Mindert Wijnstra (1945 – 2020)
Publisearre op 1 oktober 2020
Op woansdei 30 septimber 2020 ferstoar yn syn wenplak Warns skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra. As skriuwer lei Wijnstra him benammen ta op de publikaasje fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld, ferskynde yn 1982.
Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jongereinboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de IBBY (International Board on Book for Young People). Boppedat is it boek oerset yn it Japansk en Koreaansk. Syn lêste boek Jesse makke Wijnstra yn 2020 noch ôf, doe’t er al slim siik wie.
Yn gearwurking mei kollega-skriuwer Douwe Kootstra publisearre Wijnstra yn 2017 noch in boek mei folksferhalen: De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen. Ek it boekje De Seefrou is in samling folksferhalen. Dat boek ferskynde as Kadoboek yn it ramt fan de boeke-aksje Swalk fan Tresoar. It waard yn 2016 nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek kollums en ferhalen fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]