Mindert Wijnstra (1945 – 2020)

Op woansdei 30 septimber 2020 ferstoar yn syn wenplak Warns skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra. As skriuwer lei Wijnstra him benammen ta op de publikaasje fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld, ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en […]

De ontelbaren

MINDERT WIJNSTRA –  Der liket dizze simmer gjin ein te kommen oan de streamen flechtlingen, asyl- en geloksikers dy’t oanspiele op de kusten fan Grikelân en Itaalje. De bylden steane ús allegearre op it netflues. Bylden fan tramtearre minsken, beroaid en útrûpele. Wanhopigen, dy’t alles achterlitten ha yn de falske hoop om yn Europa in […]

Aed Levwerd skriuwt fierder oan de skiednis

FROUKJE SIJTSMA –  Skriuwers út it hiele lân joegen gehoar oan de oprop fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd om sels ferhalen te betinken by histoaryske gevelstiennen, muorrereklames of opskriften, dy’t yn de binnenstêd te finen binne. De fyftjin meast bysûndere ferhalen fan de yn totaal 52 ynstjoerde ferhalen binne bondele yn it boekje […]

Ernst Bruinsma yn Op en út

Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma ôfrûne sneon yn it programma Op en út fan Douwe Heeringa, by Omrop Fryslân: – Mindert Wynstra, De seefrou (Kadoboek by oankeap fan in boek) – Paul van Dijk, De wûndertoeter fan Hindrik J. Bûter (Aksjeboek foar bern 12-30 septimber, €4,95. Dêrnei €12,50) – Theunis Piersma, Sweltsjes fan Gaast. Bornmeer, […]

Feest

Fan ‘e middei naam Thys Wadman foar syn boek ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’ út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries yn Twizel de Simke Kloostermanpriis 2013 yn ûntfangst. Eardere priiswinner, freon en kollega-skriuwer Mindert Wijnstra skeau foar dizze gelegenheid it ferhaal ‘Feest’. In ferhaal, mei in yllustraasje fan Babs Wijnstra, oer de haadpersoan fan it […]

De hûnen fan Pompeï

MINDERT WIJNSTRA –  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik krige der  in pear filmroltsjes by mei skiere swart-wyt plaatsjes: ien oer ierdmantsjes Feest in Hummeloord, ien oer Het leven derIndianen en ien oer Pompeï en Herculaneum, de twa stedsjes dy’t […]

Mindert Wijnstra: ‘Yn in klasse spilet it hiele libben him ôf.’

KAREN BIES –  Hy is al acht jier gjin direkteur mear fan de iepenbiere basisskoalle yn Warns, mar wennet noch wol yn it âlde skoalmastershûs. De lûden fan boartsjende bern op it plein binne altyd te hearren. Loskomme fan it ûnderwiis en de bern kin er dochs al net. Mindert Wijnstra (1945) skriuwt berneboeken. Tegearre […]

Kattestreken

MINDERT WIJNSTRA –    (Nei in âld folksferhaal) Der wie ris in kat mei in dûbele namme. George W. hjitte er folút. Wêr’t dy W foar stie, wist gjinien, mar de kat liet him der graach op foarstean dat er út in ferneamde famylje kaam dêr’t in dûbele namme wenst wie. Hy wie de baas […]

It krystmiel

MINDERT WIJNSTRA –  Op in kâlde dei yn it lêst fan desimber brocht de foks in besite oan syn freon de hoanne. Bôke siet iensum en allinnich op stôk. Rein seach ris om him hinne. It hinnehok lei der leech en ferlitten by. Dêr waard er net fleuriger fan. ‘Ik ha fan ’t jier as […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.