Memmedei Muzykdei

Publisearre op 15 mei 2019

ARJAN HUT – 

De ien hat it te drok mei hûswurk, de oar leit yn pyama op de bank te gamen, dat sûnder de bern geane Elizabeth en ik  te stêd yn. It is ‘Memmedei Muzykdei’, de wyn is fris, mar de sinne skynt en rûnom yn de stêd binne konserten, al sille wy net oeral oan ta komme. Earst kuierje we nei Post Plaza. Yn it hotel/grand café yn it eardere postkantoar oan de Twibaksmerk spylje middeis fan twa oant fiif Ella & the Jazzcats. De formaasje mei sjongeres Ineke Dijkstra en it blazersduo Ladybirds (Fokelien Looijenga & Maaike Boonstra) begûn oait mei it ynterpretearjen fan Ella Fitgerald-klassikers, mar dat konsept is wilens wat loslitten, it repertwaar is frijer en se spylje sels har eigen ferzje fan No more blues (Chega de saudade) fan bossa nova-boumaster Tom Jobim.

 

It is ‘Memmedei Muzykdei’, de wyn is fris, mar de sinne skynt en rûnom yn de stêd binne konserten, al sille wy net oeral oan ta komme. Earst kuierje we nei Post Plaza.

 

De akoestyk yn it grand café, mei syn hege houten plafond op pilaren, is yndrukwekkend. It lûd is fol, dynamysk en tagelyk sêft as salve. It suver in temûk konsert. De Jazzcats steane op in rychje mei de noas nei de grutte sintrale bar te spyljen, op noch gjin twa meter fan de baristas dy’t drok dwaande binne mei it servearjen fan cappuccino’s en farske minttee. Ien is dwaande mei in tarieden fan in blêd fol rôze cocktails. Se riert yn de glêzen om oant der oaral in grutte skûmkop op stiet. It publyk komt sa te sjen net foar de muzyk, de jazz dûnset op in bedsje fan klatterjende petearen. Inkeld dejingen dy’t oan de hege tafels yn de galery tusken de pilaren sitte, ha frij sicht op de muzikanten. As yn trance dûke dy troch tiidleaze klanken. Se sette de tiid stil: letterlik, boppe harren hinget in âlde klok dy’t foar ivich op fiif oer trijen stiet. Ik dream krekt wei op in trompetsolo, as Marvin Ouwehand oanskoot. In âlde freon út de tiid dat wy noch geregeld yn Wolwêze sieten. Hy fertelt dat er hast gjin jazz-konsert oerslacht en hat ek in nijtsje: hy is de nije penningmaster fan Jazz in Harlingen. Hy sjocht mei in glimk nei Ineke en oare muzikanten. De measte komme him bekend foar. “In veel jazzbands kom je hier dezelfde mensen tegen.”

As de band oan skoft ta is, rin ik nei se ta foar in blik op de setlist en kom yn de kunde mei sjongeres Ineke, drumster Marije Hoekstra en bassist Frans van Dijk. De Ladybirds binne krekt werom fan in festival op de Faroër Eilannen, Maaike fertelt dat it Faroëse wurd foar ‘gesellich’ klinkt as ’toi-let’. Underwilens hat men it oer it kommende optreden yn Noardewyn, dat sil op 21 juni wêze. Graach soene se foar dy tiid in nije namme ha, tips binne wolkom.

Wy kuierje op ús alventritichst rjochting it Heerenwaltje, fia de Nijstêd, nei it Gitaarhuis. As der ien romte yn Ljouwert tinken docht oan dy fiktive Ljouwerter ridderseal út Steven de Jong syn boek De Wuttelhaven Del, dan is it wol de winkel fan muzikant Martin Pals. It is fiif oer trijen, noch hieltyd, as we de let-midsiuske hûskeamer ynrinne. Oeral oan de muorren hingje gitaren, yn allerhanne soarten en maten. Händl spilet op de achtergrûn. Sa’n tweintich minsken sitte der, ynklusyf Jankobus Seunnenga, de nagelnije Dongeradichter. De Liwwadder yn ieren en sinen wennet sûnt in skofte yn Raard. “We wilden weilanden zien,” ferklearret er. “We hadden naar de andere kant van de straat kunnen verhuizen, maar Raard is ook mooi.” Dat er no gemeentedichter is, hat er te tankjen oan syn foargonger Tsead Bruinja, dy’t it oanbelangjende bestjoer tipte oer de kreative nije ynwenner. Seunnenga en Pals sieten fjirtich jier lyn bymekoar op de Havo, hiene deselde gitaardosint.

Om healwei fjouweren nimt Pals plak op de grutte stoel foar de klassike iepen hurd, dy’t trouwens ek fol gitaren stiet. Hy spilet in searje fan eigen komposysjes, op in ferskaat fan gitaren. Hy begjint op in Sweedske gitaar, pakt dêrnei ien mei stielen snaren dy’t er fan in âldere menear kocht dy’t net mear spylje koe. It apartste ynstrumint is de gitaarluit, makke yn Dresden om 1900 hinne, it hat gitaarhals en dan noch in ekstra kop mei bassnaren. De sfear is ynformeel en ûntspannen, swiet maitiidsljocht swevet troch de hege ruten. Ut en troch pipet in doar, as der ien nei de wc moat of as in steltsje mei in bernewein derynkomt. Nei in koart skoft is Seunnenga oan bar. In spontaan optreden sûnder setlist, mei de nedige grappen en allerhanne ferwizings nei de dichters waans teksten hy op muzyk setten hat: Vestdijk, Martin Veltman, Slauerhoff. De Wilg, LabyrintKeuvelend op verliefde kronen, mankelike balladen en kabareteske frolikheid wikselje inoar ôf, de man kin kieze út in flink repertoire. Ut en troch ferjit er in rigel en de fersterker liket in eigen wil en sjongstim te hawwen. Ut en troch giet de gitaar oan de kant en sjongt Seunnenga acapella. “Moet kunnen toch, zelfs in het gitaarhuis?” Spitich dat der mar sa’n bytsje besikers sitte. Der binne grif mear mei hûswurk en in pyamadei.

As wy wer bûten steane, hat it fiif oere west. We kuierje it sintrum út, miskien nei hûs, miskien by it Tromp Theater del. Elizabeth hat heard dat dêr in programma mei singer-songwriters is.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels