Tryater

Tryater

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân

Doe’t ik yn de LC fan freed 7 oktober in artikel oer ‘De Wierheid fan Wylgeragea’, de nijste foarstelling fan Tryater, lies, realisearre ik my dat ik it stik earder, yn de ‘preview’, al sjoen hie. Yn 2014 skreaun ik, oer wat doe ûnder de kop ‘Liet fan myn doarp’, brocht waard: ‘De spilers, dy’t allegearre meardere rollen ha, rinne foar in part noch mei de tekst yn de hân, toch makket it gehiel de yndruk ôf en klear te wêzen.’ Der is slipe wêrby’t de grutste oanpassing wierskynlik it dekôr, tagelyk ek tribune, west hat. Ofrûne sneon wie de premjêre.

Formule ien akteurs yn in DAF 55

As twa fûgels op de wjukken fan de wyn, sa natuerlik fleagen Ali Zijlstra en Lourens van den Akker oer it toaniel yn de foarstelling 'It famke en de twiveler' fan Tryater yn de Einekoer yn Ryptsjerk. Oardel oere lang sûnder skoft wurde de minsken meinaam yn it ferhaal fan Geerte en Johan dat yn de jierren fyftich yn Amearika in Broadwayklassiker wie. Mei de leafde as sintraal tema.

De Friezen komen

De Friezen komen! Mei dizze slogan strykt Tryater foar de tredde kear yn 6 jier del yn Theater Bellevue yn Amsterdam. Yn de lêste wike fan jannewaris wiene in wike lang reprizes te sjen fan stikken dy’t earder al yn Fryslân spile ha, mar dêr’t mannich teaterleafhawwer de Ofslútdyk net foar oerstutsen is. It konsept docht fertuten: parse, polityk, leafhawwers én Friezen om útens komme graach nei Tryater yn Theater Bellevue, in bysûnder gebou mei in rike skiednis oan de Leidsekade.

Se gûlde dikke tranen - Tryater yn Amsterdam

It Amsterdamske Theater Bellevue hat op facebook as profylfoto in ôfbylding fan aktrise Ali Zijlstra, in foto dy’t ek op it promoasjemateriaal fan de foarstelling Rooftop Memories te finen is. ‘De Friezen komen’, seit de poster: ‘Theater Bellevue verwelkomt een maand lang het Friese theatergezelschap Tryater.’ Yn de Bellevuewike, de lêste wike fan jannewaris, binne net allinne, mei boppetiteling, Thúsfront, In moaie jûn en Heimwee nei Hurdegaryp en in tal nijsgjirrige râneprogramma’s as in ‘Schrijversavond’ mei te meitsjen, alle dagen fan de moanne wurdt boppedat de lunsjfoarstelling Rooftop Memories brocht. ‘Het Lunchtheater is een springplank voor nieuw, debuterend schrijftalent en een proeftuin voor oude rotten.’ Rooftop Memories gie 9 jannewaris yn premjêre, in dei earder besocht ik de lêste try-out yn de smûke Paloni Zaal en wie ik nei ôfrin by it neipetear op it dak.

Meiwurkje oan teater as in spin yn it web

Diel útmeitsje fan in kreatyf proses en mei-inoar moaie dingen meitsje, dat fynt Grietje Deinum, publisiteitsmeiwurker by Tryater, it moaiste oan wurkje by it Frysk teaterselskip. De foarstelling Medea wie de earste foarstelling fan Tryater dy’t Grietje seach.

Grûn

Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om te smoaren sa hyt is.

Kettingreaksje: Tineke Fopma

Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Tineke Fopma in fraach fan Rixt Bottema. Sy frege: 'Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling springt der foar dy út en wêrom?'

In sânflakte as strafkamp

In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar 'Holes', in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him ôfspylje sil. Dit, harkje sûnder dat der al publyk is en de akoestyk net better útkomt as fanôf dizze hichte, is alfêst in kadootsje.

De sirkel is rûn

Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke se as lyts famke fereale op it toaniel. "Yn de Harmonie seach ik mei ús heit en mem it stik Ronja de Roversdochter fan Tryater, en doe wist ik: dat wol ik letter ek."

Muzyk as fersterking fan spul en dekor

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Kettingreaksje: Rixt Bottema

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

‘Troch myn wurk by Tryater sjoch ik no mei oare eagen nei toaniel’

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Frijwilliger yn ’t ljocht: Harold Hesselink

Hast alle dagen is Harold te finen by Tryater. Hy wurket nammentlik mei oan de foarstelling Untsnapping nei it fiere easten. Dizze foarstelling spilet alle wurkdagen, útsein woansdeis, op ‘e souder fan it Tryatergebou en ûntfangt dêrmei sa’n 450 bern yn ‘e wike. Harold fangt dizze bern op en wiist har it paad.

Soldaten op missy en âlden dy’t noedzje

Thúsfront giet oer it loslitten fan bern, gjin gewoan loslitten as by jonges dy’t de hûs útgean om op keamers, mar in loslitten fan soannen dy’t der foar kieze om har nei in oarlochsgebiet útstjoere te litten, nei Uruzgan en dêr it risiko rinne te sneuveljen.

Mearsidich byld jaan fan de wrâld

Al as jong famke wie Tatiana Pratley ûnder de yndruk fan Tryater. Foarstellings lykas Ronja de Rôversdochter en Kening Lear ferwûnderen har. “Ik wie ûnder de betovering fan de mooglikheid om sa’n oare wrâld te kreëarjen.” Se gie nei de jeugdteaterskoalle yn Ljouwert en studearre Keunst, Kultuer en Media yn Grins. Yn Grins begûn se it teater te missen en ûnder lieding fan de eardere artistyk lieder fan Tryater Hans Man in ’t Veld folge se in regy-kursus. “Doe wist ik, dit wol ik de rest fan myn libben dwaan.” Se gie nei de regyskoalle yn Amsterdam dêr’t se yn 2012 ôfstudearre. Sûnt dy tiid wurket se ûnder oare by Tryater. Foarstellings as Heimwee nei Hurdegaryp en Never walk alone binne foarstellings fan har hân.

Kettingreaksje: Jan Ros

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Frijwilliger yn ’t ljocht

It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei “ús” Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my wie, om't ik mysels hielendal net sa’n aktive frijwilliger fyn. Ommers guon oaren binne folle faker op alderhande plakken dwaande om Tryater te stypjen.

In foarstelling tusken it porslein

Under it byntwurk fan ien fan de boppesealen fan keramykmuseum it Prinsessehof stiet, yn steapele glêzene fitrines, prachtich diggelwurk. It is it dekôr fan de foarstelling ‘Brekber’ dy’t op dizze passende lokaasje troch Tryater brocht wurdt.

Fan wreed en goar nei In Leafde

Op 9 oktober bringt Tryater The Bridges of Madison County fan R.J. Waller op it toaniel. Noch nea earder waard dit ferneamde leafdesferhaal op toaniel ferteld en dêrmei hat Tryater de wrâldpremiêre. It Fryske stik krige de namme In Leafde, wurdt spile troch Nynke Heeg, Eelco Venema en Joke Tjalsma en stiet ûnder rezjy fan Jos van Kan. De Fryske oersetting komt fan de hân fan Nynke Laverman. Har twadde toanieloersetting nei Mabeth, dat se yn 2010 foar Tryater ûnder hannen naam. “Oan beide stikken ha ik myn hert ferlern.”

De Iisfoarstin

Yn de boppeseal fan it Tryatergebou stiet in tafel, stuollen, ien foar regisseur Ira Judskovskaja, ien foar komponist Peter Sijbenga. Oer de flier lizze kabels, der is in elektryske piano, yn in plestik kistke dat op in stoel sit in lyts knoppepaniel. ‘Ie-oe, ie-oe-ie-oe’, docht Peter.

Psst, er is een psychiater in de zaal

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Vrouwen, ga altijd voor een getrouwde man

It is in moaie simmerjûn en do sitst op it Saailân oan in lange tafel yn it selsskip fan in goede freon. Foar dy it Fries Museum, altyd ûnderwerp foar diskusje en mei in heal ear harkest nei it rûzemûzjen om dy hinne. Guon minsken sykje noch om in plakje, in âldere frou jout har neist dy del, foar dy oer sit in slungelich lange, noch jonge fint. Leuk typ, tinkst.

Kan je dat vloeken iets groter pakken?

It is soel en brodzich as ik, nei in petear mei Jan Ros en Linda Eijssen, ‘creatives’ by de IIsfoarstin, de strjitopera fan Tryater dy’t 15 maaie yn premjêre giet, op it Wilhelminaplein stean, dêr’t de cast, dizze middei noch sûnder it koar, repetearje sil. Neist de trúk fan it teaterselskip stiet, as in enoarme piramide, de mei spegeldiggels besiedde rok fan de iisfoarstin klear, nei it ûntwerp fan Linda.

Jonges om fereale op te wurden

It is gesellich drok yn it Tryatergebou oan de Oostersingel yn Ljouwert. ‘A trip down memory lane’ sa’t de ûndertitel fan it stik belooft, begjint al yn de foyer. De romte azemet oeral de sfear fan eartiids. Boppe de tafels en de bar hingje smûke âlderwetske lampekapkes fan read en giel fluwiel mei sierlike kwastkes.

De ekskreminten

Fansels moast ik oan dit sitaat fan Louis Paul Boon tinke, doe’t ik freed by de premiêre wie fan De Presidintes, spile troch Tryater. Boon fielde him ferwant oan skilders lykas Breughel omdat hy harren wurkwize seach as in metoade om tichter by de minsken te kommen en harren libbenswrâld. Dat moat toanielskriuwer Werner Schwab ek besocht hawwe yn syn Fekaliën-trilogy, dêr’t De Presidintes diel fan út makket.

De straatopera en zijn ‘creatives’

Het leegstaande bankgebouw op de hoek van de Doelesteeg, vlak bij het Saailân waar de cast die middag zal repeteren, fungeert als uitvalsbasis en opslag voor De IIsfoarstin, de voorstelling die van 13 tot en met 31 mei in de Leeuwarder binnenstad te zien zal zijn. De kale ruimten, met hier en daar afgedankt en achtergelaten kantoormeubilair, ogen naargeestig. Wie aan de voorstelling meewerkt, kan er een boterham eten, een glas melk halen. Ik praat er met theatervormgever Jan Ros en kostuumontwerpster Linda Eijssen.
foto: Linus Harms

Ira Judkovskaja

It hat even duorre foardat se har fûn hiene by Tryater, de nije artistyk lieder. Ira Judkovskaja (Moskou, 1975) wie lanlik al bekend troch har wurk by û.o. Orkater, Het Toneel Speelt, it NNT en it Oerolfestival. Mei har giet Tryater in nije wei yn. Mar: ‘Ik ben tegen revoluties, of dat nou komt door mijn achtergrond of niet. Ik ben naar Friesland gegaan omdat hier geweldig theater is.’

Stokjes, heale en dûbele stokjes

Sa’n fyftich froulju sitte te hantwurkjen: haakte iisblommen foar de jassen fan it koar dat yn maaie yn de strjitopera ‘De iisfoarstin’ sjonge sil.

Joop Wittermans

Speech fan Bouke Oldenhof foar Joop Wittermans, by syn 65e jierdei.

It geheim fan 'e Kânselier (8+)

Yn It geheim fan de Kânselier wurdst meiskuord yn de wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhûnen, kokhalzjende skiep, ûntploffende kanonnen, hookstrooks opdûkende plysjemannen, en in mem en in soan.. .en in famke...en in heit (mar dy is der net). Special guest! Piter Wilkens as Bline Arend, de sjongende cowboy.

Oer rûchte en rauwens en it sjongen fan de wurden

Oer rûchte en rauwens en it sjongen fan de wurden. Ira Judkovskaja yn petear mei Nynke Laverman oer Macbeth.

De krêft fan stilte en ienfâld

Bram de Goeij regissearret mei ‘It geheim fan ’e kânselier’ syn tredde jongereinfoarstelling foar Tryater. Hoewol, is it eins wol bedoeld foar de jongerein?

De 101 Dalmatiërs

As ik tink oan famyljefoarstellingen, dan tink ik mei in protte wille werom oan myn earste stapkes by Tryater. Ronja de Rôversdochter, Hansje Brinker en letter de Bruorren Liuwehert.

In hiel libben yn in Eintsje Libben

Foar syn toanielstik Eintsje Libben (Tryater) nimt Rients Gratama sneon 14 desimber yn it Hûs foar Amateurkeunst yn Ljouwert de Fedde en Martha Bergsma Priis 2013 yn ûntfangst.

Groepsprosessen yn Tryater’s sneak previews

Bern dy’t op in rychje op ’e bank yn it gymnastyklokaal sitte, twa dy’t ploegen kieze foar it spul dêr’t de gynnastykles mei ôfslút. It lústerjen, it konkeljen: Wa sille wy nimme? En ek: wa wolle wy der leaver net by ha. Op it lêst bliuwe twa bern noch oer: it fine jonkje mei de bril, it skrutene famke, wat te dik ek... Yn Never walk alone, de earste (Nederlânsktalige) foarstelling yn de sneak preview fan Tryater, ein maart, ûndersykje trije teatermakkers it fenomeen ‘groepsgefoel’.

Macbeth hâldt my in spegel foar

Macbeth fan William Shakespeare boeit publyk, spilers en regisseurs al ieuwen lang. Mar hoe komt it dochs dat dat tsjustere stik sa fassinearret?

De geschiedenis van MacBeth

Tryater speelt ‘het Schotse stuk’. Het werk van Shakespeare dat door bijgelovige acteurs niet bij de naam genoemd mag worden, zeker niet in de buurt van een theater. Maar iedereen die het ook maar een beetje kent, is juist geneigd om spontaan de kwaadaardig rijmende heksen te citeren: ‘Fair is foul, and foul is fair: Hover through the fog and filthy air’. En dat is dus ook vragen om ellende.

Shakespeare hâldt ús in spegel foar

De studio fan Sytze Pruiksma. Rûnom ynstruminten – in piano, pauken en oar perkusjewurk. In frjemdfoarmich houten blaasynstrumint mei fersierings, yn ’e hoeke stiet in oargeltsje út Yndia.

Tsjechov sa’t Tsjechov it bedoeld hat?

Eltse regisseur jout mei syn fertolking fan in teaterstik in ynterpretaasje fan wat it stik neffens him fertelle moat. Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, bringt no ‘Omke Wanja’ op ’e planken.

Tamara Schoppert yn de rol fan ‘ús Greta’

‘In keukentafelkomeedzje mei in grimmitich rantsje’, sa omskriuwt Tryater De Presidintes. It stik, in moderne klassiker út 1990, fertelt it ferhaal fan trije froulju dy’t al ratteljend en rabjend by de keukentafel it libben oertinke en allerhande ûnmooglike fantasyen by de kop hawwe.

Mooglik wurdt it in hiel oar stik

By Sneak Previews, in begryp út de filmwrâld, giet it om foarstellingen dy’t noch net yn premjêre gien binne. Tryater doart it oan. Trije jûnen achter elkoar wurde trije stikken brocht, stikken dy’t noch yn ûntwikkeling binne. Foar in ‘leuk pryske’ kin it publyk dêr twa fan útkieze.

Yerma

Yerma, van de hand van de Spaanse auteur Frederico Garcia Lorca (1898-1936), is van oorsprong een temperamentvol en maatschappijkritisch toneelstuk. Dat gegeven in combinatie met het Friese Tryater zou interessant toneel op kunnen leveren.

Eelco Venema makket MOOF

Yn 2015 bestiet Tryater fyftich jier. Yn dit dossier fine jo alle stikken oer Tryater dy’t earder online publisearre binne of opnommen west hawwe yn ús blêd. Wolle jo reageare op ien fan de artikels yn dit dossier? Stjoer jo reaksje nei reaksje@demoanne.nl.

Simmer yn 'e Súdlannen

De eerste twee weekeinden van juli (1,2 en 3 juli en 8,9 en 10 juli) vormt de nieuwbouwwijk Techum in Leeuwarden het decor van het festival Simmer yn de Zuidlanden. Bezoekers kunnen genieten van livemuziek, theater, films, het strand, het water en lekker eten en drinken.

Waar staat Tryater?

Volgens Hans Man in ‘t Veld moet het ‘Wolkom-festival’ ook niet zozeer gezien worden om hèm als de nieuwe Grote Roerganger van Tryater te verwelkomen, maar meer om iedereen - spelers, makers en publiek - te verwelkomen in het gebouw. Een soort open uitnodiging om mee te komen denken en vooral werken aan het Friese toneel van de toekomst.

Persoanlike oantinkens by fjirtich jier Tryater

Fjirtich jier Tryater. En ik wie der by. Al dy jierren. Al dy produksjes - mei útsûndering fan dy op Oerol - yn dy fjirtich jier ha ik sjoen. Sterker, ik ha ek dyselden sjoen dy't letter as foarskiednis fan Tryater te boek steld binne.

It net witten is it begjin fan it kreatyf proses

Akteur Thijs Feenstra is in 1959 berne yn Snits. Hy is sûnt 1985 geregeld by Tryater te sjen, mar is net allinnich yn Fryslân aktyf. Hy spile ûnder oaren by toanielselskip De Appel, stie mei Willem Nijholt yn Private Lives fan Noël Coward en wie yn ferskate films en televyzjesearjes te sjen. Yn it petear dat ik koartlyn mei him hie, praten we ûnder oaren oer Shakespeare, Tsjechov en net yn it lêste plak oer Tryater. It selskip dat him de kâns jûn hat akteur te wurden en him yn ’e kunde komme liet mei de wrâldliteratuer.

In slet fan tsien dollar

Tryater is fjirtich jier en stiet mei prachtige blommen yn de Nederlânske teatertún te bloeien. Mar der hat in tiid west dat der siedde wurde moast en doetiids hat it Frysk Nasjonaal Boun dêr de foarstap ta nommen. Doe ’t my frege waard om yn koart bestek in Tryater foarstelling oan te heljen dy ’t my heugde, kamen my in hiele rige yn it sin. Doe tocht ik: lit ik by it begjin begjinne. Foar my is dat de siedkerrel dy ’t it F.N.B. struide yn de foarm fan in oersetting fan it ferneamde stik fan Jean Paul Sartre La putain respectueuse dat yn 1946 yn Parys yn premjêre gong.

Abe!

Op ‘e freonejûn fan 1 juny 1995 kaam eins al in sinjaal dat de kaartferkeap stûke.

De Fûke

Yn 1977 gong de doetiidske nestor fan de Ljouwerter Krante-redaksje, Sytse Jan van der Molen, mei pensjoen en koe ik yn syn plak beneamd wurde as provinsjeredakteur.

Tryater bestiet fjirtich jier! Dat is in lokwinsk wurdich.

Ik gean al fan it begjin fan de jierren santich ôf nei Tryater en der binne net folle foarstellings dy’t ik mist ha. Ek polityk ha’k, benammen as Steatelid, in protte mei Tryater te meitsjen hân.

MOOF

Eelco Venema makket MOOF mei Jong Tryater, nei Oedipus fan Sophocles.

40 jier Tryater mei de grutte kwast   

As der ien bekend is mei de skiednis fan Tryater dan is it Bouke Oldenhof, skriuwer, dramaturch, oersetter en bewurker fan toaniel. Hy wurke oan in grut tal stikken dy't Tryater op 'e planken brocht, skreau it jubileumboek doe't Tryater 25 jier bestie en wie belutsen as adviseur of klankboerd foar de artistyk lieders fan 1982 ôf. In petear oer de artistike ûntjouwing fan Tryater yn de ôfrûne 40 jier. En oer syn skriuwerskip.

Moed om te deadzjen

Yn 1989 soenen wy by Tryater it stik Moed om te deadzjen spylje, fan Lars Noren. Jan Arendz, Marijke Geertsma en myn persoan. As regisseur wie Ursul de Geer oanlutsen. Nei de fakânsje die bliken dat Jan fanwegen in hernia een skoft útskeakele wêze soe. Sadwaande koe it net trochgean en moast der wat oars komme. Doe kaam Guido Wevers mei it idee om in monolooch te bringen en dêrby tocht hy oan Gust fan de Dútske skriuwer Herbert Achternbusch.

Abe!

Abe! wie de bydrage fan Tryater oan it Frysk Festival fan 1995. Om’t it in bûtengewoane produksje wie fan de nije artistyk lieder Jos Thie, rôp it Tryaterbestjoer in aparte stichting yn it libben mei in gelegenheidsbestjoer. Ed Bausch waard skriuwer, Roel Vogelzang skathâlder en ik foarsitter.

Feroaring

De jierren fyftich wiene foarby. Truttige jierren, seine wy letter, mei wat sleau-fleurige minsken, sleau-fleurige muzyk en net al te djipgeande idealen. Seine wy letter, want as jo der ynsitte ha jo der net safolle erch yn. In tiidrek wurdt net earder in tiidrek as dat it efter jin leit. Sels in ieu wurdt pas in ieu as er foarby is.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 1

Het is zes jaar geleden dat ik in mijn geboortestad ben geweest. Iedereen zegt dat de stad in die zes jaar veel veranderd is. Bij de afdaling wordt ik geraakt door de immense ruimte. Bossen, bossen, bossen. Brede bevroren en besneeuwde rivieren. Die ruimte. De aanblik ervan doet me anders ademen.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 6

Ik ben alweer ruim een week terug in Nederland. ‘Hoe was het?’, vraagt men vaak. ‘Geweldig, indrukwekkend’, is dan meestal mijn antwoord.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 3

Het officiële programma van Russian Case (selectie van de voorstellingen voor buitenlanders) is gisteravond (donderdag) begonnen. Tijdens de opening werd er door de curator van Russian Case verteld over de stand van zaken in het Russisch theater. Het ging over de afgelopen verkiezingen en de strijd van de ‘linkse intelligentsia’ voor de eerlijkheid ervan.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 2

Woensdag was een zonnige dag in Moskou. Vermoeid door een lange en dit jaar ook nog grijze winter, leefde iedereen op. Men was aardig en attent en ik bleef het gevoel houden alsof ik in een Moskou van een parallelle werkelijkheid was beland.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 5

In de ochtend raak ik in gesprek met een van de programmeurs van Helsinki Theatre Festival, Eva Maarika. Het gesprek begint met de vraag in welke landen mensen geld over hebben voor theater.

Ira Judkovskaja Deiboek Moskou 4

Ira Judkovskaja (artistiek leider Tryater) is een week naar het internationaal bekende ‘Golden Mask festival’ in Moskou. Moskou is ook de geboortestad van Ira. Ze is daar ter voorbereiding op het Rusland- Nederland jaar in 2013 (in samenwerking met TIN en Sica) en om contacten te leggen zodat Tryater daar in de toekomst mogelijk gaat spelen. Zij houdt een dagboek bij.

Freark Smink

Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. De list fan stikken dêr’t er yn spile hat is lang.

‘Het uitgangspunt is dat elke Fries op zijn pantoffels naar Tryater moet kunnen gaan.’

Ben van der Knaap is sûnt seis jier saaklik lieder fan Tryater. Derfoar wie hy sa’n 13 jier ferbûn oan it Rotterdamse RO theater. Hy wennet tige nei ‘t sin yn Feanwâlden en wol net mear út Fryslân wei. Ben fertelt, wylst er in slok fan syn Rivella nimt: ‘Je zou denken dat een merk als Rivella gemakkelijk als sponsor binnen te halen is. Jos dacht dat indertijd in ieder geval wel. Niets bleek echter minder waar. Het bedrijf heeft al lang geen binding meer met Friesland en is gevestigd in Bunnik. Dat ging dus mooi niet door.’ Dat is mar in lyts faset fan syn wurk. Yn it petear dat ik mei him hie, leit er út wêr’t in saaklik lieder him noch mear mei dwaande hâldt.

Tamara Schoppert

‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan Stanzi, fan de Kleine Zeemeermin, personaazjes, dy’t noch hieltyd op it netflues steane fan dyjingen, dy’t sa lokkich wêze mochten om Ronja de Rôversdochter, Pak’m Stanzi, mar ek Hartbrecht yn Kening Lear te sjen.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.