Aldereinreiske Moarmerwâld 1953

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –  

It Fries Film Archief (FFA) is yn besit fan in opfallende kolleksje ‘Alden-fan-dagen films’. It giet om âldereinreiskes dy’t bynammen yn de jierren ’50 troch ferskate doarpen yn Fryslân organisearre waarden. Guon fan dy reiskes binne op film fêstlein en waarden op winterjûnen ûnder grutte belangstelling fertoand. De films folgje hast altyd itselde stramyn. De âldsjes stappe yn auto’s of bussen. Doarp X swaait harren út. Underweis is der in tuskenstop mei kofje en koeke. It doel is eins altyd in bistetún of in boarterstún. Ek de boarterstún by Tjaarda yn Oranjewâld wie in populêre bestimming. In liuw bliuwt in liuw, mar as de âlderein yn in boarterstún bedarje, wurdt it slapstick. Op ‘e weromreis is der wer kofje mei koeke. De films einigje eins altyd mei grut ûnthaal yn it doarp mei it korps of de drumband.

De films einigje eins altyd mei grut ûnthaal yn it doarp mei it korps of de drumband.

Sa ferrint ek it bejaardenreiske fan Moarmerwâld yn 1953. Moarmerwâld waard yn 1971 mei Ikkerwâld en Dantumawâld gearfoege waarden ta Damwâld. Bysûnder oan dit âldereinreiske is dat de film makke waard troch Johannes Doedes de Jong (1912-1996). Hy wie in bekende fotograaf, filmer en dichter/publisist en yn de jierren ’30 lid fan it bekende filmerskollektyf ‘Film yn Fryslân’. Nei de oarloch waard er in tal jierren persona non grata omdat er sympatisearre mei de Dútsers. Hy krige in tydlik publikaasjeferbod en iepene yn dy tiid in fotosaak yn syn wenplak Aldtsjerk. Geregeld filme er doe yn opdracht. Sa makke er yn 1949 in film oer it personielsreiske fan de fa. Fortuin, de sûkerwurkfabryk yn Dokkum, nei Arnhem en omkriten. Prekêr yn ferbân mei de filmer syn ferline is dat der in besite oan de skûlbunker fan Seyss Inquart op lângoed Clingendael by Oosterbeek op it programma stie.

Rik Klaver fan it Fries Film Archief makke in byldkollumn út de film fan it Moarmerwâldster aldereinreiske fan 1953. Mear lêze oer Johannes Doedes de Jong en syn films? Sjoch dan it nijsberjocht op de webside fan it Fries Film Archief fan septimber 2012, oer de presintaasje fan de filmkolleksje fan J.D. de Jong troch Tresoar en it Fries Film Archief.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.