fotografy: Robea Kleisma

In lyts taalmystearje op in terras

HENK WOLF – 

Okkerdeis siet ik op in terras te lêzen. Oan in taffeltsje deunby sieten fjouwer jonge froulju. Se hienen it drok praten en it petear makke my nijsgjirrich troch de talen dy’t se brûkten.

 

It ferwûndere my dat ik dat net earder foar it ferstân krigen hie. Ik frege my ôf hoe’t dat kaam.

 

It petear wie begûn yn it Nederlânsk. Dat praten se alle fjouwer goed, mar it wie dúdlik dat it foar trije fan ‘e fjouwer net de memmetaal wie. Se bestelden har drankjes yn it Nederlânsk en doe’t de ober by it bringen spontaan yn it Ingelsk fan ein gong, antwurden se yn it Nederlânsk.

Ien fan ‘e fjouwer hie neffens my Amerikaansk Ingelsk as earste taal. Sy sei út en troch wat yn dy taal en krige der dan ek antwurd yn. Fierder tocht ik dat ik twa Romaanske talen hearde. De Nederlânske en it tredde frommeske praten meast Spaansk. De fjirde frou prate in taal dy’t it hele selskip blykber goed ferstie. Ik koe ek wol sawat neikomme wat se sei, mar ik koe foar de weareld net útmeitsje wat foar taal oft se no prate. Earst tocht ik fan Italjaansk, doe Portugeesk, doe gokte ik dat it faaks Galisysk of in oare regionale taal út Spanje wie.

Pas nei in goed oere krong it ta my troch dat se al dy tiid Spaansk praat hie. Yn heech tempo, flot, mar ûnfolslein en mei in sterk net-Spaansk aksint. Italjaansk, gokte ik.

It ferwûndere my dat ik dat net earder foar it ferstân krigen hie. Ik frege my ôf hoe’t dat kaam. Nei alle gedachten hie ik my troch de snelheid en de skynbere muoiteleazens fan it praten foar de gek hâlde litten. Ik tocht dêrtroch dat se har memmetaal prate. Mar der wie noch wat. Hoewol’t ik fansels wol wit dat it Spaansk ek yn it ynternasjonale ferkear in wichtige ferkearstaal is, kom ik mar selden situaasjes tsjin dat dy taal ek wier sa brûkt wurdt. As ik ris Spaansk hear, dan is dat meastal út de mûle fan Spaansktaligen of fan Nederlanners dy’t mei Spaansktaligen prate. Kom ik meartalige groepen tsjin dy’t foar ien gesprekstaal keazen ha, dan is dat meastentiids Nederlânsk of Ingelsk, en soms Dútsk. It idee dat in Italjaanske yn Nederlân derfoar kieze koe om mei in Nederlânske en in Amerikaanske (en noch in tredde persoan) Spaansk te praten, kaam gewoan net by my op.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.