fotografy: Linus Harms

Nijsgjirrigens as driuwfear fan poëtysk skriuwerskip

WILLEM HAANSTRA – 

De wrâld fan Aggie van der Meer (82) is boud op nijsgjirrigens. As bern al wie se obsedearre troch de wrâld om har hinne, fan de beam yn de tún oant de muoikes dy’t op besite kamen: wat foar meganisme sit dêr achter? Yn ‘e oarlochsjierren kaam de prangjende fraach nei it wêrom fan de oarloch. In fraach dy’t har nea wer losliet, dy’t har libben ynhâld en rjochting jout, sa’t literatuer dat docht, foaral nei har 65e. Har libben, wêryn’t se beide eleminten in plak joech, it tsjingean fan ûnrjocht en it skriuwen fan poëzij en proaza. In erudyt skriuwster, sensityf oant yn har tiennen, tagelyk nochteren as dat nedich is, klankryk en kleurich, fol symbolyk, mar ynearsten ek in frou dy’t net opjout as der ûnrjocht bestriden wurde moat, ek net no’t se âlder wurdt.

Se sit, wif en brekber sa’t it liket, oan it finster. Op de achtergrûn falt de lette sinne op it statige Sint Anthony Gasthuis, in monumint dat syn oarsprong hat yn ‘e Midsieuwen. Achter har wente in lyksa statige eskdoarn, ek in monumint, yn in bemuorre stedstún. Boalsert sintrum. Dat wiffe en brekbere blierret fluch ôf as se praat en har eagen sprekke lit. Brune, libbene eagen fan in besiele minske dat midden yn ‘e wrâld stiet en dy wrâld spegelet oan har idealen. Se skinkt tee yn, wylst har man Herman ús de koekjesskaal foarhâldt. ‘Ik fiel my goed en ha enerzjy by ‘t soad om te skriuwen.’

 

It prieeltsje fan omke Frits
Op de Grote Dijlakker 13 waard Agatha Augusta van der Klei berne op 2 septimber 1927. Der wienen yn har bernetiid in soad boeken yn ‘e hûs. Har âlden hienen nammentlik as taak om de oanwaaks fan de Roomske Biblioteek, dy’t flak yn ‘e buert siet, earst te lêzen foardat it beskikber steld waard. Sensuer? ‘Sa seagen wy dat net. It wie wol sa dat der in spesjale ôfdieling wie mei E-nûmers. Dy stienen foar ‘folwoeksenen mei ûnderskiedingsfermogen’. Us mem lies dy boeken meastal. Sy wie har tiid fier foarút.’ Berneboeken wienen altyd beskikber foar Agatha Augusta. Sels yn oarlochstiid naam har heit sa út en troch nije boeken mei, as hy op reis moast.

Net de Van der Meers fan de kant fan har man wienen famylje fan P.C. Hooft-priiswinner (1963) Frits van der Meer, mar de Van der Kleis. Se wennen skeef tsjinoer inoar, mar kontakt wie der amper. Frits van der Meer brocht wol, letter, doe’t de âlden fan Aggie har nei wenjen set hienen yn it bertehûs fan Frits, in besite oan de famylje. Dat rûn út op in grutte teloarstelling. Frits waard lilk doe’t hy seach dat ‘syn’ prieeltsje út ‘e tún helle wie! It túnhûske dêr’t er as jonge dreamde en studearre. Hy sette fuort wer ôf en kaam nea wer yn syn bertehûs.

 

Doofpotkultuer yn tsjerke
Yn Aggie har Lytse roman fan Jon Fels stiet it tema pedofily sintraal. Se besiket dat ûnderwerp hoeden te benaderjen en hat ek begryp foar de pedofyl. Dêrtroch giet it petear al fluch oer op de aktualiteit, de krisis yn de R.-K. tsjerke, feroarsake troch in lawine oan ûntuchtsaken. ‘Dat dit barre koe, fernuveret my net hiel bot. Wol op dizze skaal, dêr stean ik echt fersteld fan!’ Se sjocht it selibaat seker wol in rol spyljen yn it gehiel, krekt lykas it feit dat der by de oplieding ta geastlike te min omtinken jûn wurdt oan de mooglik negative gefolgen fan in ferplichte selibatêr libben. ‘Dy doofpotkultuer hat de tsjerke tige skansearre, mar soks bart wier net allinne yn ‘e R.-K. tsjerke.’ Sels is Aggie nog hieltyd lid fan ‘e tsjerke, se hat in goede relaasje mei de pleatslike pastoar Jan Romkes van der Wal, mar moat neat hawwe fan de tsjerke as ynstitút: ‘It leauwen stiet los fan ‘e tsjerke as ynstitút.’ Nei in hoartsje neitinken formulearret se it sa: ‘Omdat ik de bining mei de pleatslike tsjerke net folslein ferlieze woe, mar my ek net meiferantwurdlik fiele woe foar it belied fan it Ynstitút, ha ik mysels yn in soarte fan wachtkeamer set. Wachtsjend op bettere tiden? Ik bin dus eins mar heal lid.’

