Oerrock

Publisearre op 18 mei 2015

KAREN BIES – 

Oerrock is al in pear dagen lyn, mar ik moat der sels dus ek eem fan bekomme. Alwér mear minsken op it festival, 16 tûzen. In grut sukses dus, mar der binne noch wol wat ferbetterpunten, seit de organisaasje. Se bedoele tink ik foaral de lange rigen foar de taappunten en ferfolgens de toiletpunten. It fjildsje mei de húskes en ‘plaszuilen’ (goed voor ca. 1.500 plasbeurten, door drie mensen tegelijk te gebruiken) hat nei trije dagen festival likefolle ammoniakútstjit as alle buorkerijen fan Oerterp byinoar yn in jier.

 

As ik troch de yntusken fertroude lucht fernim dat der ien yn myn fytstas pisse hat, wit ik it seker: Oerrock is it toppunt fan rock ‘n roll.

 

Trije jonnen lang drinke, pisje, gesellich prate en muzyk fansels. Kensington meldt him ien dei fan tefoaren siik dus moat der in ferfanger komme. ‘Opwinding op het platteland’, skriuwt 3voor12, want Oerrock regelt gewoan eem Triggerfinger nei Oerterp! Ik persoanlik fûn Nielson trouwens ek hiel leuk, as ik tritich jier jonger wie en twintich sintimeter lytser dan wist ik it wol. Op freedtejonne Henk & Henk, Johannes Rypma en de krigele Harry Slinger, dy’t niks feroare is. As ik tritich jier âlder wie … no ja, dan wist ik it dus ek wol.

De tributebands op saterdei: ast dyn eagen en earen heal ticht dochst, binne it krekt de echte Police, Pink Floyd en Joe Cocker. De earen kinst trouwens soms better mar hielendal tichthâlde, want wat stiet dat lûd dochs knetterhurd, it snijt bytiden as in mes troch dy hinne. De earste helppost dielt fergees eardoppen út, of soe dat wêze om de faders noch fierder iepen te skowen.

Mar Oerrock is in moai feest. It begjint tongersdeitemiddeis al om fjouwer oere, kofjetiid, mar kofje skinke se hjir net, allinnich mar bier, fris en bearenburch. By twa bearenburch-kola’s krijst in Sonnemapet. De bern hoege der net lang om te seuren, se krije allebeide in pet, want mem hat it sá kâld. It is heal maaie, mar fjouwer graden. Guon âlde rockers ha de lange ûnderbroeken der ûnder, hear ik fan yntimy. Bearenburch drinke dus en mei plestik bier smite, dat is Oerrock. Gelokkich ûntdek ik ein fan ‘e jonne tusken de patat en de hamburgers en de tûzenen minsken myn bern. Sy neame dronken lju ‘mongoalen’ en rokers ‘stom’ dus oer harren hoech ik noch net yn te sitten.

As ik séls myn fyts mar weromfine kin. Dat slagget nei in healoerke sykjen, en as ik troch de yntusken fertroude lucht fernim dat der ien yn myn fytstas pisse hat, wit ik it seker: Oerrock is it toppunt fan rock ‘n roll. En Joe Cocker ís dus hielendal net dea!

Nije wike ha wy it pinksterfeest yn Wynjewâld. Ik kin hast net wachtsje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]