Mindert Wijnstra (1945 – 2020)

Mindert Wijnstra (1945 – 2020)

Op woansdei 30 septimber 2020 ferstoar skriuwer Mindert Wijnstra. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek kollums en ferhalen fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Mindert Wijnstra: ‘Yn in klasse spilet it hiele libben him ôf.’

Hy is al acht jier gjin direkteur mear fan de iepenbiere basisskoalle yn Warns, mar wennet noch wol yn it âlde skoalmastershûs. De lûden fan boartsjende bern op it plein binne altyd te hearren. Loskomme fan it ûnderwiis en de bern kin er dochs al net. Mindert Wijnstra (1945) skriuwt berneboeken. Tegearre mei âldste dochter Babs, dy’t syn boeken yllustrearret, docht er lêsprojekten op basisskoallen. Hy is ferhaleferteller.

De hûnen fan Pompeï

Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik krige der  in pear filmroltsjes by mei skiere swart-wyt plaatsjes: ien oer ierdmantsjes Feest in Hummeloord, ien oer Het leven derIndianen en ien oer Pompeï en Herculaneum, de twa stedsjes dy’t yn de Romeinske tiid by in útbarsting fan de Vesuvius bedobbe wiene ûnder  jiske, púmstien en lava.

De ontelbaren

Der liket dizze simmer gjin ein te kommen oan de streamen flechtelingen, asyl- en geloksikers dy’t oanspiele op de kusten fan Grikelân en Itaalje. De bylden steane ús allegearre op it netflues. Bylden fan tramtearre minsken, beroaid en útrûpele. Wanhopigen, dy’t alles achterlitten ha yn de falske hoop om yn Europa in feilich ûnderkommen te finen, of help yn watfoar foarm dan ek.

Feest

Fan 'e middei naam Thys Wadman foar syn boek 'De oerwinnings fan Tido Houtsma' út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 yn ûntfangst. Eardere priiswinner, freon en kollega-skriuwer Mindert Wijnstra skeau foar dizze gelegenheid it ferhaal 'Feest'. In ferhaal, mei in yllustraasje fan Babs Wijnstra, oer de haadpersoan fan it priiswinnende boek, Tido Houtsma.

It krystmiel

De gasten wiene ûnder de yndruk fan safolle gastfrijens. Elk krige in plak oan ’e tafel, Kalkoen en Bôke beide op in ein, de krielhintsjes gesellich tusken harren yn. Dy woene fuort mar oanfalle, mar dêr striek Rein in skoatteltsje foar. ‘Lit ús der in sfearfol feest fan meitsje’, sei er, ‘ik woe graach begjinne mei in minút stilte om te betinken wa’t ús dit jier allegearre ûntfallen binne.’

Kattestreken

Der wie ris in kat mei in dûbele namme. George W. hjitte er folút. Wêr’t dy W foar stie, wist gjinien, mar de kat liet him der graach op foarstean dat er út in ferneamde famylje kaam dêr’t in dûbele namme wenst wie. Hy wie de baas yn it hiele hûs en elk dûnse nei syn pipen.

Snoek en bears út te silen

In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer wie ferdwûn en de mêst lei heal oerboard. Mar de snoek seach der noch wol ljocht yn. Hy stoppe de gatten ticht mei reidstâlen, sette de mêst wer oerein en makke fan de âld dweil in seil.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.