Om de keunst

Publisearre op 7 maart 2019

KAREN BIES – 

Ik kocht in keunstwurk, want ik hie wat te fieren. It is in skilderij fan in famke, skildere op in âlde houten tekentafel, jierrenlang brûkt yn in klaslokaal, de krassen en ferve bin noch sichtber. Doe’t it noch mar krekt by ús yn de hûs hong, seach ik it foaral as it wurk fan de keunstner. Mar it wurdt hoe langer hoe mear ek fan my. Ik gean der yn op, en ik wurd der bliid fan. Foar my hat dit keunstwurk grutte wearde.

 

Tink net oan it rêden fan de skries middels muzyk. Mar doch it om de keunst.

 

Wat is keunst wurdich?
Ferline wike, de spanning oer de sifers fan Kulturele Haadstêd. It gong oer besikersoantallen, opbringsten. En doe de opluchting: O gelokkich, it koe út! We hawwe der sels flink oan fertsjinne! ‘Investeren in kunst loont,’ sei de minister. We kinne gerêst wêze.

Wy mjitte de wearde fan keunst ôf yn sinten, yn ekonomyske wearde. Dy sprekt foar himsels. Hûnderttûzenen besikers nei it Fries Museum foar Alma Tadema of Escher. Kassa! Dêr hoege je niks mear oan út te lizzen.

Keunst yn ús lânskip, de iepenbiere romte, jout mear diskusje. Ik lies in ferhaal fan Huub Mous oer 1985. Doe reizige Ids Willemsma de provinsje troch mei in kontener mei dong, om dêr skulptueren fan te meitsjen. ‘Wat marmer is foar Italië, is dong foar Fryslân,’ sei Ids. Mar dêr sieten minsken net op te wachtsjen. ‘Wy witte wol hoe’t stront rûkt!’ En: ‘Soademiterje dy rotsoai mar by dysels yn ‘e tún!’

Of nim de fonteinen. ‘Hoesa, moai? Sûnder wie it hjir ek moai, hear! En hoe sit it mei myn útsicht, en mei de wearde fan myn hûs. It binne myn belestingsinten. Wêr bliuwt trouwens dat fytspaad?’

Keunst hat hiel wat út te lizzen.

As keunst gjin jild oplevert, lit it dan asjeblyft ergens oer géan. Dat falt teminsten út te lizzen, dán mei it wol wat kostje, want dêr kin je in polityk of sosjaal doel mei berikke. Keunst oer miljeufersmoarging, minderheden, earmoed, de greidefûgel, of keunst dy’t wat docht mei lokale ambachten. Sjoch, dêr ha jo wat oan! En taal! Lit it foaral Frysk wêze! Keunst as middel, foar taalbefoardering.

Keunst moát fan alles. Syn besteansrjocht bewize, yn opbringst en besikers en maatskiplik belang.

Mar moatte jo dan jo earen hingje litte nei it publyk? Ik bedoel, Vincent van Gogh ferkocht by libben ek hast niks. En de keunst fan Ids Willemsma hat it toch faak wûn fan de wjerstân.

Wat is keunst wurdich? En no ris net yn jild, mar yn himséls. Ek dan moát keunst fan alles. In grins ferlizze, ferrasse, sear dwaan. Keunst makket dyn wrâld grutter. It makket de sichtbere werklikheid abstrakt, of krekt oarsom, it lit sjen watst net begrypst. Keunst makket dy oan it laitsjen, of oan it gûlen, of do ergerest dy der oan. Yn elk gefal, der gebéurt wat mei dy. Ek mei de keunstner sels. Hy woe, hy soe, hy moást dit keunstwurk meitsje. En dit kaam der út. In boek, in byld, in film, in toanielstik, in ferske. Oan ús om dêr de wearde fan yn te sjen. Keunst beweecht, leart, emosjoneart. It hat wat, dat in fytspaad of in bushalte net hat. (No ja, miskien is it mooglik om te gûlen by de skientme fan in bushalte.)

Noch even werom nei it skilderij dat by my yn de keamer hinget. It is fan de Drachtster keunstneres Thamar Haak. Dit skilderij hoecht niks fan my. It hoecht neat te sizzen oer oarloch en frede. It giet net oer duorsemens of yntegraasje of #metoo of klimaatferoaring of wat dan ek. Dit keunstwurk hoecht syn jild net op te bringen of yn wearde te ferdûbeljen. It is moai sa’t it is. It hoecht allinnich mar te hingjen. Hingje en moai wêze, as in lummeljende puber.

Mar goed, dat is by my thús. It giet yn de provinsje dus gewoan wól om jild, en der is wat te ferdielen. Mar politisi hawwe gjin ferstân fan keunst. Dêrom is it goed dat se har advisearje litte troch fakminsken. Dy sjogge wat ûnderskiedend is, wat kwaliteit hat, wat tekenjend is foar de tiid, en wichtich is yn relaasje ta de rest fan de wrâld. Lústerje nei fakminsken, en jou keunstners de tiid en de kâns en de frijheid om te meitsjen. Keunst dy’t net in ekonomysk doel hat, mar dy’t it wurdich is, fan himsels.

Politisi, stek dêr dan jild yn. ‘Investeren in kunst loont’, sei de minister. En tink no ris net oan dy fonteine-toerist dy’t sinten deltelt om te lunsjen en te oernachtsjen. Tink net oan it rêden fan de skries middels muzyk. Mar doch it om de keunst.

 

Foto: fragmint út it skilderij fan Thamar Haak

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels