Mislearre

TAMARA SCHOPPERT –  

Ik betrape my derop dat ik hieltyd wer tocht oan in sin út in ‘Ikje’, in ynstjoerde kollum út de NRC.

Krekt sa’t in tuskensin út in gesprek, in hast sydlings makke opmerking my soms lang dwaande hâlde kin en fan mear betsjutting blykt te wêzen as it eigenlike ûnderwerp fan it gesprek.

De skriuwer fan dat ‘Ikje’ nimt diel, mei syn gesin, oan in rûnlieding troch it glêsfabryk yn Leerdam. Se binne bot ûnder de yndruk fan it fakmanskip fan de glêsblazer. Krekt foar’t dy syn wurkstik los fan de blaaspiip tikje sil, sakket foar de eagen fan it publyk it noch sêfte glês út syn foarm. Der giet in ‘oooh!’ troch de groep taskôgers, wêrop’t de dame dy’t de rûnlieding jout, strieljend seit: ‘Er mislukt wel vaker eentje hoor. Dat noemen we dan gewoon kunst.’

Mar wat in ferromming as der werklik wat misgean mei.

Dat in ynelkoar sakke klonte ôfkuolle hyt sân mei polke, dy’t bedoeld wie as blommefaas, dan mar as keunstwurk yn de museumwinkel ferkocht wurdt oan ’e ein fan de rûnlieding, kin ik net útstean. Hoe ferrassend at de glêskronkel ek wêze mei: dit soe in faas wurde en is no neat oars as in mislearre wurkstik. Hie de glêsblazer op syk nei de juste foarm foar de faas de siken ynholden om’t it hite glês him ferlate om mei har beweging mei te gean, dan wie it in oar ferhaal.

Ik hâld fan wurk dat trochtocht is, dat mei in fyzje ta stân kommen is. Wat net yn tsjinstelling stiet ta it yntinse gelok dat oer my komt as ik lâns de meast moaie patroanen yn it droechfallen sân fan it Waad fyts. It liket oft dy weagjende foarmen fuortkomme út in plan. En dat dy, sels as nei ferrin fan tiid it wetter der wer oerhinne spielt, yntakt bliuwe sille. Mar se binne ûntstien, net bedoeld wat te wurden. Ik neam it gjin keunst, mar fyn it wûndermoai.

It ‘Ikje’ ha ik wer opsocht en útknipt. Net de kwalifikaasje fan in mislearring as keunst hold my dwaande, ik fûn it treurich mar tagelyk ek hilarysk, earlik sein. Dat it mislearjen gjin falen wie en der gewoan by hearde, dát triggere my.

’k Tink trouwens net dat de rûnliedster yn Leerdam har relativearring fanút dy filosofyske optyk makke. Yn opdracht fan direksje en marketing seit sy krekt it tsjinoerstelde, nammentlik: der mislearret hjir noait wat, minsken, we jouwe it gewoan in oare namme en it is foar in sympatyk pryske te keap.

Mar wat in ferromming as der werklik wat misgean mei. Wat in romte jout it as der ynsjoen wurdt dat ek net-bedoelde resultaten har eigen skientme en wearde hawwe.

’k Leau net yn mei inkeld entûsjasme en goeie bedoelingen mar wat besykjen, hear. De der-komt-altyd-wol-wát-út-hâlding smyt, bin ’k bang, in soad mislearre blommefazen op.

Wiis liket my de direkteur dy’t seit: ‘Ik fertrou jimme. We witte wat we wolle, doch jimme stjonkende bêst. Undersykje, kies, en ferbaas my dan mei it moais dat dêr útkommen is.’

Neat motivearjender om hurd te wurkjen en mei it meast bysûndere weromkomme te wollen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.