Nochteren

Achte frou Nagtegaal en hear Terpstra,

It is waar fan niks, kâld en ûnlijich. Dus ik jit mysels in buorrel yn. Kin lije, ’t is hjoed snein. In dei om it libben te oertinken.

Ik proast op jim.

Op jim heldere ynsjoch, op jim moed om it ris lûdop en planút te sizzen. Dat it sa net langer kin. Dat we hjir sa stadichoan it paad goed bjuster binne, mei dat weake, sêfte kultuergedoch fan ús. Dat guon minsken noch altyd net begripe dat de kachel mar min baarne wol fan loftfytserij en idealistysk geneuzel. Dat it heech tiid wurdt en kom mei beide poaten op de grûn. Nochteren tinke en tenei allinnich noch dingen dwaan dy’t gjin jild kostje, mar opsmite. Proast!

Ja, frou Nagtegaal, jo ha grut gelyk dat jo mei jo partij dy Dokkumer politisi ris it mannewaar opsizze. Ik ha jim oanklacht dat Dongerdiel mei al syn Frysktaligens de toeristen fuortjaget, mei ynstimming lêzen. Tuerlik fynt gjin inkelde toerist it noflik om yn in frjemde taal tasprutsen te wurden, dêrfoer gean jo ommers net op fakânsje. Dat wit elkenien. Hâld op sis, hoe betinke se it. Ik bedoel, Benidorm is ek allinnich mar in súkses omdat ik dêr gewoan telâne kin by Broodje Koos en Ad Patat. We kinne toch net ferwachtsje dat minsken dy’t op Dongeradiel ôfkomme fanwege Bonifatius of Midsieuske terpen en tsjerkjes no ek noch ynienen wurdearring krije foar in eigen taaltsje?

It is goed dat jo it in kear sizze, loud & clear. It stimt my gelokkich dat se noch bestean, minsken mei sûn ferstân en ratio lykas jo. Krekt as jo kollega-foarsitter fan de VVD yn Menameradiel.

Ja, hear Terpstra, jo ha grut gelyk dat jo mei jo partij dy Ljouwerter kultuermafkezen ris it mannewaar opsizze. Ik ha jim oanklacht tsjin Kulturele Haadstêd mei ynstimming lêzen. Wat in ûnferstannen binne it, dêr yn de Blokhúspoarte. It lef om in pear miljoen te freegjen fan earmlestige buorgemeentes, foar har eigen elitefeestje! In feestje dat de arrogânsje hat om foar it earst yn ieuwen ris oer it eigen Fryske skaad hinne te stappen, dat besiket in skarnier te wêzen tusken eigenheid en iepenheid, dat âlde wearden meinimme wol nei nije tiden, dat kultuer by alle minsken bringe wol, dat neidruklik de omjouwing by de stêd belûke wol, dat dizze regio mear ynternasjonale oandacht en oanrin bringe sil as ea earder… sa’n stom elitefeestje dus. Ja dêr moatte je as nochteren Berltsumer of Menamer fansels fier by wei bliuwe, ek al sit jim heale doarp alle dagen yn de auto nei dyselde stêd om syn brea dêr te fertsjinjen.

As ik jo in tip jaan mei: set in grut stek om jo gemeente hinne. Sadat al dy kultuertoeristen aansen net it lef hawwe om út Ljouwert wei ris yn de omjouwing te sjen, sadat se it net weagje om hotels en campings yn jo gemeente te boeken, sadat teatermakkers of oare fage kreativelingen it wol litte sille om ris by jim yn de greiden op strún te gean nei in moaie lokaasje foar in ambisjeus projekt.

En drink ris in gleske bier mei frou Nagtegaal fan Algemeen Belang Dongeradeel. Miskien hat sy wol bitterballen yn ’t fet. En kinne jim it der tegearre ris oer ha. Oer hoefolle better de wrâld ôf wêze soe mei minsken as jim. Dy’t hurd wurkje, húske-hypoteekje op streek ha, praktysk en pragmatysk tinke, gjin tiid fergrieme oan rare ideeën of saken dêr’t je gjin bôle foar keapje kinne, jûns noflik op de bank sitte of de boekhâlding dogge; en ien kear yn ’t jier ferplichte nei de toanielútfiering fan Nut en Genoegen ta. Yn ’t Frysk, mar dat is foar eigen doarp dus dan mei it.

Ik jit my noch mar in buorrel yn. Fine jim it slim as ik sûnder jim fierder drink? Proast!

 

Bart Kingma

Comments
2 reaksjes oan “Nochteren”
  1. Hendrik Terpstra schreef:

    Achte hear Kingma,

    Jo kolumn freget om in reaksje. Ik bin net tsjin as foar KH2018. Dat is in beslút fan de rie fan Ljouwert en de Steaten fan Fryslân. In demokratysk beslút en der is neat mis mei. It punt is dat de rie fan Ljouwert en de Steaten wol ferwachtsje dat oare rieden ek ta de bûse geane. Sa wurket dat fansels net.

    Der giet de rie fan Menameradiel sels oer. De rie fan Menameradiel lit Ljouwert ek frij yn it slúten fan Parnas as de besúnigings op de Harmonie. De rie fan Menameradiel ferwachtet ek net dat Ljouwert op dat soarte saken in oare kar makket dan at se dien hawwe.

    At der fanút KH2018 in moai plan komt foar Menameradiel dan is de rie miskien wol ree om jild frij te meitsjen. Je matte dan earst wol mei in plan komme. Ljouwert giet der no fanút dat eltse gemeente dat sa mar wol efkes docht. Dat is in ferkeare tinkwiize. De rie fan Menameradiel giet oer syn eigen sinten, krekt as de rie fan Ljouwert. Dat wie de kearn fan myn ynstjoerd stik.

    Groetnissen,

    Hendrik Terpstra

  2. Nagtegaal schreef:

    Geachte heer Kingma,
    Is deze brief van dit jaar? Misschien toch een borreltje te veel dan, ik zit al meer dan een jaar niet in de raad, maar ik moet toch maar even reageren. Tenslotte schrijft u aan mij. De gedachtegang kan ik echter wel volgen, toeristen die in Nederland op vakantie gaan, verwachten inderdaad dat ze zich in hun eigen taal kunnen redden en dat ze de toeristische zaken kunnen lezen als die vermeld staan. Dus 2 taligheid in zaken zou heel prettig zijn! Begrijp me goed, ik heb niets tegen de Friese taal, juist niet, maar verloochen onze Nederlandse taal niet. Voor beide talen even veel respect! Maar goed, zo denk ik er over, ieder is vrij om zijn menig daar over te hebben.
    Ik ga denk ik nu maar een wijntje in schenken! Proost!

    Marry Nagtegaal

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.