De kâlde sylreizen fan Eerde Beulakker

Publisearre op 19 april 2013

HILDA TALSMA – 

Ik ha dizze tentoanstelling besocht mei myn man, ek in skipper. Hy hat seefiske en ferskate reizen makke oer it wetter en hy sjocht de romantyk der ek fan yn. See, wyn, weagen, hy fielt him der thús. Ik krij der hiele oare gefoelens by. As ik op in skip sit, al hoe prachtich en lúks it oan board ek is, en ik fiel de dining, dan wurd ik sa beroerd as in kat en spui ik alles derút.

Op ’e binnenwetters fan Fryslân is it goed te dwaan, mar ús lêste tripke op see wie in pear dagen Barcelona. Dêr leine freonen yn ’e haven mei harren jacht. Nei earst in pear dagen de prachtige stêd besjoen te hawwen, soene we in stikje sile lâns de kust. It wie moai waar, mar ik ha de hiele reis plat lein mei de eagen stiif ticht. Want platlizze is foar my de oplossing om net beroerd te wurden en it beroerd wêzen is foar my in reden om noait in reis op see te meitsjen.

Eerde Beulakker hie ek lêst fan seesykte, hy spuide him ‘it gal út ’e teannen’ en dochs hat er in hiel soad reizen makke op syn seeweardich jacht ‘De Teake Hadewych’, mei syn libbenspartner Hedwig van den Brink, in frou like aventoerlik as hy. Der wiene wolris lju dy’t harren ôffregen hoe’t er it dochs sa troffen hie mei har, se seurde noait. ‘Je moet een boot bouwen en daar en vrouw bij zoeken,’ wie syn antwurd.

Begûn op it binnenwetter yn Nederlân en Fryslân makke er syn earste serieuze reis yn 1971 en der gong in wrâld foar him iepen. De earste echte oerstek mei de Teake Hadewych wie yn 1987, dat skip is spesjaal foar him boud.

As bern makke er al boatsjes fan hout, mei in seil fan in âld lekken. It  gefoel dat er doe hie oer hoe’t it wêze moast, kaam er pas op ’e Falklâneilannen wer tsjin. ‘In het begin valt het gewoon tegen,’ seit er, mar dêr krige er foar it earst it gefoel dat it goed wie. De frijheid, de kym, op dysels oanwiisd wêze. De boat as oaze fan rêst, as oaze fan dyn eigen wrâld.

Dochs wie it silen op see noait syn grutte leafde, it gong om de bestimming en dat wiene meastentiids de kâlde gebieten. Hy is gek op snie, iis en kâld waar. De oerwintering fan Willem Barentsz en syn mannen hie foar him altyd in reden west om nei it noarden te silen. Mar it Russyske Nova Zembla is sletten foar besikers. Dochs koene Eerde en syn seilmaat Toon de rook fan it eilân rûke yn 1999.

‘Koud is niet vies, koud is heerlijk,’ seit er yn it filmke. In trui, in sjaal, in muts, hy fynt it spitich dat der yn Nederlân gjin echte winters mear binne. ‘In een volgend leven wil ik een ijsbeer zijn.’

De tentoanstelling jout in moai oersjoch fan wêr’t er allegear west hat. Oersichtlik, mei prachtige foto’s. Eltse foto is in ferhaal en koarte stikken tekst fertelle oer syn seereizen. De boeken dy’t er skreaun hat oer dy reizen lizze der ek en der steane fitrines mei kranteknipsels, deiboeken, seekaarten en ek de sylpakken fan Eerde en Hedwig binne te bewûnderjen.

Eerde en Hedwig sile net mear. Hy hat de diagnoase ALS krigen, in fatale spiersykte. Hy sit yn in scootmobyl en syn libben is oer de kop gien. De Teake Hadewych is ferkocht mar Hedwig is noch altyd syn stipe yn barre tiden. Dit lêste stikje ynformaasje is net te sjen op de tentoanstelling, krekt sa as de measte persoanlike dingen net oan ’e oarder komme. Dat fûn ik wol in bytsje spitich, want ik bin wol benijd wurden nei de man achter de seeman. Faak seesyk en dochs trochsette, ik kin der allinnich mar bewûndering foar ha.

 

De tentoanstelling ’De kâlde sylreizen fan Eerde Beulakker’ is noch te sjen oantemei 14 july yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels