Noard Nederlân

Publisearre op 16 december 2010

WILLEM SCHOORSTRA –

De lêste tiid is der in soad te dwaan oer it opheffen fan de provinsjes, oftewol it fuortsnijen fan in bestjoerlike tuskenlaach. Soks besparret slompen jild, seit Den Haach, en as Den Haach it seit sil it wol wier wêze. Foar Fryslân betsjut soks dat wy mei Grinslân en Drente opgean yn in nij lânsdiel, mei namme Noard-Nederlân of it Noarden. Dat nijs sloech yn as de sprekwurdlike bom. Jehannes Kramer, dy’t foar de FNP in sit yn Provinsjale Steaten hat, smoarde hast yn de sûpengroattenbrij. ‘Mar dit sil ús net barre!’ rôp er, like striidber en beret as altyd. ‘Soks raast oan de protters! Frysk bloed, wol nochris brûs en siede! En optsjogge sille wy! Mei syn allen moatte wy nei Den Haach marsjearje, om de bestjoerders dêr dúdlik te meitsjen hoe’t it Fryske folk oer har foarnimmen tinkt! By dizzen rop ik elkenien op om oan dy protestmars mei te dwaan!’

Der waard massaal op Jehannes syn emosjonele oprop reagearre. En net allinne troch de man yn de strjitte, nee, ek tal bekende Friezen opponearren har. Lykas Roel Falkena, de foaroanman fan de Betinking fan de Slach by Warns. Dy stelde foar om, as de mannichte yn Den Haach wie, sân kear om it Twaddekeamergebou hinne te rinnen, ûnder it sjongen fan âlde lieten en mei begelieding fan ferskillende fanfarekorpsen. Hy wie derfan oertsjûge dat men dêrmei de muorren fan it regeargebou ferbroazelje litte koe. ‘Dat sil har de eagen iepenje,’ sei er muoilik, en hy snute de noas. Foppe de Haan woe ha, as Roel syn plan net slagge, dat elkenien in bal meinaam om dêrmei de ruten fan it gebou yn te wâdzjen. Tsjin hillige hûskes skoppe, neamde er dat. Mar Reitse Spanninga, ús nasjonale itensieder, hie wer in hiel oar idee. ‘Ik meitsje foar de hiele kloft dy’t meidocht in swimbad fol brunebeanesop. Foar’t wy ôfstekke ite wy dat op, sadat wy de hege hearen oan de ein fan de tocht in moai poepke rûke litte kin!’ Dêrnei bûgde er him nei Roel Falkena, dy’t noch mei de bûsdoek yn de hân siet, en sei: ‘Mar wy drinke der wol in wyntsje by, want in wyntsje is altyd lekker!’ Pytsje de Graaf, ek steatelid en boechbyld fan de FNP yn Dongeradiel, sei dat se foar alle dielnimmers oan de tocht in pear sokken breidzje soe. ‘Sa’n protestmars giet maklik in pear sokken mei hinne,’ sei se, ‘dat ik lit in frachtwein fol jern komme en sil mei-ienens oan de slach!’

‘Hartstikkene moai,’ sei Foppe, wylst Falkena nochris de noas snute en Reitse mei in shovel in swimbad fol brune beane skode. Even sa sydlings: dat is fansels in ferskil tusken Fryslân en de rest fan de weareld: dêr naaie se har omheech op wei nei de top, hjir breidzje wy ús omheech nei de top. Hawar, Lytse Teake fan de Westerein wie der ek noch. Dy fertelde dat er foar de gelegenheid in spesjale konferense skriuwe soe, inkeld en allinne foar de beliedsmakkers yn Den Haach. Yn in statement foar it NOS-sjoernaal sei er dêroer: ‘Het is mijn doel en schrijf een sketch waar de heren zich de zakken van uitscheuren en zich helemaal fergriemen. En denk niet dat Kleine Teake dat niet opredden kan, want ik kom van de Westereen, en Westereenders zijn dwarsdoorallesheen! Ik zie jullie al denken, wat zal Kleine Teake uitheven, nou, dat zal ik jullie zeggen. De sketch is ornere om de politiek te laten zien hoe waardevol de Friese kultuer is, hoe belangrijk het is om dat te hoeden en te noeden, en dat soks niet om een paar luizige centen naar gychem wordt geholpen.’

