fotografy: Jacob van Essen - Hoge Noorden

Opromming by musea

BERT DE JONG – 

In protte fan de Fryske skatten is net te sjen. Se stean of lizze op souder of yn kelders fan musea. Mar dat komt oars. Der wurdt opromme.

Sammelje en bewarje, soks siet foaral yn de hollen by de minsken dy’t der oer beslúte moasten by musea. It wie in taboe om skinkingen te wegerjen. Oer de fraach oft in skinking in oanfolling wie, hoegde dan ek net neitocht te wurden.

It ôfstjitten fan in part fan de kolleksje, oan soks waard leaver hielendal it swijen ta dien. In museum fielde it as plicht om te sammeljen en te bewarjen. De minsken soenen net oars ferwachtsje, de skinkers al hielendal net.

 

‘Te lang ha Fryske musea en âldheidskeamers alles mar garre.’

 

By it binnenkommen yn it nije millenium is it tinken hjiroer feroare. Yn lytse stapkes, want foar in protte Friezen jildt dat in museum der no krekt wol foar is om it kultureel erfguod dat beskikber is te bewarjen.

Noch hieltyd is de fraach aktueel hoefolle floddermûtsen der yn Fryslân bewarre bleaun wurde moatte. Fryslân wie yn it ferline gauris te lyts doe’t ferskate direkteuren fan it Fries Museum hjiroer de kat yn de gerdinen jeiden.

De floddermûtsen binne de karikatuer wurden fan it sammelbelied fan musea dat yn de foarige ieu út de hân rûn is. It Fries Museum strûpte ûnder. It akseptearre hast alles wat it krige oan legaten en skinkingen. No giet it oars. Oan floddermûtsen ha se genôch, se hoege net noch mear. Der is in streep lutsen.

 

Kunst en kitsch
Te lang ha Fryske musea en âldheidskeamers alles mar garre. Der siet gjin gedachte by, der lei gjin fisy oan ten grûnslach. Folle mear as op seal sjen litten wurde kin, leit no út sicht. Elk te finen plak op de souders is folsetten mei ‘kunst en kitsch’. De gruttere Fryske musea ha de helte of mear fan harren objekten yn kelders en op souder.

Mar wat dan? It twingt de konservators en de direkteuren fan de musea ta in antwurd. De konklúzje fan no is dat it better is om op te romjen, om de souder leech te heljen. Hjirfoar moat it taboe oan kant.

Der hat al hiel wat wetter troch de Tsjonger streamd, ea hjiroer oar tinken mooglik wie, sa wurdt dúdlik fan konservator Marjan Brouwer fan Museum Martena en meiwurker fan Museumfederatie Fryslân. Mar no wurdt dochs sjoen dat it ûntsammeljen de bêste oplossing is. It klinkt negatyf, mar it is de útkomst fan in folle dúdliker koers fan musea.

 

Strenger aan de poort
“De controle aan de poort is strenger geworden”, fertelt Brouwer. “Te lang was alles welkom. Nu moet iets passen bij de verhalen die een museum wil vertellen.” Har Museum Martena nimt allinnich noch mar saken oan dy’t oansluting hawwe by de stêd Frentsjer en omjowing. It museum hat no 5.000 objekten yn hûs, de helte is te besjen. Noch te folle komt nea út it depot, fynt Brouwer.

“De kraai in mezelf moet ook af en toe het zwijgen worden opgelegd”, weet Brouwer. “Prachtige voorwerpen worden soms aangeboden, maar ze zijn niet altijd van meerwaarde voor een bepaald museum. Ik snap het, mensen zoeken een oplossing voor het erfgoed van pake en beppe. Soms is ons nee heel sneu.”

 

‘Niet alle musea hoeven dezelfde dingen in eigen bezit te hebben als ze het ook in bruikleen kunnen vragen.’

 

Wasknijpers
Hoe’t it gie yn it ferline, yllustreart direkteur Linda Trip fan Museum Heerenveen mei: “We beheren nu van alles en nog wat, tot wasknijpers aan toe”. Har museum hie hiel lang de funksje fan âldheidkeamer. De ynwenners waarden oant de jierren tachtich oproppen om âld guod yn te bringen en dat dienen se massaal. “Zoveel mogelijk verzamelen, alle musea deden het”, zegt Trip. “Complete inboedels, heel veel serviezen, het zoveelste spinnewiel.”