Sels hat se it nedige te stellen hân mei de tsjerke, of better: mei minsken dy’t it har kwea-ôf nommen dat sy, mei in protte oaren, nei it Twadde Vatikaanske Konsily yn ‘e jierren ’60 de finsters fan de tsjerke iepen goaie woe, om de nije geast waaie te litten. Ek har foaroprinnende rol binnen it Interkerkelijk Vredesberaad (IKV) waard har troch de behâldende goegemeente kwea-ôf nommen. Faak tocht se deroer om mei har aktiviteiten dy’t, yn har eagen, foar in bettere wrâld soargen, op te hâlden. Safier is it net kommen. De spanningen dy’t har maatskiplike aktiviteiten feroarsaken, hawwe grutte ynfloed hân op har skriuwerskarriêre.

 

Nijsgjirrigens as driuwfear
It wie E.S. de Jong, doedestiids ûnder oaren bekend propagandist foar de Kristik Fryske Folks Bibleteek (KFFB), dy’t begjin jierren ’60 by in kursus ‘Frysk foar begjinners’ Aggie de earste begjinselen fan it Frysk bybrocht. Dat resultearre, ek foar harsels hiel ûnferwachte, yn in besykjen om in Frysk berneboek te skriuwen: It kemiel fan omke Romke. E.S. bea oan om de tekst nochris te korrizjearjen, se wie sels ommers echt Stedfrysk, en har earste boek wie in feit. Dêrnei ferskynden der sa no en dan gedichten fan har hân yn Hjir en Tzum, dêrta oantrúnd troch minsken as Tsjebbe Hettinga, Teake Oppewal, Jelma Knol en Goasse Brouwer.

It soe nei Omke Romke 36 jier duorje foardat in folgjend boek it ljocht seach. Dêrnei, yn in perioade fan 10 jier, folge it iene nei it oare wurk. En noch hieltyd skriuwt se alle dagen, hat wer in roman ôfmakke, skriuwt oan in tekst (wêr’t se yn besiket it earste lûd oait te ferwurdzjen), dêr’t muzyk fan Hoite Pruiksma op set wurdt en skriuwt alle moannen in ferhaal yn it Friesch Dagblad.

Nijsgjirrigens is de driuwfear fan har stribjen om de wrâld te begrûnjen. Dêr spilet it bern yn har in grutte rol by, krekt lykas de oprjochte lilkens by it konstatearjen fan ûnrjocht. Se giet dêr hiel fier yn, mar tinkt der ek goed oer nei, alle kanten beljochtsjend. Sa hat se har wolris ôffrege, oft sy as presidint fan ‘e Feriene Steaten yn it begjin fan ‘e jierren ’40 wol soldaten nei de oarloch tastjoerd hawwe soe. ‘Dêr bin ik eins nea hielendal wis fan wurden. It stellen fan dy fraach allinne al, rôp binnen de IKV-kring ûnbegryp op.’ Dochs is se gjin pasifist. De ynfal yn Irak brocht har wol net op ien streek mei de âld-foarman fan it IKV en freon Mient Jan Faber, dy’t foar de ynfal wie, mar in helder stânpunt dêroer kin se noch hieltyd net formulearje. ‘Ek hjirby besykje ik alle kanten fan de saak te beljochtsjen…’

 

‘Alles giet op yntuysje’
Har styl fan skriuwen is bysûnder. Boartlik, poëtysk yn klank en ritme. Fol symbolyk en byldspraak ek. Betiden by it barokke om’t ôf. Dochs dy Roomske ynfloed? ‘Ja, dat tink ik wol. Ik ha ek gjin hekel oan de tsjerke, oan de gebrûken, oan de sfear. Dy hawwe in grutte ynfloed op my as bern hân.’  Wannear’t ik sis dat ik betiden  mear poëzij yn har ferhalen en romans lês as yn har gedichten, werkent se dat. ‘It is dreech om dat ûnderskied te meitsjen as jo skriuwe. Ik skriuw hiel spontaan. Alles giet op yntuysje.’ Hoewol’t Aggie seit dat se net muzikaal is, azemt har taal oan alle kanten boartlikheid en ritme út. Mar ek dan, alles giet by har lâns de wei fan de ferbylding. ‘It ferhaal, of it gedicht, ûntjout him al skriuwende, freegjende en taastende. Ik bin altyd wer nijsgjirrich hoe’t it ôfrint.’ Sa hâldt se it hiel lang fol, fynt se sels.

Aggie har wurk ken twa wrâlden: har eigen, beskerme fermidden, dy fan har jeugd, de famylje, de tún, de stêd en dan dy grutte bedriigjende, mei syn klassike tema’s dy’t jo yn har wurk weromfine: pedofily, oarloch, frede, ûnderdrukking, úthoulikjen, de spanning tusken man en frou, iensumens. Mar hoe giet dat no, wol ik witte. ‘Ik wurkje fan grut nei lyts. De grutte tema’s foarmje it útgongspunt. Dy wurde, wêr mooglik, oersetten nei it hjoeddeiske, it hânsume.’ Se sleept de wrâld har keamer yn. En dy keamer lit se yn har wurk sjen.

 

‘It bist’ yn har wurk
Ik begjin oer de tagonklikheid fan har wurk. Har ferhalen, mar ek Oerfeart beskôgje ik as hiel kommunikatyf. Har earste, De stêd, it bist, de ingel lêst faak as net te bedjipjen. Wat moat ik no mei dat bist bygelyks? Aggie besiket ûnder wurden te bringen hoe’t sy dat bist sjocht: ‘It bist yn dat boek, mar ek yn oare publikaasjes soe symboal stean kinne foar it lytse en it grutte kwea, de yntriges, it gesjoemel dat oeral foar komt. De boargemaster en de biskop yn it ferhaal dy’t har eigen belangen en te ferdigenjen posysjes hawwe, bestride ‘it bist’. Teminsten as dat har útkomt, mar hâlde him om dyselde reden ek wer ta freon. It is altyd wer de striid om belangen dy’t in soad winsklike ûntwikkelingen tsjinhâldt.’

Mei har hâlding fan rjocht troch see en ûnrjocht moat bestriden wurde – ‘dêr sil elk it dochs wol oer iens wêze’ – rûn se pardoes troch allerhanne besteande netwurken en skreaune en ûnbeskreaune regels, yn tsjerke en maatskippij. Dy hâlding levere har doedestiids, de jierren ’60 en ’70, noch konservative en tsjerkske Boalserter meistanners, mar ek in hiele protte fijannen op. Se hie it betiden swier mei de bitende krityk op har aktiviteiten. Tocht faak oan it opjaan fan de striid, mar sette dochs troch.

 

Gysbert Japicxpriis
No hat se har nijste boek ôf, Winter oan see. Ek dêr komt de tematyk fan har Pauwehôf yn foar, de relaasje tusken man en frou, sensityf en troch it lot beskikt. It sil yn ‘e rin fan ‘e jierren ferskine. Se is der hiel yntinsyf mei dwaande west. Fielde mei mei de personaazjes, betiden oant yn it fysike ta. ‘Hoewol’t ik bliid bin mei myn sosjale kontakten, hie ik no soms dagen dat ik hope net steurd te wurden…’ It ferhaal waard har hûs, it hûs dêr’t se de wrâldtema’s hânsum makket.

Takom jier wurdt yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis útrikt. Dy meast ta de ferbylding sprekkende literêre priis yn Fryslân wurdt útrikt yn de riedsseal fan it Boalserter stedshûs, dêr’t twa boeken fan Aggie van der Meer dope waarden. Op de fraach oft se der wolris oan tinkt om dizze ûnderskieding te krijen, laket se, ynienen wat ferlegen, fernuvere ek oer de fraach: Foar Lytse roman fan Jon Fels wie ik al ris nominearre. Yn 2003, ja. Willem Tjerkstra krige him doe, foar Ridder fan Snits. Ach, ek sûnder libje ik fleurich troch, hear.’

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 6, 2010

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.