horizonnen’ grutte streken oer ferskillende muorren hinne set dy’t assosjative ferbannen tusken keunstwurken dúdlik meitsje. Ek it oansprekken fan gefoelens fan besikers troch it keunstwurk spilet in rol by it belibjen fan moderne keunst, sa fertelt Spijksma. In foarbyld is de cartoon fan Wiebe Wieling út de tentoanstelling ‘Horizonnen’, makke troch keunstner Siegfried Woldhek. De reade plakken op de wangen fan Wieling yn de foarm fan pompeblêden steane net allinnich foar de leafde fan de keunstner sels foar de alvestêdetocht, mar ek foar elk dy’t oantinkens hat oan de tocht, bygelyks oan it manmachtich oanmoedigjen fan de riders yn Bartlehiem, of oan de eigen swiere tocht. ‘Er is geen portret dat hier meer op zijn plaats is dan dit van Wiebe Wieling’, fynt Ellens.

 

‘Het is niet langer een gesloten gebouw, maar mensen kunnen hier ook doorheen lopen zonder een bezoek te brengen aan het museum.’

 

Keunst op maat
In oare feroaring yn it belied op it mêd fan moderne keunst is it saneamde ‘kunst op maat’. Om nije keunstwurken sjen litte te kinnen dy’t ynspylje op wat der libbet yn ’e provinsje en by de besikers wurde der sûnt koart ek opdrachten jûn oan keunstners. Dat binne gjin konkrete opdrachten oer wat der krekt makke wurde moat, mar it is in gearwurking mei keunstners om ta wurk te kommen dat past by aktuele tema’s en ûntwikkelingen. ‘De gedachte is dat je het publiek het beste wilt leveren. Het is een stap naar de maatschappij’, sa leit Ellens de kar fan keunst op maat út. Sa hat keunstner Pietsjanke Fokkema foar de tentoanstelling ‘Zilveren herinneringen’ in searje nije tekeningen makke. Meielkoar foarmje dy tekeningen ien grut wurk dat sjen lit wat Fryslân en de Fryske tradysjes, lykas dy fan de berteleppels, foar Fokkema betsjutte.

It giet by it jaan fan opdrachten net allinnich om it einprodukt, mar ek om de stimulearring en ûntwikkeling fan keunstners. ‘Soms kunnen we helpen met het realiseren van nieuw werk dat net zo belangrijk voor het museum is als voor de kunstenaar.’

Ek nijsgjirrige gearwurkings wurde troch Spijksma en Ellens útset. Sa binne foar it UIT-festival fan dit jier keunstner Martin Brandsma en arsjitekt Kees de Haan oanelkoar ferbûn. Brandsma hat in fassinaasje foar de toarnekster. Dat fûgeltsje is hast net mear te sjen yn Nederlân en waard troch Brandsma wiidweidich bestudearre en tekene. Brandsma en De Haan wurkje tegearre oan in plan foar de Prinsetún, dêr’t in plak yn makke wurdt foar de toarnekster. Net mei it doel om de Prinsetún werklik om te smiten, mar ‘als een project dat de verhouding tussen mens en natuur onderzoekt’.

De posysje fan it Fries Museum op it Saailân hat net allinnich in útwurking hân op it kolleksjebelied, mar makket ek dat it Fries Museum no in wichtige rol spilet yn de ynfrastruktuer yn de binnenstêd fan Ljouwert, sa seit Ellens. ‘Het is niet langer een gesloten gebouw, maar mensen kunnen hier ook doorheen lopen zonder een bezoek te brengen aan het museum. Ook het feit dat Slieker (filmhûs, red.) in het gebouw zit, versterkt dat.’ De ferhuzing hat der neffens Ellens foar soarge dat it Fries Museum net mear nei binnen rjochte is, mar just nei bûten ta, nei de minsken en de mienskip.

 

‘Soms zijn ze hier zo verrast over dat ze het bij de balie melden.’

 

Takomst
In keunstner dy’t ynkoarten wiidweidich foar it fuotljocht brocht wurde sil is Gerrit Benner. Fan 4 oktober ôf is sawol yn it Fries Museum as yn Museum Belvédère yn It Hearrenfean-Oranjewâld in tentoanstelling fan Benner te sjen. It is in gearwurkingsferbân wêryn’t beide musea in tentoanstelling sjen litte mei in oar swiertepunt. Yn it Fries Museum komt de klam te lizzen op syn iere wurk, doe’t er aktyf wie yn Fryslân. Museum Belvédère toant benammen it lettere wurk fan Benner. ‘In Leeuwarden richten we ons op zijn zoektocht en in Museum Belvédère ligt de nadruk op zijn landschappen’, sa seit Spijksma.

Foar de takomst binne Ellens en Spijksma fan doel op deselde foet troch te gean. Hieltyd wer sil der socht wurde nei in ferbining mei de werklikheid fan de Friezen. Mooglikheden binne der neffens harren noch genôch. Keunstnerinisjativen yn de Blokhúspoarte lykas VHDG soargje derfoar dat der noch altyd in soad talint yn Fryslân is en bliuwt. De byldzjende keunst sels kriget in hieltyd grutter ferskaat, en ek dat bringt nije kânsen mei. ‘Het is niet langer alleen schilderkunt en beeldende kunst, maar ook performance, video’s of zelfs muziek’, sa seit Spijksma. Ek sille Ellens en Spijksma trochgean mei it kontakt mei de bûtenwrâld te sykjen. Dat is net allinnich werom te finen yn de tema’s fan it wurk, mar ek yn tentoanstellings dy’t organisearre wurde om besikers op de hichte te bringen fan de nijste wurken en oankeapen. ‘Dat vormt een onderdeel van de podiumfunctie die we hebben. We willen laten zien waar we mee bezig zijn.’

Ellens en Spijksma binne bliid mei de posysje dy’t moderne keunst ynnimt yn it Fries Museum en de wize wêrop’t de kolleksje gearstald wurdt. ‘Het laat zien dat het Fries Museum beeldende kunst en de provincie en het publiek serieus neemt.’ En ek al komme de measte besikers fan it Fries Museum net spesjaal foar de byldzjende keunst, de reaksjes binne oer it algemien posityf, sa merke Ellens en Spijksma. ‘Er zullen altijd mensen zijn die niet van moderne kunst houden, maar wanneer mensen hun schroom overwinnen blijken ze uitstekend van de hedendaagse kunst te kunnen genieten. Soms zijn ze hier zo verrast over dat ze het bij de balie melden.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.