Der waait in frisse wyn troch de musea. Der wurdt yn de kommende tiid hiel wat ôfstjitten. By Museum Heerenveen tinkt Trip de helte fan de kolleksje kwyt te wurden. Healwei 2016 moat it beslikke wêze. “Het vereist beheer, beheer kost geld en deze stukken zijn of worden niet waardevol voor wat het museum aan het publiek wil laten zien.”

No hat it Museum Heerenveen sa’n 16.000 objekten. It binne der 30.000 as alle foto’s en kaarten ek noch meirekkene wurde. It measte hjirfan stiet op de souder fan it museum. De kâns is grut dat it publyk der nea in each op falle litte sil. Trip: “We laten maar 10 procent zien van wat we als museum bezitten.”

Trip ferkneukelt har somtiden oer wat der yn it museum op souder leit. “Dan denk je, wat moet ons museum hier nou mee. En van andere dingen vraag je je af of er echt geen betere plek voor te bedenken is. Zo hebben we een collectie zelfgeschreven brieven van Domela Nieuwenhuis in bruikleen gegeven aan het Instituut voor sociale geschiedenis in Amsterdam. Die brieven zijn daar veel beter op hun plek.”

 

Depots fol
Ek by Museum Martena hat Brouwer flink oan it opromjen west. In samling textyl is skonken oan it Admiraliteitshuis in Dokkum. “Deze collectie had niets met Franeker te maken, maar paste heel mooi in Dokkum.” Der is reden foar yngripen, seit Brouwer. “De depots zijn vol.”

Wichtich is dat der troch musea folle better dokumintearre en registrearre wurdt wat der is. De digitalisearring jout musea, mar ek in elts oar mear ynsjoch en oersjoch. It is in grut projekt, jout Brouwer ta. “Het kost veel tijd en geld, maar je verwerft veel kennis. Alleen met die kennis kun je zorgvuldig selecteren.”

De nije wet Cultureel Erfgoed liket it musea net makliker te meitsjen. Dy set in slot op de doar om foar te wêzen dat der belangryk kultureel erfguod ferdwynt. “De meeste musea hebben nu goed in kaart wat waardevol is en wat voor hun eigen collectie belangrijk is, dat is een belangrijke stap”, is de oertsjûging fan Brouwer.

“Ontzamelen is niet zomaar geregeld”, warskôget Brouwer. “We proberen van alles te achterhalen. We laten een deskundige beoordelen om ons te behoeden voor missers. Van sommige voorwerpen weten we niet eens de context, geen verhaal. Dan wordt het lastig, dan is het vaak niet meer interessant voor een museum.”

 

Urginsje by musea
De urginsje wurdt field by musea. It is de Museumfederatie Fryslân dy’t in grutskalich ôfstjittingsprojekt klear stean hat. De kommende jierren wolle mear Fryske musea oparbeidzje om meiinoar te besjen hoe’t se harren oerstallige kolleksjes earne pleatse kinne.

It nij te bouwen sintrale depot foar Fries Museum, Fries Scheepvaartmuseum, Fries Landbouwmuseum, Natuurmuseum Fryslân en bibliotheek en erfguodsintrum Tresoar bringt foar de musea de eask mei dat se 20 persint fan harren kolleksje minderje moatte. It sintrale depot yn Ljouwert moat yn 2016 klear wêze.

No’t de museumskatten goed dokumintearre binne, is it makliker foar de Fryske musea om oer de hage te sjen en elkoar tsjinsten te bewizen. It is krekt of komt de grutte kolleksje fan Fryslân sa in stapke tichterby. Brouwer: “Niet alle musea hoeven dezelfde dingen in eigen bezit te hebben als ze het ook in bruikleen kunnen vragen. Voorwaarde is natuurlijk een ruimhartig bruikleenbeleid onder musea.”

 

Keunstbesit, mar gjin museum
It is de Ottema-Kingma-stichting (OKS), yn Fryslân de grutste besitter fan weardefolle keunst en oar erfguod, dy’t hjir de gongmakker yn is. OKS hat de rykdom fan prachtige kultuerstikken, mar gjin museum. De measte Fryske musea ha gjin besit, mar wol in gebou en besikers.

De stifting hat de lêste tsien jier bot ynfestearre yn kennis fan de eigen kolleksje en yn it tagonklik meitsjen foar oaren. De Fryske musea binne hjir yn meigien. “Wy wolle dat it publyk ús besit besjen kin, yn wat foar museum dan ek”, seit foarsitter Lourens Oldersma. “Yn Princessehof pasten net mear de midsieuwske sieraden fan Java, it Rijksmuseum wie der bliid mei foar it Aziatysk Paviljoen.”

“De kolleksjemobiliteit is al folle grutter wurden en wurdt grutter”, mient Oldersma. “No’t ek de musea folle mear witte fan harren kolleksjes, kin der ek better beoardield wurde wat echt fan grut belang is foar de grutte kolleksje fan Fryslân.”

Ek foar de Ottema-Kingma-Stichting jildt dat der sjoen wurdt nei de mearwearde. “Wy hoege net mear fan itselde”, seit foarsitter Laurens Oldersma. “It moat in ferriking wêze.”

 

‘OKS keapet net foar depot, mar foar seal. Wy wolle jild stekke yn publyk besit.’

 

Samler mei fisy
Nanne Ottema (1874-1955) wie in samler mei fisy, is Oldersma fan betinken. “Hy woe bygelyks it ferhaal fertelle fan it porslein.” De Ljouwerter notaris helle fan alles oan, mar hie grutte ynteresse foar Frysk erfguod, de rykdommen fan de boeren en foaral Aziatysk keramyk en porslein. Al mei al garre er gâns in kolleksje byinoar fan sa’n 40.000 stikken.

It wie Ottema syn eigendom, mar it wie foaral publyk besit. Hy joech it te lien oan ûnder oare it Fries Museum, it Fries Scheepvaart Museum yn Snits, mar foaral wie it te sjen yn it troch him yn 1917 iepene museum Princessehof, dêr’t syn kolleksje keramyk te pronk stie.

Nei syn dea – syn frou Grietje Kingma ferstoar yn 1950 – is it de Ottema-Kingma-Stichting dy’t hoedet en noedet oer de kolleksje en it grutte fermogen dat brûkt wurde moat foar it befoarderjen fan keunst- en kultuurhistoarje yn Fryslân. Foar mannich museum is de stifting de finansier fan nije oankeapen.

It rendemint op it fermogen yn lân, jild en belizzingen, yn 2014 €1 miljoen oare jierren minder, is beskikber foar nije oanwinsten mar ek foar stúdzje nei de foar Fryslân sa wichtige kultuerkolleksje.

It bestjoer is strang. Oldersma: “It moat op seal komme, oars dogge wy net mei. Wy keapje net foar depot. Wy wolle jild stekke yn publyk besit, dat past ek yn de fisy fan Nanne Ottema.”

 

Alma Tadema
Dan noch is de stifting eigensinnich. Want wat it Fries Museum oantsjut as in ‘sleutelstuk’ fan de skilder Lawrence Alma-Tadema hat it bestjoer oan him foarby gean litten. Oare finansiers lykas de Vereniging Rembrandt ha it Fries Museum holpen oan ‘The Entrance to a Roman Theatre’, in oankeap fan €1,6 miljoen.

“Unfoldwaande weardefol om oan ús besit ta te foegen, mar trochslachjaand wie dat wy it net allinnich keapje koenen”, is de taljochting fan Oldersma. “Wy wolle sels baas wêze oer ús besit. Sa wurdt feilich steld dat de objekten beskikber bliuwe foar Fryslân as der ea wat bart mei in museum.”

 

Stikken ôfstjitte
Ek de stifting sil, krekt as de Fryske musea, stikken ôfstjitte. “We zoeken er in de eerste plaats een nieuw museum voor. Maar er zijn ook musea die zelf op zoek gaan en iets van hun gading vinden in onze database”, leit bestjoerder Karin de Bruin-Frederiks út. “Mooi voorbeeld zijn de Javaanse sierdaden en zilveren miniaturen die nu in het Rijksmuseum te zien zijn.”

De ynfestearrings yn de digitalisearring fan it besit binne in grutte winst, sa binne de bestjoerders fan betinken. “Ook van de objecten die we afstoten blijven wij de gegevens bewaren in de publieke database”, seit De Bruin. “It is ek in stikje ferantwurding”, fynt Oldersma.

 

Printen en tekeningen
Fan de kolleksje fan Ottema-Kingma-stichting sil der sa’n 5000 fan de 40.000 stikken ôfstjitten wurde, is de ferwachting fan it bestjoer. Dêrta heart in grutte samling printen en tekeningen. “Grutte kâns dat wy dy nei in feiling bringe”, seit Oldersma.

“Zulke prenten zijn ook in goede handen als ze bij een gepassioneerd verzamelaar terechtkomen”, fynt De Bruin. “Dat wie Nanne Ottema ek”, glimket Oldersma. “Hy hat hiel moaie dingen foar Fryslân dien, fergelykber mei wat Helene Kröller-Müller mei har kolleksje en har museum dien hat foar Nederlân.”

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 5 (septimber), s. pag. 40-43

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.