Ien fan de meast nijsgjirrige reaksjes op de plannen fan it regear kaam fan de Groep fan Auwerk. Dy Groep stribbet nei in selsstannige dielsteat fan in Nij-Fryslân yn Europa. Sy stelle planút dat in lânsdiel Noard omskreaun wurde kin as in keunstmjittige autonomy fan in net besteand folk. Noard hat gjin eigen histoaryske identiteit of wêzen, hat gjin ynhâld en is in net winslike besjoerlike konstruksje. Neffens har – en dêr ha se gelyk oan – is it benammen Grinslân en stêd Grins dy’t kieze foar in provinsjale weryndieling en opgean wolle yn in grutter geheel. De ynwenners fan Fryslân en Drinte lykwols tinke dêr gâns oars oer. Om koart te kriemen: de Groep is fan betinken dat Grinslân as provinsje oer Fryslân en Drinte ferdield wurde moat. De gebietsôfbeakening moat de takomst treast wêze en histoarysk sa natuerlik en fanselssprekkend mooglik ferantwurde wurde kinne: romtlik, ekonomys, sosjaal en kultureel.

Ik fyn it sympatyk, dat provinsje-plus idee. Der is sprake fan dúdlike eigen regionale identiteiten, en dêrmei is ek it eigen kulturele karakter bewissige. Yn dy nije opset is it needsaaklik dat der mear foech fan de ryksoerheid nei de beide provinsjes-plus oerhevele wurdt, op it mêd fan bestjoer, wet en regeljouwing. Hiel belangryk foar ûnderwiis, rjocht, kultuer, media en ekonomy. En it earste dat der barre moat is ynvestearje yn foarsjennings. Want dat men in dei of oardel reizgje moat om by in supermerk te kommen, is net mear fan dizze tiid. Okkerdeis stie it al yn de krante, sels yn it lanlike nijs waard deroer praat.

En it is wier, ik wit it út eigen ûnderfining. As op in stuit de kasten leech reitsje fielt men de spanning oanwinnen: der moat boadskippe wurde. Behalve lege kratsjes wurde der twa literflessen wetter yn de auto tôge, in isolaasjetekken, in maglight dyst ek as kneppel brûke kinst, in tube astronautefiedsel, in walkie-talkie en in alarmpistoal. Alle kearen is it wer in nuodlik ûndernimmen, en men moat oeral op tared wêze. By ús yn it doarp ha wy allegear it foarbyld fan Sibe Sinas foar eagen. Dy is op in freedtemoarn ôfstutsen om te boadskipjen by de Poiesz, en dy ha wy noait wer sjoen. Wierskynlik de ferkearde ôfslach nommen.

Gearfetsjend: it idee om fan Fryslân en Drinte provinsjes-plus te meitsjen sprekt my tige oan. Mar miskien moatte wy noch fierder sjen, noch rommer tinke. Der is in politike partij en dy hjit fan De Friezen. Hun foaroanman Doede Damsma seit: hef dy provinsjes mar op en meitsje der in lânsdiel Fryslân fan. Folsleine autonomy. De baten fan gas en sâltwinning sels opstrike, en sels beslisse wêr’t dat yn ynvestearre wurde moat. Ja, en ek dêr begjint myn pompebledsje flugger fan te slaan. Mar mei it each op de takomst fan Europa, de Feriene Steaten fan Europa, is it noch better en sjoch oer de grinzen. Nei East en Noard-Fryslân. As wy mei harren de lapen gearsmite, is in Euregio Fryslân net ûnmooglik. Histoarys korrekt en oer alle boegen geunstiger, om’t wy fan Brussel mear te ferwachtsjen ha as fan Den Haach.

Ah, ik sjoch se al stean, de ministersploech op de treppen fan it stêdhûs fan Leer. Doutzen Kroes, minister fan Bûtenlânske saken, Romke Kooyenga, Finânsjes, Simone Scheffer, Sport en Wolwêzen, Klaas Jansma, Binnenlânske saken en Skipfeart. En yn it midden fan de groep, noch hieltyd mei in mikrofoan om’t er dat altyd wend west hat, President Pyt Paulusma. En wylst de fotograven hun plaatsjes sjitte en Pyt foar de wissichheid noch ien kear yn ’t rûn sjocht, ropt er, yn koar mei alle ministers: Oant Moarn!

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels