Mear bern yn heger ûnderwiis tige wichtich foar Fryslân

Publisearre op 1 december 2004

TINY ROMKEMA – 

‘It leit him oan de âlders yn Fryslân dat har bern ûnder har nivo presteare en der net úthelje wat der yn sit’. Professor doktor Douwe D. Breimer, rector magnificus fan de Universiteit Leiden, is der in grut foarstanner fan dat jongeren better om har hinne sjogge foardat se beslute om mar yn Grins te studearjen, om’t dat ‘sa moai tichtby is’, hy hat it oer it ‘mama-hotel-syndroom’ en dat wylst syn eigen studinten him wol ‘papa-rector’ neame. In petear mei in Fries om utens, berne yn Aldemardum (1943), in boeresoan dy’t studearje mocht, wittenskipper waard, tal fan ûnderskiedingen krige en no al in pear jier rector magnificus yn Leiden is.

Foardat Douwe Breimer yn febrewaris 2001 de heechste baas waard fan de Universiteit Leiden, wie er al 25 jier as heechlearaar yn de farmacologie oan dyselde universiteit ferbûn. Hy studearre farmasy yn Grins, promovearre cum laude yn de farmacologie yn Nimwegen en kaam dêrnei as heechlearaar nei Leiden ta. Breimer hat in protte wittenskiplik ûndersyk dien, meiwurke oan mear as 500 wittenskiplike publikaasjes, en der binne mear as 50 studinten ûnder syn lieding promovearre. Njonken syn wurk as heechleraer krige Breimer al gau ek bestjoerlike en organisatoaryske saken by de ein. Hy wie direkteur fan de ûndersyksskoalle Center for Drug Research (LACDR) yn Leiden, wie twadde foarsitter fan it Algemeen Bestuur van de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) en hat ek noch foarsitter west fan de Sectie Geneeskunde van de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW). Doe’t de fraach kaam om rector magnificus  te wurden, wie dat neffens Breimer ‘in logyske stap’ yn syn karriêre, in funksje dêr’t er eins ‘ynrôle’ is.

Oan de Universiteit Leiden studearre mar in pear Friezen en dat soe Breimer wol oars sjen wolle. ‘Ik fyn it net goed dat studinten der al gau foar kieze ticht by hûs te bliuwen. Yn ferhâlding studearje der yn Grins in protte Friezen. Ik tink dat studinten te min bewust foar in stúdzje kieze. Se wurde oerstjelpe mei foarljochtingsmateriaal, sjogge troch de beammen de bosk net mear en tinke dan al gau: dan mar nei Grins. Dêrby spilet ek wat ik neam it ‘mama-hotel-syndroom’. Foar Grins hoege de bern net altyd dalik op keamers. En Grins jout de âlders ek in feilich gefoel. Hoege de bern net nei it westen ta. Ik soe de selsstannigens fan de studinten grutter ha wolle. Se moatte mear bewust foar in stúdzje kieze of foar in stêd dy’t har bot oansprekt. Oeral ris sjen en bewuster kieze’.

Kennisekonomy

Hiel eigen oan de Universiteit Leiden is it saneamde face-to-face systeem. Hast gjin lessen yn grutte rûmtes foar grutte kloften studinten, mar lytsskalich oan lytse groepkes. Dêr moat ekstra yn ynfesteard wurde, want lesjaan oan lytsere groepen is fansels djoerder en ferget mear fan de universiteit. De besunigings fan dit regear falle dan ek net goed by professor Breimer. ‘It is de tragyk fan it heger ûnderwiis. We moatte it fan de kennis ha, dy jout ‘toegevoegde waarde’ en it is ek de ambysje fan dit lân in kennisekonomy te wurden. Mar dan moat der wol ynfesteard wurde kinne yn dy kennis. Yn Ingelân bygelyks, sjogge se dat folle better. Dêr wurdt 1 miljard Ingelske pûnen yn it ûnderwiis stutsen. Hjir wurde we ôfknypt, der bestiet gjin groeisenario. Wol nijsgjirrich is dan wer dat Nederlân fyfde stiet op de ranglist fan de ‘Scientific impact of nations’ as it giet om “kennisgeneratie”. Wittenskiplik dogge we hjir dus goed wurk.’

De kennisekonomy is in ûnderwerp dat as in reade tried troch professor Breimer syn wurk rint. Sa is er lid fan it saneamde Innovatieplatform. In platfoarm dat ferline jier septimber oprjochte is ûnder it foarsitterskip fan premier Balkenende. Yn it platfoarm sitte fierders noch de ministers fan Ekonomyske Saken en Underwiis, minsken út it bedriuwslibben, út it ûnderwiis en in trijetal ûnôfhinklike leden. De missy fan dizze groep is de ynnovaasjekracht fan Nederlân sa sterk te meitsjen dat it yn 2010 koprinner is yn de Europeeske kennisekonomy.

No al is der krityk op it Innovatieplatform, want der soe te min útkomme, der wurde noch gjin risseltaten sjoen. Breimer is it dêr folslein net mei iens. ‘Minsken sjogge te folle nei de koarte termyn. Saken dy’t wy regelje wolle binne saken mei in lange azem. En der binne altyd minsken dy’t fine dat je it ferkeard dogge of de ferkearde dingen by de kop ha. Ik fyn krekt dat it hiel goed giet. Ek it regear wurket serieus mei oan dit platfoarm. De kabinetsleden binne hiel bot tawijd, se binne der alle fergaderingen by. Ien kear yn de twa moannen komme we byelkoar en wurdt der yntinsyf diskusjeard. Lêsten hat it hiele kabinet by sa’n gearkomste west, dus dat jout wol oan dat it dit regear ek mienens is mei dit Innovatieplatform.’

It platfoarm kin al it wurk ek net allinnich dwaan, fynt Breimer. Mar wol de rânebetingsten ûntwikkelje, sadat stêden en regio’s sels ynspylje kinne op ûntwikkelings en eigen inisjativen nimme kinne. ‘Der moat in soarte fan spirit ûntstean, de ferskate partijen moatte de hannen ynelkoar slaan. Ynternasjonaal tinke, mar lokaal dwaan, “think global, act local”. Lokaal kinne bygelyks ûnderwiisynstellings en it bedriuwslibben mei-elkoar saken opsette en útbouwe. Wy as platfoarm moatte der foar soargje dat der regelingen komme dêr’t dizze inisjativen fan profiteare kinne en dat guon regels dy’t krekt net stimulearjend wurkje, ôfskaft wurde. Sa sil it Ministearje fan Ekonomyske Saken in tal maatregels nimme op foarspraak fan it Innovatieplatform.’

Ek binnen de universiteit is Breimer dwaande mei fernijend wurk. Sa is in pear moanne lyn it PUC, it Pre University College, úteinset. Bedoeld foar talintfolle learlingen fan 5 en 6 VWO dy’t alle wiken ien middei nei Leiden komme foar universitêr ûnderwiis. De 53 learlingen dy’t meidogge komme fan 17 skoallen út de regio. ‘It giet om learlingen dy’t op de skoalle dêr’t se sitte te min útdage wurde. Talintfolle bern dy’t ien middei wyks taret wurde op in stúdzje oan in universiteit en ek lessen folgje kinne dêr’t op har eigen skoalle gjin mooglikheid foar is. Yn Nederlân is altyd in protte omtinken foar bern dy’t oan de ûnderkant sitte, de achterbliuwers, mar folle minder foar bern dy’t krekt hiel goed presteare. Dat binne al gau útslovers. Mar der moatte se har net foar skamje! Dizze bern moatte útdage wurde, oars bestiet de kans dat it ék mei har misgiet yn har skoalkarriêre.’

Wat Leiden ek as earste universiteit yn Nederlân ynfiere wol is de saneamde ‘seleksje oan de poart’. Dêr sil foarsichtich mei eksperimenteard wurde, earst by de stúdzjes rjochten en skiednis. Neffens Breimer sil dit studinten net ôfskrikke om nei Leiden ta te kommen, mar witte studinten nei sa’n seleksje wol eksakt wêr’t se oan ta binne. Oer krityk op dit systeem sit er net yn. ‘It sil wol krekt sa gean as mei it “bindend studieadvies”. Dêr kamen wy in jier as acht lyn ek as earste mei. Nei de propedeuse moatte studinten 30 stúdzjepunten ha, oars kinne se net fierder. Der kaam in soad krityk op, mar no is it hiel gewoan wurden, ek by oare universiteiten. Sels wolle wy takom jier de noarm oanskerpje oant 40 stúdzjepunten’.

Eigen ferantwurdlikheid

En dus moatte studinten benammen yn de propedeuze de kop der foar ha. Der sil presteard wurde moatte. By de iepening fan it universitêr jier sprekt professor Breimer de studinten ta en hy docht dat op sa’n wize dat it him de bynamme ‘papa-rector’ opsmiten hat. ‘Ik hâld de studinten altyd foar dat se studint binne en gjin horekameiwurker dy’t der in stúdzje by docht. Se binne hjir yn it foarste plak om te studearen. Ik ferwachtsje dan ek in soad eigen ferantwurdlikheid en de studinten moatte harren sels goed rêde kinne. Wy fan ús kant moatte der foar soargje dat de stúdzje útdaagjend genôch is, sadat studinten net de oandacht ferlieze yn oare saken’.

Dat útslove in negative byklank hat, en ‘doch mar gewoan dat is al gek genôch’, dy hâlding sjocht Douwe Breimer in soad yn Fryslân. Hy kin dat amper begripe. ‘Je moatte der dochs úthelje wat der ynsit en kânsen gripe. As der gjin universiteit yn de omjouwing is en je kinne dat nivo wol oan, dan mar eefkes fierder reizgje. Fryslân hat wol hegeskoallen en fansels de Fryske Akademy, mar dy ha lang de útstrieling en de alluere fan in universiteit net. Boppedat, as learlingen mear oankinne as in hegeskoalle, moatte se dat neffens my altyd dwaan. Ik fyn it opfallend dat in protte bern yn Fryslân ûnder har nivo ferfolchûnderwiis kieze. Je soene sizze kinne: set dan ek yn Fryslân in universiteit del, mar dat is de oplossing net. Dat soarget wer foar in fertinning fan it universitêr ûnderwiis yn de rest fan Nederlân, en it is ek net nedich.’

Binne de kânsen fan bern dy’t yn de Rânestêd opgroeie dan grutter as foar bern dy’t fan it Fryske plattelân komme? Breimer tinkt fan wol. ‘As der heger ûnderwiis tichtby hûs te finen is, giet men der ek earder hinne, dat jout in stimulâns om der oan mei te dwaan. Dat bern yn Fryslân under har nivo presteare leit neffens my net oan de bern, mar oan de âlders. Dy moatte de bern harren eigen grinzen ûntdekke litte, har doarre los te litten. Bern kinne meastentiids mear oan as âlders tinke. En it is foar de ûntwikkeling fan in regio ek fan grut belang dat ynwenners op heech nivo ûnderwiis folgje’.

As boeresoan út Aldemardum, dy’t earst fanselssprekkend nei de MULO yn Balk gie, krige Douwe Breimer fan syn âlders wól de kans fierder te learen. Hy keas foar de stúdzje farmasy yn Grins omt yn dy stúdzje skiekunde, biology en genêskunde byelkoar kamen. ‘Ik woe gjin apteker wurde en ek gjin dokter, mar kwa ynteresse wie dit foar my de bêste stúdzje. Ik ha in hiele goeie tiid hân yn Grins mei in drok studintelibben. Doe al wie ik dwaande mei it organisearen fan saken. Yn Grins bin ik bot stimulearre troch professor Faber, âld Frjentsjerter. Hy seach dat ik de kapasiteiten hie foar de wittenskip. Ik wie ek ien fan de earste studinten dy’t nei it bûtenlân gie.’

Unfoarstelber drok

Professor Breimer is beneamd ta rector magnificus oant 8 febrewaris 2007. Hy wurdt dan 63 jier en hâldt op mei syn aktive karriêre. Hy wol net werom as heechlearaar, mar stilsitte sil der fuortendaliks ek wol net fan komme. ‘Ik ha myn frou tasein it dan wat rêstiger oan te dwaan. Ik ha it op dit stuit ûnfoarstelber drok, bin hast gjin jûn thús en moat faak op reis. Ik hâldt de ûntwikkelingen op myn eigen fakgebiet ek noch goed by, sa gean ik bygelyks twa kear yn ’t jier nei in ynternasjonaal kongres op it mêd fan de farmasy. At ik gjin rektor mear bin sil ik noch wol aktyf wêze as adviseur of mei kommissariaten’

Breimer wennet yn Oegstgeest en hat gjin plannen om, as er klear is mei syn wurk, wer nei Fryslân te ferhúzjen. ‘Fryslân jout my noch altyd in gefoel fan “thúskommen”. Mar om der te wenjen, dat lûkt my net sa. Ik bin tefolle wend oan de dynamyk hjir yn it westen en soe dat net goed mear misse kinne. Ik hâld fan kultuer, gean faak mei myn dochters nei de opera yn Amsterdam en fierders wenje wy hjir tichtby Den Haach en Rotterdam dêr’t ek fan alles te belibjen is op it mêd fan de kultuer. Yn Fryslân lizze myn woartels en dat bliuwt. Alles wat ik hjir doch, doch ik faak út namme fan myn funksje en dan bin ik altyd professor Breimer, yn Fryslân wurd ik net oansprutsen op myn funksje en bin ik gewoan Douwe Breimer, dat hat wat gemoedliks’.

 

KADER

 

Neffens in ûndersyk fan it Ministearje fan Underwiis dat okkerdeis útkaam is, soe Leiden ien fan de minst goeie universiteiten fan ús lân wêze. It rapport waard grut útmjitten yn de lannelike media en der ferskynden dan ek koppen as ‘Leiden slechtste universiteit’. Yn Leiden binne se fansels bot skrokken fan dit nijs, mar nei de earste skrik is fuortendaliks de oanfal socht. Neffens it Kolleezje fan Bestjoer van de universiteit stroke de konklúzjes fan dit rapport folslein net mei konklúzjes fan in rapport dat earder dit jier troch itselde ministearje útbrocht is. Dêryn kaam Leiden krekt hiel goed út de bus. Fierder soe der net nei alle stúdzjes sjoen wêze en bin der ferkearde ferlikings makke. De Leidske studinten binne it ek net iens mei de konklúzjes fan it rapport. Guon stúdzjes soene better kinne, mar oer it generaal binne se hiel tefreden mei de lessen dy’t se krije. Douwe Breimer is lulk oer it rapport dat ferskynd is en hat dat it ministearje ek witte litten. De Universiteit Leiden hat in advertinsjekampanje opset yn lannelike en regionale kranten. En fierder kin op de website www.allefeiten.nl besjoen wurde hoe’t it der werklik foarstiet mei de kwaliteit fan de Leidske universiteit.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 3 (2004) 10 (desimber) s. 2-6.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels